Wikipedy : Stikken skriuwe yn Wikipedia-styl

Ut Wikipedy

Regels [ boarne bewurkje ]

Foar it skriuwen en oanfoljen fan artikels yn 'e Wikipedy binne eins mar fjouwer echte regels:

  • De stikken moatte sa objektyf mooglik weze.
  • Der meie gjin teksten of byldmateriaal oernommen wurde dy't under it auteursrjocht falle.
  • De teksten binne skreaun yn geef Frysk (mei romte foar gongbere dialektfarianten).
  • De algemiene rjochtlinen fan Wikipedia jilde ek op de Fryske Wikipedia.

Lingte en opbou [ boarne bewurkje ]

Lingte [ boarne bewurkje ]

In nij artikel hoecht net perfoarst in hiel lang ferhaal te wurden. Jo meie ek lyts begjinne. Lytse artikelen wurde gauris utwreide en oanpast troch oaren. Dat wol fansels net sizze dat nije stikken net wiidweidich weze meie - krekt oarsom!

Opbou [ boarne bewurkje ]

Titel

  • Is de titel net langer as ien wurd? Bruk dan as it heal kin de ientalsfoarm fan it haadwurd :
    • Giet de side oer it tennisjen, dan bruke wy net it tiidwurd 'tennisje' mar it haadwurd 'tennis'.
    • Is der gjin haadwurdfoarm dy't by it tiidwurd past, dan wurdt de doelfoarm fan it tiidwurd brukt. Fan it tiidwurd 'fierljeppe' wurdt de doelfoarm foar de titel brukt, dus dy wurdt yn dat gefal 'fierljeppen'.
  • Is de titel wol langer as ien wurd? Hald de titel dan sa koart as mooglik.

Tekst
Alle artikelen begjinne mei in ynlieding:

  • Beskriuw yn de earste sin(nen) de essinsje fan it artikel en meitsje it underwerp (dat faak net ofwykt fan it artikel) fet. Dat dochst troch trije oanhellingstekens foar en nei it underwerp te skriuwen.
  • Pas de ynlieding oan de lingte fan it artikel oan. De ynlieding jout ommers in priuwke fan de rest fan it artikel.

Nei de ynlieding komt de kearn fan it artikel:

  • De ferskillende dielmeden binnen in artikel wurde mei saneamde 'subtitels' fan elkoar skieden.
  • Struktearje de ynformaasje neffens ensyklopedyske konvinsjes. Sjoch ek nei besteande artikelen en wurkje foar safier't it kin yn 'e geast fan lykfoarmigens. De measte biografyske of geografyske artikelen hawwe faak in lyksoartige opbou.

Ferriking
Lykas yn papieren ensyklopedyen kinne artikelen op Wikipedia ferdudlike wurde mei:

  • Fideo's of foto's fan Wikimedia Commons
  • Bytiden binne tabellen oersichtliker as in lange tekst mei opsommingen.
  • Ynformaasjeboksen (ofkoarte: ynfoboksen ) jouwe yn ien oersicht de wichtichste ynformaasje oer bygelyks in persoan, sportteam, lan of sted.
  • Meitsje ynterne ferwizingen nei oare artikelen. Sa kin de lezer maklik trochklikke om in nij artikel te iepenjen.

Ein
Oan 'e ein fan in artikel kin men rekken halde mei:

  • Foegje by skriuwers en muzikanten in bibliografy ta.
  • Is der mear literatuer oer it underwerp te finen? Skriuw dan fuort nei de kearn fan it artikel blok mei literatuer .
  • It is winsklik om boarnen te bruken. Bygelyks by ynwennertallen, sitaten of parafrasen is it altyd fan belang om de boarne fan dy ynformaasje oan te jaan. Underoan it artikel wurde de boarnen yn ien oersicht neamd.
  • Ynternetferwizingen steane under de subtitel Keppeling om utens . Derunder steane ek ferwizingen nei oare Wikidia projekten.
  • Hielendal underoan it artikel jout de skriuwer ien of mear kategoryen oan. Kategoryen jouwe struktuer oan de Wikipedia en sa kin ynformaasje maklik weromfun wurde.

Skriuwtips [ boarne bewurkje ]

Skriuwdoel en doelgroep
In meiwurker fan Wikipedia hoecht net nei te tinken oer it skriuwdoel en de doelgroep. Wikipedia jout ensyklopedyske ynformaasje en dy moat foar elkenien tagonklik weze. Der is gjin minimumleeftyd, mar wy geane der wol fanut dat de lytsere bern gjin doelgroep binne.

Tarieding
In logyske opbou en gearhingjende tekstblokken (alinea's) meitsje in tekst lesber. In tekstplan mei deryn in oersicht fan alle dielmeden (subtitels) en in koarte beskriuwing fan de alinea's kin helpe.

Aktive en passive sinnen
Ensyklopedyske teksten wurde faak yn 'e doetiid skreaun. Derom wurdt de skriuwer faak twongen om passive sinnen te bruken. Lykwols kin de doetiid ek mei aktive sinnen beskreaun wurde. Aktive sinnen binne meastal de helte dudliker as passive sinnen (sjoch foarbyld hjirunder).

Aktive sin Passive sin
Myn kollega hat al it wurk dien. Al it wurk is troch myn kollega dien.
De Ynterfryske Ried organisearre it kongres yn 1937. It kongres waard yn 1937 troch de Ynterfryske Ried organisearre.

Ta de kearn
In sin kin dreech wurde as:

  1. De skriuwer net ta de kearn komme kin.
  2. De kearn fan de meidieling hielendal achteroan stiet.
Dudlike kearn Mei omballingen
Einum hat 25.000 ynwenners (2024) op 34 km². Yn 2024 wennen der 25.000 minsken yn Einum dy't op in oerflakte fan 34 km² wennen.
Yn de understeande tabel steane de histoaryske ynwennertallen fan de gemeente Ljouwert. De histoaryske ynwennertallen fan de gemeente Ljouwert steane yn de understeande tabel.

Oerstallige wurden en teksten
Ensyklopedyske teksten jouwe gjin romte foar frije ynterpretaasje. De skriuwer moat to the point komme. Eigenskipswurden lykas 'heechweardich' en 'dynamysk' binne populer, mar sizze meastal net safolle. Haadwurden as 'spanningsfjild' en 'feroaringsproses' sizze op himsels ek net folle.

Elkenien kin ynhaldsleaze gjalpen betinke en saakkundich oerkomme. De understeande gjalpspuier kin foar dat doel brukt wurde. Nim in wurd ut kolom 1, plak dat oan in wurd ut kolom 2 en plak dy wer oan in haadwurd ut kolom 3. Ferjit net in -e ta te heakjen as dat nedich is.

Kolom 1 Kolom 2 Kolom 3
heechweardich relasjoneel ynformaasje
systematysk organisatoarysk spanningsfjild
normatyf burokratysk feroaringsproses
dynamysk neutraal notysje
struktureel solide fyzje
funksjoneel pragmatysk kommunikaasjedoel
multydisipliner technologysk untwikkeling

Pleonasmen
Pleonasmen as 'de wite snie' en 'it wiete wetter' sille de measte minsken noch wol opfalle. Yn Frysktalige teksten komme ek formulearringen foar dy't minder gau opfalle.

Pleonasme Korreksje
... in protte modellen. Sa binne der bygelyks ... ... in protte modellen, bygelyks ...
of
... in protte modellen. Sa binne der ...

Gearwurking [ boarne bewurkje ]

In artikel dat jo foar de Wikipedy skriuwe, jouwe jo om samar te sizzen yn 'e hannen fan 'e hiele Wikipediamienskip. It is net langer jowes allinnich, mei't elk dermei dwaan kin sa't him goedtinkt. It wizigjen, oanfoljen, korrizjearjen en kopiearjen fan stikken is krekt wer't de Wikipedy foar ornearre is. It is derom wichtich dat jo net al te bot oan jo eigen tekst hingje. It is oars net it doel dat oaren samar grutte stikken tekst fuorthelje of der apekoal foar yn 't plak sette. It is wizansje om by grutte wizigingen earst mei de oare auteurs oer te lizzen op de oerlisside. Wizigingen kinne oars altyd maklik wer fuorthelle wurde.

Hoe't in artikel stal kriget, beskiedt ta in hichte hoe't oaren dermei omgeane; in goed formulearre, koart stik sil gauris oaren fertokje en skriuw in oanfolling, wylst in stik mei in soad ferwizingen nei oare artikels oaren stimulearje sil om dy artikels te skriuwen of ut te wreidzjen. Guon Wikipedylju meie graach ferwizingen meitsje nei net-besteande artikels, dy't in oar dan skriuwe kin, oaren skriuwe sokke stikken sels of meitsje leafst oanfollingen. Elk syn meuch, wat dat oangiet.

Guon artikels lizze minsken sa nei oan 't hert dat se iensidich wurde of minder objektyf as moatte soe. Gearwurking yn oerlis is dan belangryk, wol de ynhald der op 't lest net under lije.

Mandeguod (copyright) [ boarne bewurkje ]

De teksten, printsjes ensfh. yn de Wikipedy en de oarstalige Wikipedia's binne mandeguod. Dat wol safolle sizze as dat elkenien de ynformaasje foar alles bruke mei en him feroarje mei sa't him goedtinkt (sjoch GNU/FDL ). Sadwaande mei men gjin saken yn 'e Wikipedy opnimme dy't under in foarm fan auteursrjocht falle. Stikken dy't jo foar in oar doel skreaun ha, kinne gauris hiel nijsgjirrich foar de Wikipedy weze. Wolle jo jo lykwols op jo auteursrjochten beroppe, dan moatte jo jo stik net yn 'e Wikipedy pleatse!

Oare frije ynformaasjeboarnen binne der planteit. Der kinne jo sunder beswier ut helje wat jo brek binne. Sjoch mar ris op Help:Gebruik van openbare bronnen (Wikipedia NL).


In nije side meitsje -- Ienfaldich begjinne -- Koart oersjoch -- Helpmiddels -- Dochs wat regels -- Keppelings om utens