Karel V
(
Gint
,
24 febrewaris
1500
?
San Yuste
,
21 septimber
1558
), foar syn mulichferklearring
Karel fan Luksemburch
neamd, ut it
Hus Habsburch
, wie sunt
1506
foarst fan de measte
Nederlanske gewesten
, fan
1516
oant
1556
as
Karel I
kening fan
Spanje
en fan
1519
oant
1556
as
Karel V
keizer fan it
Hillige Roomske Ryk
, yn de Nederlannen algemien bekend as
Keizer Karel
.
Karel wie de soan fan
Filips de Skiene
en
Jehanna fan Kastylje
, dy't de skiednis yngean soe as Johanna de Dwylsinnige. Hy waard grutbrocht yn de Nederlannen troch syn muoike
Margareta fan Eastenryk
en syn tutor, Adriaan fan Utert, de lettere
Paus Adrianus VI
. Yn
1506
, doe't syn heit
Filips de Moaie
stoar, erfde hy de Nederlannen en it Frijgreefskip Bourgonje (
Franche Comte
). Syn pake
Maksimiliaan I
soe oant
1515
it regintskip waarnimme foar de minderjierrige Karel.
Omdat Maksimiliaan it drok hie mei syn oare regearingstaken en militere kampanjes, beneamde hy syn dochter
Margareta fan Eastenryk
ta
lanfadesse
fan de Nederlannen, in funksje dy't ek under Karel en syn opfolgers bestean bleaun.
Margareta residearre yn
Mechelen
en bestjoerde fan derut de Nederlannen en makke fan de sted de haadsted fan de destiidske Nederlannen.
As soan fan
Johanna de Dwylsinnige
makke Karel ek oanspraak op de Spaanske troan. Nei de dea fan syn beppe
Isabella fan Kastylje
kaam syn mem, troch it iere ferstjerren fan har aldere broer en suster, op de
Kastyljaanske
troan terjochte. Johanna lijde lykwols bot under it ferlies fan har man. Har heit,
Ferdinand V fan Aragon
, soe har ek gek ferklearje litte sadat hysels de fadij oer de jonge kroanprins waarnimme koe en it regintskip foar de Kastyljaanske troan opnimme koe.
Nei de dea fan Ferdinand yn
1516
erfde Karel
Kastylje
,
Arragon
,
Navarra
,
Granada
,
Napels
,
Sardynje
,
Sisylje
en de
Spaanske koloanjes
. Karel waard yn de
Brusselske
Sint Goedeletsjerke
utroppen ta Kening fan
Spanje
en gie doe oer dat lan regearjen as kening Karel I.
Doe't ek syn oare pake,
Maksimiliaan I fan Eastenryk
, yn
1519
stoar, folge Karel him op als
aartshartoch
fan de
Eastenrykske
erflannen en Keizer fan it
Hillige Roomske Ryk
. De keizerskroan hat him in slompe jild koste.
Karel V wie troud mei
Isabella fan Portugal
fan
1526
oant har dea yn
1539
. Hja krigen ien soan,
Filips II
, en twa dochters,
Johanna
en
Maria
dy't mei har neef
Maksimiliaan
troude. Karel V is ek bekend troch syn omslaan mei oare froulju. Hoefolle minnaressen hy hie is net bekend, mar it oantal soe ofgryslik west ha. Twa spilen in wichtige rol, omdat se it libben skonken oan twa lettere lanfaden, beide bastertbern fan Karel V:
Karel V hie as doel om de
Nederlannen
om te foarmjen ta ien steat. Mei de
Frede fan Kamerijk
(1529) befrijde hy
Flaanderen
en
Arteezje
fan harren lienferban mei de Franske kening, op dat momint
Frans I
. Mei de ferovering fan
Gelre
(
1543
) foltoge hy de ienmakking fan de Nederlannen. Mei de
Transaksje fan Augsburch
(
1548
) ferswakke hy it lienferban fan de Nederlanske gebieten (de
Santjin Provinsjes
) tsjinoer de keizer fan it
Hillige Roomske Ryk
. Hy foltoge syn stribjen mei de
Pragmatike Sanksje
(
1549
), in amendemint yn it famyljerjocht fan de
Habsburgers
dat ynhold dat de
Nederlannen
hieltyd ien en unferdield oererfd wurde soenen.
Doe't Karel yn
Spanje
kaam, oardel jier neidat hy yn
Brussel
ta kening fan Spanje kroane wie, waard hy daliks konfrontearre mei de
opstan fan de Komunidades
(
1520
-
1521
), dy't hy muoisum underdrukte. Under it bewald fan Karel V wie der in relative frede tusken de Spaanske keninkriken. Syn belied wie der benammen op rjochte de liedende stannen ta freon te halden.
Oant syn troansofstan yn 1556 bleaun hy mar koart yn syn Spaanske gebieten. Wol joech hy under syn houliksreis yn
1527
de opdracht it renessansistyske
Paleis fan Karel V
te bouwen yn it doe al beroemde
Alhambra
yn
Granada
.
Trije dagen nei syn troansofstan reizge Karel V oer
Flissingen
nei
San Yuste
yn
Ekstremadura
, de earme streek yn it westen fan Spanje tsjin de Portugeeske grins. Yn in paleiske njonken it kleaster
San Jeronimo
luts hy him werom. Der stoar hy op
21 septimber
1558
en waard steande begroeven yn in krypte under it alter fan it kleaster.
Karel soe, om syn ryk bestjoere te kinnen, in sintralisaasjepolityk fiere nei Bourgondysk model. Hy makke derfoar gebruk fan de
Kollaterale Rieden
. Dizze bestienen ut in
Ried fan Steat
(
Hofried
yn
Bourgonje
), in advysorgaan en gearstald ut leden fan de hege adel. Foar it finansjeel behear werfoarme hy de
Rekkenkeamer
om ta in
Finansjele Ried
. As leste rjochte hy in
Geheime Ried
op, dy't ynstie foar de rjochterlike macht. Underhearrich deroan wie de
Grutte Ried fan Mechelen
dy't de rjochterlike macht yn de Nederlannen fersjintwurdige.
Yn
1515
helle
Frans I fan Frankryk
in grutte oerwinning yn de slach fan
Marignano
tsjin Milaan, dat tabehearde oan
Ferdinand V fan Aragon
. Yn
1516
lei hy Karel V, dy't underwilens Ferdinand opfolge wie, de
Frede fan Noyon
(
1516
) op. Dernei smeide Karel in koalysje mei de Paus (
Leo X
) en de kening fan
Ingelan
(
Hindrik VIII
). Yn de oarloch dernei (
1521
-
1526
) waard
Frans I
yn de
slach by Pavia
finzennommen. Karel V twong him om de
Frede fan Madrid
(
1526
) oan te nimmen, weryn't Frans I al syn oanspraken op
Noard-Itaalje
opjoech. Hast fuortendaliks untstie der in nij bunsgenoatskip, wer't Frans I de spille fan wie, besteande ut de
Ottomaanske
sultan (
Suleiman I
de Grutte),
Hindrik VIII
, en Paus
Klemens VII
.
Karel fersloech earst de swakste fan syn tsjinstanners, de Paus. Yn
1527
plonderen syn troepen
Rome
(
Sacco di Roma
). Dernei waard it troch de pest ferswakke Franske leger ferslein foar de poarten fan
Napels
. Doe sleat Karel V op 'en nij in fredesferdrach mei Frankryk, de
Damesfrede fan Kamerijk
(1529), dat de bepalingen fan it Ferdrach fan Madrid befestige.
Klemens VII
waard ferplichte Karel ta keizer te kroanen (
Bologna
,
1530
), de leste keizerkroaning troch in paus yn de skiednis.
De
Ottomanen
, under lieding fan sultan Suleiman I de Grutte, belegeren twaris
Wenen
, yn
1529
en
1532
. De Ottomaansk-Franske koalysje soarge derfoar dat Karel ferplichte waard oarloch te fieren op ferskillende fronten. Dochs slagge hy der yn, al wie it muoisum, de Ottomanen of te slaan. Wannear't de
Ottomaanske
sultan yn
1529
Algiers
en yn
1533
Tunis
ferovere soe de feilichheid fan de skipfeart op de
Middellanske See
yn gefaar komme. De
Ottomanen
plonderen meardere kearen de Italjaanske en Spaanske kusten. Karel werstelde de rest op de
Middellanske See
troch yn
1535
Tunis
te weroverjen.
Yn de tiid fan it keizerskip fan Karel V waard it
Hillige Roomske Ryk
ferdield troch godstsjinsttwisten. Yn
1531
ferienigen de protestantske ryksfoarsten har yn it
Schmalkaldysk Ferbun
. Om
1540
hinne makke de mearderheid fan de ryksfoarsten diel ut fan dit ferbun. Karel V hat hietiten stribbe nei fersoening tusken beide groepen. Hy rop ferskate ryksdagen by inoar om it konflikt op te lossen. Yn
Augsburch
yn
1530
besocht hy de kristlike ienheid te werstellen troch te wizen op it Ottomaanske gefaar en inkele herfoarmingen ut te fieren binnen de Tsjerke. Karel V, dy't under ynfloed fan
Erasmus
stie, wie ree foar tajouwings oan de
protestanten
.
Melanchthon
kaam nei foaren as lieder fan it
Schmalkaldysk ferbun
. De
Augsburchske Konfesje
, de leauwensbelidenis dy't
Melanchthon
de ryksdei foarlei waard fersmiten. Ek de Ryksdei yn
Regensburch
(
1541
) slagge der net yn de ienheid werom te bringen.
Yn
1546
, op 'en nij yn
Regensburch
, wie de stimming fijanniger. It
Schmalkaldysk Ferbun
ferklearre de bepalingen fan it
konsylje fan Trente
mei gewelt te bestriden.
Yn de
Schmalkaldyske Oarloch
(1546-1552) helle Karel V in oerwinning op de
protestanten
by
Muhlberg
. Hy wie myld foar de ferliezers en liet de lieders fan it ferset frijut gean. Wannear't
Frankryk
him yn de oarloch mingt troch mei stipe fan de protestantske ryksfoarsten de prinsbisdommen
Metz
,
Toul
en
Ferdun
te besetten yn de saneamde
Prinsenopstan
, sjocht Karel him twongen de
frede fan Passau
(
1552
) te undertekenjen en joech hy syn krewearjen om de godtsjinstienheid binnen syn ryk op. Yn
1555
waard de frede wersteld troch de
Godstsjinstfrede fan Augsburch
. De ryksfoarsten wienen frij om de religy fan harren kar op te lizzen oan harren underdienen:
cuius regio, eius religio
. De underdienen krigen gjin godstsjinstfrijheid.
Karel V seach de
Godstsjinstfrede fan Augsburch
as in persoanlike nederlaach. Teloarsteld en ynein troch it wurchsume bestjoer luts hie him werom ut it regearingswurk. Yn
1555
stie hy de
Nederlannen
en
Franche-Comte
of oan syn soan
Filips II
, dy't yn
1556
ek de Spaanske gebieten erve. De keizerskroan en de Eastenrykske erflannen stie hy yn
1556
of oan syn broer
Ferdinand I
. Karels wraldryk waard sunt dy tiid ferdield tusken in Spaanske en Eastenrykske staach fan it Habsburchske skaai.
Ruchwei omfieme dit ryk de
Nederlannen
,
Spanje
,
Eastenryk
,
Tsjechje
en inkele Italjaanske steaten. Feitlik gie it om in
personele uny
fan tsientallen titels. Hjir komme noch de oerseeske koloanjes fan
Spanje
by, wat de faam joech dat it in
ryk wie wer't de sinne nea under gie
. De bykommende titel fan Keizer fan it Hillige Roomske Ryk wie earder in symboalyske titel, dy't dochs in net oansjenlik gesach utstriele. (Yn it kaartsje binne de oerseeske gebieten net werjun).