Otello
, yn it oarspronklike
Ingelsk
:
Othello
, ek wol bekend as
Otello, de Moar fan Feneesje
(
Othello, the Moor of Venice
), en folut eins:
The Tragedy of Othello, the Moor of Venice
, is in
toanielstik
fan 'e han fan 'e wiidferneamde
Ingelske
skriuwer
en
dichter
William Shakespeare
. It wurdt beskoge as ien fan syn fiif grutte
trageedzjes
, en is basearre op
Un Capitano Moro
("In Moarske Kaptein"), in
koart ferhaal
fan 'e
Italjaanske
skriuwer
Cintio
, dat foar it earst publisearre waard yn
1565
.
Otello
ferhellet fan 'e
Moarske
legeroerste mei deselde namme dy't yn 'e tsjinst stiet fan 'e republyk
Feneesje
. Yn it stik komme tema's as leafde,
rasisme
, oergeunstigens en ferrie oan 'e oarder, en it is noch altyd ien fan 'e meast opfierde fan Shakespeare syn toanielstikken. Nei alle gedachten is
Otello
skreaun yn
1603
of deromtrint (de ierst oerlevere oanhelling datearret fan
1604
), en it waard foar it earst utjun yn
1622
. De
Fryske
oersetting fan
Douwe Kalma
ferskynde yn
1969
.
Otello
iepenet as Roderigo, in
aadlike
trochbringer, tsjin 'e ofsier Iago klaget dat de senatorsdochter Desdemoana, op wa't hy in eachje hie, temuk troud is mei Otello, in Moarske legeroerste yn Fenesiaanske tsjinst. Iago hat sels ek it grou op Otello, mei't dy in oare ofsier, Michael Cassio, in promoasje jun hat werfan't hy mient dat dy him takaam. Boppedat leaut er (of seit er alteast dat er leaut) dat Otello him beduvelet mei syn frou Emilia. Hy bepraat Roderigo om dyseldichste nachts noch nei Desdemoana har heit Brabantio ta en him te fertellen oer it geheime houlik fan syn dochter. Underwilens glupt er sels nei Otello ta om dy te warskogjen dat Brabantio untdutsen hat dat er syn dochter skaakt hat.
Ear't Brabantio Otello berikke kin, arrivearret yn Feneesje it nijs dat de
Osmaanske Turken
fan doel binne en feroverje
Syprus
, wat in Fenesiaanske besitting is. Sadwaande wurdt Otello untbean om it regear te advisearjen. Wylst dy gearkomste oan 'e gong is, komt Brabantio deryn en beskuldiget Otello derfan dat er syn dochter Desdemoana mei
hekserij
ferlaat hat. Yn it bywezen fan 'e hartoch fan Feneesje en in stikmannich oare pommeranten ferdigenet Otello himsels lykwols troch ut te lizzen dat it fanke fereale op him wurden is fanwegen syn ferhalen oer syn wapenfeiten op it slachfjild. De oanwezigen binne tefredenernoch mei dy utlis, mar foar't er him ofjout, ropt Brabantio ut dat Desdemoana Otello ferriede sil. Op oanstean fan 'e hartoch set Otello halje-trawalje of nei Syprus, om dere it befel oer de Fenesiaanske troepen op him te nimmen. Yn syn gefolch binne u.m. Iago, Cassio en Desdemoana, mei Iago syn frou Emilia as har selskipsdame.
Op Syprus oankommen, docht bliken dat de Osmaanske float yn in stoarm fergien is. Otello jout derop befel ta in grut feest. Underwilens makket Iago der gebruk fan dat Otello mei oare dingen besteld is, troch de houtenhammersliper Roderigo, dy't Desdemoana nei Syprus ta folge is, oer te heljen om in fjochtpartij mei Cassio te begjinnen. Dat kriget er foarinoar troch Cassio, dy't him tafertroud hat dat er net oer drank kin, dronken te fieren, sadat er opsternaat wurdt. It gefjocht driget ut 'e klauwen te rinnen, en Otello moat eigenhandich yngripe. Hy haldt Cassio ferantwurdlik foar it trelit, en nimt him syn ofsiersrang of. Cassio is der alhiel ferbuke oer, mar Iago bepraat him om te besykjen en win syn rang werom troch Desdemoana te freegjen om by Otello foar him yn it pleit te gean.
Tagelyk soarget Iago lykwols dat Otello begjint te fermoedzjen dat Desdemoana him mei Cassio bedraacht. Yn wurklikheid is Cassio in relaasje begun mei in oare frou, Bianca. As Desdemoana by fersin in busdoekje ferliest dat Otello syn earste geskink oan har wie (en der't er Iago oer ferteld hat hoe'n grutte symboalyske wearde oft dat foar him hat op it med fan harren relaasje), wurdt dat stellen troch Emilia, op fersyk fan Iago, dy't har lykwols net ferteld hat wat er dermei fan doel is. Iago ferstoppet it yn Cassio syn keamer en brukt it letter om oan Otello te bewizen dat Cassio en Desdemoana wat mei-inoar hawwe. Derop freget er Otello om him ta te stean en underfreegje Cassio. Hy soarget dan dat Cassio fertelt oer syn relaasje mei Bianca, mar sprekt har namme hieltyd sa seft ut, dat Otello, dy't it spul fan in ofstantsje folget, dat net ferstean kin en ynstee mient dat Cassio it oer syn relaasje mei Desdemoana hat. Otello rekket alhiel breinroer fan lulkens en oergeunstigens en nimt him foar om Desdemoana dea te dwaan, wylst er Iago freget om Cassio foar him te fermoardzjen. Hy giet nei hus ta en wierret syn razernij ut op Desdemoana troch har yn it bywezen fan guon Fenesiaanske pommeranten te slaan. Desdemoana, dy't har fan 'e prins gjin kwea wit, beklaget har unk en lijen mei in liet oer ferrie dat se fan 'e faam fan har mem leard hat.
Underwilens hellet Iago Roderigo oer om foar him it smoarge wurk op te knappen en Cassio te fermoardzjen. Roderigo falt Cassio op 'e strjitte oan, en yn it gefjocht reitsje se allebeide ferwune. Foarbygongers arrivearje om 'e beide mannen te helpen, en Iago jout him by harren. Om derfoar te soargjen dat nimmen ea efter de wierheid komme sil, rommet er Roderigo temuk mei in messtek ut 'e wei. Dy nachts konfrontearret Otello Desdemoana mei har understelde untrou en smoart har dan mei in kjessen. As Emilia deryn komt, besiket er syn die te behimmeljen troch Desdemoana har sabeare relaasje mei Cassio oan it ljocht te bringen. Emilia ropt de autoriteiten derby, en de Fenesiaanske guverneur fan Syprus ferskynt yn eigen persoan. Iago, Cassio en Emilia lizze de sitewaasje oan him ut. As Otello mei it ferhaal fan it busdoekje op 'e lapen komt, beseft Emilia einlings wat der geande is, en jout se Iago oan, werop't dy har ut wraak gau deastekt. Otello, dy't no, te let, begrypt dat Desdemoana unskuldich wie, stekt dan Iago del, mar ferwunet him mei sin net deadlik, mei't er, sa seit er, leaver hat dat er de rest fan syn libben yn pine trochbringe moat. Iago wegeret wat oer syn motiven te sizzen. Der wurdt besletten dat sawol Iago as Otello arrestearre wurde moatte, mar foar't se beide offierd wurde kinne, docht Otello himsels dea ut berou oer de moard op syn frou, mei in mes dat er foar de arrestaasje under syn klean ferburgen hie. It stik einiget as oer Iago it deafunis utsprutsen wurdt.
By it skriuwen fan
Otello
line Shakespeare swier op it
koarte ferhaal
Un Capitano Moro
("In Moarske Kaptein"), ut 'e ferhalebondel
Gli Hecatommithi
, ut
1565
, fan 'e
Italjaanske
skriuwer Giovanni Battista Giraldi (
1504
-
1573
), dy't bekend wurden is under syn oannommen namme
Cintio
. Mei't der doedestiden gjin
Ingelske
oersetting fan beskikber wie, en
Otello
op plakken better it orizjineel fan it ferhaal wjergalmet as dat de
Franske
fertaling fan
Gabriel Chappuy
, ut
1584
, docht, basearre Shakespeare him nei alle gedachten op 'e
Italjaansktalige
ferzje. Derby moat oantekene wurde dat Cintio inkeld de namme fan Desdemoana brukt; de oare personaazjes tsjut er oan as de Moar (Otello), de eskadronsoanfierder (Cassio), de faandrich (Iago) en de faandrich syn frou (Emilia). De measte nammen yn
Otello
binne dus Shakespeare syn optinksels.
Fierders wykt
Otello
fan
Un Capitano Moro
of troch de tafoeging fan guon minder wichtige personaazjes (benammen Brabantio en Roderigo), trochdat Emilia by de tsjeafte fan it busdoekje belutsen is (dat by Cintio net sa is) en dat se deade wurdt as se Iago syn yntriizjes oan it ljocht bringt (wylst se it yn
Un Capitano Moro
oerlibbet). It grutste ferskil is lykwols dat by Cintio Desdemoana deaslein wurdt mei in sok dy't fol san dien is, wylst Shakespeare har smoare lit mei in kjessen. Yn
Un Capitano Moro
litte Otello en Iago nei har dea de soudering fan har keamer ynstoarte, sadat har dea in ungemak liket, en komt de moard pas oan it ljocht as Iago Otello neitiid ferriedt. Otello wegeret dan om skuld te bekennen en wurdt ut Feneesje ferballe, mar Desdemoana har famyljeleden sette him efternei en fermoardzje him. Iago syn belutsenens by de moard komt nea ut, mar hy rint foar oare fergripen tsjin 'e lampe en stjert as er troch de autoriteiten op 'e martelbank pleatst wurdt. Cintio jout as moraal by syn ferhaal (dy't er ta utering bringt troch him Desdemoana yn 'e mule te lizzen) de
rasistyske
warskoging dat
Jeropeeske
froulju ek net mei manlju ut oare wralddielen trouwe moatte, mei't der allinne mar bargebiten fan komme kin.
Hoewol't men derfan utgiet dat Shakespeare syn personaazje Otello fierhinne basearre op Cintio syn Moar, wurdt ek wol tocht dat er foar in part ek de leden fan guon
Marokkaanske
(Moarske) delegaasjes nei it hof fan 'e Ingelske keninginne
Elizabeth I
as model naam. Mei't Cintio neat oer it plak fan hanneling fan syn ferhaal skreau, moat Shakespeare him foar syn kennis fan Feneesje en Syprus ferlitten hawwe op
The Commonwealth and Government of Venice
, in Ingelske fertaling ut
1599
fan
Lewes Lewkenor
fan in orizjinele tekst fan 'e Italjaan
Gasparo Contarini
.
Otello
waard under de titel
Othello, de Moar fan Veneesje
yn it
Frysk
oerset troch
Douwe Kalma
. Yn
1969
waard it publisearre troch de
Fryske Shakespeare Stifting
te
Drachten
, as underdiel fan harren
omnibusutjefte
Shakespeare's Wurk Dl. VII
, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare trageedzjes, lykas
Antonius en Kleopatra
,
Kening Lear
en
Macbeth
.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Shakespeare, William
,
Shakespeare's Wurk Dl. VII: Trageedzjes: Othello, de Moar fan Veneesje, Kening Lear, Macbeth, Timon fan Athene, Antonius en Cleopatra
, Drachten, 1969 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.
Foar sekundere boarnen en oare literatuer, sjoch under:
References
, op dizze side
.
|