Waadeilannen

Ut Wikipedy
De Waadeilannen.

De Waadeilannen lizze benoarden it festelan fan Nederlan en Dutslan en bewesten it festelan fan Dutslan en Denemark . Foar it meastepart lizze hja op de rane fan it Waad , en foarmje de grins fan de Noardsee mei de Waadsee . Yn it butenlan wurde se ornaris as Fryske eilannen oantsjut.

Untsteansskiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stiging fan de seespegel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de leste Iistiid , dy’t sawat 10.000 jier foar Kristus einige, lei de seespegel ungefear 60 meter under it hjoeddeiske nivo. Troch it ranen fan de iiskapen riisde de seespegel en oerspielde it wetter de foar it grutste part druchfallen Noardsee. De hjoeddeiske kustline waard ungefear 5.000 jier foar Kristus berikt. Troch eb- en floedwurking en oanfier fan rivieren waard in protte san nei de kust transportearre. Wetter en wyn heappe it san op by stiennen en efter begroeiing.

Der untstie in grutte en oanslutende rige dunen dy’t him utstrekte fan it tsjintwurdige Belgje oant de muning fan de Elbe , tichtby wer’t no Hamburch leit, mei allinnich iepenings foar de rivieren. Fan der moat in twadde dunerige nei it noarden run weze.

Om it begjin fan de jiertelling hinne fermindere de stiging fan de seespegel. De see hie lykwols al bressen slein yn de dunerige en it derefter lizzende legere lan omfoarme ta de waadflakte, al hie dy oan de festewal noch net de hjoeddeiske foarm. De hieltyd mar hinne-ende-wer geande tijstreamen slieten hjir slinken yn ut en sa untstienen de Waadeilannen.

Behald fan de kust [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De dunerige besuden de Waadsee wie ek bleatsteld oan de wurking fan it tij, mar de oare omstannichheden en it yngripen fan de minske kamen foar dat de protte stoarmfloeden de kust fan Hollan definityf feroaren yn losse eilannen mei in waadflakte derefter. In soad stoarmfloeden om 1200 hinne hiene wol ta gefolgen dat de noardlike kust fan West-Fryslan utinoar bruts yn fiif eilannen. Om 1600 hinne wienen de fjouwer oan de westkust al wer weromwun, mar Wieringen , sudeastlik fan Tessel, bleau oant yn de 20e iuw in eilan. Troch sommigen wurdt Wieringen derom by de Waadeilannen rekkene, al hat it eins in oare untsteansskiednis: it is in triuwwal ut de Riss-iistiid .

Benoarden de waadeilannen, yn Jutlan, hat de kustline him al in pear kear iepene en sletten, mar it is nea ta mear eilannen kaam.

Damen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Nederlan is der fan ien eilan in daam oanlein: de Amelanske Daam , yn 1872 op it doedestiidske wantij . De daam run al gau nei de oanlis safolle skea op dat al yn 1882 besletten waard om de daam op te jaan. De daam is sunt dy tiid hast hielendal fuortslein, al binne der, under oaren oan beide uteinen, noch restanten te finen.

Yn de noardlike Waadsee blykt it bouwen fan damen in stik ienfaldiger. Noardstran is no sasear mei diken oan de wal ferbun dat der eins gjin sprake mear is fan in eilan, en ek Nees , Olan , Nordstrandischmoor , Hamburger Hallig , Sylt en Romeach binne allegear oer in daam te berikken. Mandeach is sels sunder dam berikber, oer in tijdyk .

Untwikkeling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Type [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De gemiddelde weachhichte by Rottum is sawat 1 meter wylst it gemiddelde tijferskil mear as 2 meter is. Dat makket Nederlansk/Dutske waadkust it middeltype waadkust , mei lykwicht tussen tij en weagen, karakterisearre troch in soad (koarte) eilannen en in soad seegatten.

Kuierjen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Waadeilannen binne hieltiten yn beweging. De belangrykste beweging is it ‘kuierjen’: de west-east eilannen ferpleatse harren stadich mar seker fan west nei east. Oan de westkant ferdwine de measte eilannen stadichoan yn see en oan de eastkant untsteane der hieltyd gruttere sanbanken. It kuierjen is ek de oarsaak dat de measte doarpen oan de westkant fan harren eilan lizze. Doe’t se stifte waarden leinen se meastal middenop. Yn de rin fan de leste iuwen binne al in soad huzen en sels folsleine doarpen yn see ferdwun.

Heakfoarming [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De twadde beweging is de heakfoarming: by de seegatten lans untsteane heakfoarmige sanrichels, dy’t fan foarm feroarje mei it ferskowen fan de see-earm. Troch it oanwaaksen fan de heakken untsteane nije platen lykas de Noarder- en Suderheaks . Somtiden groeit sa’n plaat, untstean der’t in eilan weikuiere is, wer fest oan it eilan, wertroch it ferlerne gebiet weromwun wurdt.

Waadeilannen en platen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Njonken de eilannen lizze yn it waadgebiet sanplaten . It underskie rint net lykop mei de bewenning; guon unbewenne gebieten wurde al as eilannen beskoge, almeast op skiedkundige grun. Fierders wurde eilannen achte druch te bliuwe der't platen no en dan under de weagen ferdwinen. Yn 2003 waard de Kachelotplaat ta eilan ferklaat om't it foldie oan de eask dat minimaal 160 hektare by trochsneed heechwetter net mear troch de see oerspield waard.

Nederlan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Wikipedy hat ek in side Nederlanske waadeilannen .

  1. Noarderheaks
  2. De Richel
  3. It Gryn
  4. Rif
  5. De Kalkman
  6. Simenssan
  7. Rottumerplaat
  8. Rottumereach

(hielyd fan west nei east)

Bewenne [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It eardere eilan Wieringen leit yn de kop fan Noard-Hollan, tsjin de Ofslutdyk oan.

Unbewenne [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dutslan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

(Safolle mooglik fan west nei east en fan sud nei noard:)

Bewenne [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Unbewenne [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan ferskate waadeilannen yn Dutslan of, kinne boattochten makke wurde nei it rotseilantsje Helgolan dat 70 kilometer ut de kust leit yn de Dutske Bocht . Dat is gjin waadeilan, mar der binne sterke kulturele bannen mei it waadgebiet. Sa prate se der in dialekt fan it Noardfrysk .

Denemark [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

(Fan sud nei noard:)

Besuden Romeach lei yn de 20e iuw noch de iennige Deenske hallich, Jordsan , mar yn 1999 blykten de leste resten derfan ferdwun, en sunt is der allinnich in plaat oer.

Namme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Fryslan wurdt it begryp Waadeilan faak brukt foar de waadeilannen fan Nederlan. De eilannen wurdt faak sein foar allinnich de (bewenne) eilannen dy't ta de provinsje Fryslan hearre. Foar persizer underskie kin fansels sprutsen wurde fan Fryske , East-Fryske , Noard-Fryske , Nederlanske , Dutske en/of Deenske Waadeilannen.

Yn it utlan wurdt ornaris sprutsen fan Fryske Eilannen .