Thomas & Friends

Ut Wikipedy
It logo fan de searje
Echte stoomlokomotiven , utrist as Thomas, Henry en Duck.

Thomas & Friends of Thomas the Tank Engine , is in Britsk ` telefyzjeprogramma foar pjutten fan Britt Allcroft . De animaasjesearje is basearre op de boeken The Railway Series fan de Britske predikant Wilbert Vere Awdry en dy syn soan Christopher Awdry. De bernesearje begun yn 1984 .

De searje folget de aventoeren fan Thomas, in antropomorfisearre blauwe stoomlokomotyf op de fiktive North Western Railway op it eilan Sodor, en ferskate oare ferminsklike lokomotiven op de North Western Railway, werunder Edward, Henry, Gordon, James, Percy en Toby. Se wurkje foar de Fat Controller.

Yn de Feriene Steaten waard it foar it earst utstjoerd tegearre mei de spin-off searje Shining Time Station op PBS' PTV Park blok yn 1989.

De rjochten fan de searje binne op dit stuit yn hannen fan HIT Entertainment (in dochterundernimming fan Mattel), dat yn july 2002 Gullane Entertainment oernaam.

In nije 2 D-animearre searje, Thomas & Friends: All Engines Go , gie yn premjere op 13 septimber 2021 op Cartoon Network . [1]

Film [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: