The Mummy (film ut 2017)

Ut Wikipedy
The Mummy
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Alex Kurtzman
produsint Alex Kurtzman
Chris Morgan
Sean Daniel
senario David Koepp
Christopher McQuarrie
Dylan Kussman
kamerarezjy Ben Seresin
muzyk Brian Tyler
filmstudio Perfect World Pictures
K/O Paper Products
Conspiracy Factory
Sean Daniel Company
Secret Hideout
distribusje Universal Pictures
spilers
haadrollen Tom Cruise
Sofia Boutella
Annabelle Wallis
byrollen Jake Johnson
Russell Crowe
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 22 maaie 2017
foarm langspylfilm
sjenre horror - aksje - aventoerefilm
taal Ingelsk (ek wat Egyptysk )
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $195 miljoen
opbringst $410 miljoen

The Mummy is in Amerikaanske horror - aksje - aventoerefilm ut 2017 under rezjy fan Alex Kurtzman , mei yn 'e haadrollen Tom Cruise , Sofia Boutella en Annabelle Wallis . De titel betsjut "De Mummy ". De film is in reboot fan 'e moderne filmsearje The Mummy . It ferhaal folget Nick Morton, in sersjant yn it Amerikaanske Leger , dy't troch tafal de greftombe fan in boasaardige Egyptyske prinsesse ut 'e Aldheid untdekt, en har by fersin frijlit. The Mummy krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy . Hoewol't er it yn 'e bioskopen goed die, litte de film troch de ekstreem hege produksje- en marketingkosten dochs in oansjenlik ferlies . Fan gefolgen waarden mooglike ferfolchfilms ofblaasd.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Londen wurdt by it graven fan in tunnel in reuseftige greftombe fan in groep krusfarders ut it jier 1127 untdutsen, fan wa't ien begroeven blykt te wezen mei in grutte Egyptyske robyn . De fynst wurdt feilichsteld troch de mysterieuze wittenskipper Henry Jekyll , dy't fermoedet dat de tombe ferbun is mei it ferhaal fan Ahmanet, in prinsesse ut 'e Egyptyske Aldheid dy't har tiidgenoaten besocht hawwe om ut 'e skiednis te wiskjen. Jekyll hat har ferhaal lykwols byinoar puzele. Ahmanet wie de erfdochter fan har heit , de farao , oant dyselde wertroude en op syn alde dei noch in soan krige, dy't doe syn erfgenamt waard. De prinsesse wegere har beerf op te jaan en sleat in ferbun mei Set , de Egyptyske god fan 'e dea . Dyselde unthiet har gans macht as se him holp en kring yn 'e wrald fan 'e libbenen troch. Ahmanet fermoarde har heit, styfmem en de poppe dy't har healbroer wie, mar ear't se it ritueel utfiere koe dat Set oproppe soe, waard se oermastere en troch de Egyptyske preesters libben begroeven op in plak fier buten Egypte.

Underwilens binne yn it troch de Irakoarloch teheistere Irak sersjant Nick Morton en korporaal Chris Vail, twa militeren fan it Amerikaanske Leger , dwaande mei in syktocht nei kostbere foarwerpen ut 'e Aldheid dy't se efteroer drukke en op 'e swarte merk ferkeapje kinne. By tafal untdekke se yn 'e provinsje Nineve wat de undergrunske greftombe liket te wezen fan in prinsesse ut 'e Egyptyske Aldheid , op in ofstan fan hast tuzen kilometer buten Egypte. Mei't de artefakten te bombidich en swier binne om te stellen en tombe te grut om te missen, bringe Morton en Vail harren befelfierend ofsier , kolonel Greenway, fan harren fynst op 'e hichte. Greenway komt opdaagjen mei yn syn sok de Britske argeologe Jenny Halsey, mei wa't Morton yn Bagdad inkele dagen tefoaren in onenightstand han hat werby't er har de lankaart untfytmanne hat dy't him en Vail nei de greftobe late. Halsey stelt lykwols fest dat it eins net om in greftombe giet, mar om in finzenis .

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Morton is sa rimpen dat er in meganisme yn wurking steld dat yn 'e tombe in sarkofaach oplukt ut in bad fan kwik . Fuort derop tilt it yn 'e tombe op fan 'e spinnen , en Vail wurdt troch ien biten . De sarkofaach wurdt ut 'e tombe takele en yn in transportfleantuch fan it Amerikaanske Leger laden, wernei't Greenway, Morton, Vail en Halsey dermei nei Ingelan fleane. Underwilens begjint Morton fizioenen fan prinsesse Ahmanet te krijen, weryn't se him betanket dat er har frijlitten hat en him har "utkarde" neamt. Underweis boazet ungemurken de sitewaasje fan Vail oan, dy't troch de spinnebyt under ynfloed fan Ahmanet kommen is. As er kolonel Greenway deastekt, is Morton twongen om syn freon del te sjitten. Fuort dernei wurdt it fleantuch oanfallen troch in unbidige swaarm krieen , werby't de piloat en de ko-piloat omkomme en it tastel begjint del te stoarten . Morton redt it libben fan Halsey troch har de iennichste parasjute te jaan dy't er besette kin en har ut it fleantuch te smiten. Dat stoart del yn it Ingelske greefskip Surrey , net fier fan 'e ruines fan 'e Abdij fan Waverly . Alle ynsittenden dy't op dat stuit noch yn libben binne, komme om.

Morton wurdt wekker yn in mortuarium , sunder dat er in skramke oprun hat. De geast fan Vail ferskynt oan him en fertelt him dat er no ferflokt is (en dertroch net stjerre kin) om't Ahmanet him as har utkarde utornearre hat, dejinge dy't se offerje sil om Set yn 'e wrald te bringen, sadat de god syn lichem besette kin. Underwilens is de sarkofaach by it delstoarten iepenbrutsen en is Ahmanet derut untsnapt. Se regenerearrret har mummifisearre lichem troch de libbenskreft ut redingswurkers te sugen, dy't op it delstoarte fleantuch ta kommen binne. Troch dat proses feroarje dyselden yn sombys . Morton nimt Halsey mei nei it plak fan it delstoarte fleantuch, mei't er him der net bewust fan is dat it Ahmanet is dy't him derhinne ropt. As er foar it ferstan kriget dat Ahmanet him offerje wol mei de Dagge fan Set dy't se weromfun hat yn in relikwarium yn 'e Abdij fan Waverly, fjochtet er him los en naait er mei Halsey ut yn in ambulanse . Ahmanet lit harren efterfolgje troch de sombys, mar hja hat underwilens untdutsen dat de robyn ut it hantfet fan 'e dagge untbrekt, wat it wapen unbrukber makket foar it ritueel.

As de ambulanse troch tadwaan fan 'e sombys oer de kop slacht , komt Ahmanet wer opdaagjen om Morton op te heljen, mar ear't dat barre kin, wurdt se oermastere troch in kloft kommando's . Dyselden nimme Ahmanet, Morton en Halsey mei nei dr. Henry Jekyll, de lieder fan Prodigium, in geheim genoatskip werfan't de leden sizze it kwea te befjochtsjen, al hawwe se der twifelige metoaden foar. Halsey blykt de hiele tiid al in aginte fan Prodigium west te hawwen. Hja kantet har lykwols bot oan tsjin Jekyll syn plannen, as se untdekt dat er fan doel is om Ahmanet har ritueel trochsette te litten, sadat se Set yn 'e wrald fan 'e libbenen bringe kin. Jekyll is nammentlik fan doel om dernei Set te ferdylgjen. Dat soks ta de dea fan Morton liede sil, fynt er spitich mar oanfurdber. Morton besiket te untkommen troch Jekyll in searum of te pakken der't de man himsels om 'e safolle tiid mei ynjektearret en der't er blykber net sunder kin. Dat hat lykwols as gefolch dat Jekyll feroaret yn syn sadistyske en gewelddiedige alter ego Edward Hyde . Mei muoite wit Morton Hyde te ynjektearjen mei it searum, sadat er wer weromferoaret yn Jekyll.

Underwilens hat Ahmanet troch in nije spinnebyt ien fan Jekyll syn mannen yn har macht witten te krijen, dy't har befrijt. Hja untsnapt ut 'e fasiliteit fan Prodigium, en yn alle trelit witte ek Morton en Halsey te untkommen. Morton fettet it plan op om 'e robyn ut 'e krusfarderstombe te ferneatigjen, sadat der gjin ritueel plakfine kin en hysels dus feilich is foar sawol Ahmanet har flok as Jekyll syn snoade plannen. Derom bejouwe hy en Halsey harren nei de tombe ta, werby't harren it paad wiisd wurdt troch de geast fan Vail. Mar Ahmanet is harren foar en weeft handich of mei de minsken dy't Jekyll der postearre hat. As Morton en Halsey de tombe berikke, hat Ahmanet sadwaande de robyn al te pakken, dy't se wer weromset hat yn it hantfet fan 'e Dagge fan Set.

Ahmanet nimt Halsey finzen en ferdrinkt har, ta wanhoop fan Morton, dy't no pas foar it ferstan kriget dat er fan har haldt . Op sluchslimme wize wit er Ahmanet de Dagge fan Set te untfytmanjen, mar as er de robyn stikken slaan wol, ropt Ahmanet him ta dat er nei it ritueel macht hawwe sil oer libben en dea. Morton wol neat leaver as Halsey wer ta libben bringe, mar beseft dat it ritueel Ahmanet macht oer him jaan sil. Derom jout er har de dagge net oer, mar stekt er it wapen eigenhandich yn syn hert . Om't de robyn lykwols al heal barsten is, wurdt er dan mar foar in diel troch Set beset. Neitiid brukt er de macht dy't er no hat om alle libbenskreft ut Ahmanet te sugen, krekt sa't sy dat earder mei de redingswurkers dien hat. Derop bringt er Halsey wer ta libben, mar hy is no in meunster wurden en wol net dat sy him sjocht. Ferskule yn 'e skaden nimt er ofskie fan har en flechtet foar't Jekyll en syn underhearrigen arrivearje kinne om him te fangen.

Letter sjogge Jekyll en Halsey ta hoe't it no wier mummifisearre lichem fan Ahmanet fersegele wurdt yn in sarkofaach folle mei kwik. Halsey oppenearret dat Morton, mei de kreften dy't er no hat, in treflike bunsgenoat weze soe, mar Jekyll freget him of oft Morton syn kreften wol foar it goede ynsette sil. Morton is underwilens weromkeart nei de woastyn , der't er Vail wer ta libben brocht hat en mei syn alde freon ofset op in nij aventoer.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tom Cruise .
Sofia Boutella .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
sersjant Nick Morton Tom Cruise
prinsesse Ahmanet Sofia Boutella
Jenny Halsey Annabelle Wallis


byrollen
personaazje akteur/aktrise
korporaal Chris Vail Jake Johnson
dr. Henry Jekyll / dhr. Edward Hyde Russell Crowe
kolonel Greenway Courtney B. Vance
Malik Marwan Kenzari
Set Javier Botet

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In reboot fan 'e Mummy -franchise waard troch filmstudio Universal Pictures foar it earst oankundige yn 2012 . Yn novimber 2015 rekke akteur Tom Cruise by it projekt belutsen. It wie de bedoeling dat de film underdiel wurde soe fan 'e nije Dark Universe -rige fan Universal. The Mummy waard regissearre troch Alex Kurtzman nei in senario fan David Koepp , Christopher McQuarrie en Dylan Kussman op basis fan in ferhaalline dy't betocht wie troch Kurtzman, Jon Spaihts en Jenny Lumet .

As produsinten wiene Chris Morgan , Sean Daniel en Kurtzman sels by it projekt belutsen foar de filmstudio's Perfect World Pictures , K/O Paper Products , Conspiracy Factory , Sean Daniel Company en Secret Hideout . Foar de film wie in budget beskikber fan $ 195 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ben Seresin , en de filmmuzyk waard fersoarge troch Brian Tyler . Yn 'e postproduksje waard de film oanfolle mei mear as 1.000 special effects .

Opnamen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen foar The Mummy setten op 3 april 2016 utein en duorren oant en mei 13 augustus fan dat jier. Der waard filme op lokaasje yn it Ingelske Oxford en yn 'e Kalaharywoastyn yn Namybje . De binnendoarsenes waarden opnommen yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden , yn it Ingelske greefskip Hertfordshire en foar in diel yn 'e Pinewood Studios , yn Buckinghamshire .

Foar it filmjen fan it delstoarten fan it transportfleantuch waard gebruk makke fan paraboalyske flecht yn in saneeamde Vomit Comet (in echt fleantuch dat rjocht omheech fljocht en dan ynienen wer rjocht omleech om 'e sitewaasje fan gewichtleazens te simulearjen). Regisseur Kurtzman woe de hiele sene oarspronklik opnimme mei harnassen dy't foarsjoen wiene fan metalen triedden om 'e akteurs oan op te hingjen yn in rotearjende filmset , mar Cruise brocht him op oare gedachten. Der wiene de oare akteurs, dy't under de 64 takes dy't it duorre om 'e hiele sene te filmjen ferskate kearen sa beroerd waarden dat se de hiele boel derut jagen , him net allegear like tankber foar.

Regisseur Alex Kurtzman mei akteurs Sofia Boutella , Tom Cruise , Annabelle Wallis en Russell Crowe .

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan The Mummy waard fersoarge troch Universal Pictures . De film gie op 22 maaie 2017 yn it Australyske Sydney yn premiere .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige The Mummy oer it algemien negative resinsjes . Sa skreau Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone : "Nettsjinsteande alle wyn en blast en digitale wanhoop fan oerwurke kompjuters giet dizze reboot op it wite doek of as in losse flodder." Yn Uproxx joech Vince Mancini de film in pynlike oanpriizging: "As jo fan unbegryplike samlings fan dingen halde dy't ut 'e fierte wol wat wei hawwe fan dingen der't jo yn it ferline fan genoaten hawwe, dan is The Mummy de film foar jo." Peter Bradshaw , fan 'e Britske krante The Guardian , skreau: "[De film] hat guon moaie mominten, mar is yn prinsipe in soadsje." De plot sakke neffens him yn 'e midden troch en omfieme "in grimelgrammel fan ideeen en senes dy't ut [in stikmannich underskate] ferzjes fan it skript lykje te kommen."

Neffens Owen Gleiberman , dy't foar it bled Variety skreau, wie de delfal fan 'e film dat "de realiteit fan wat de film is ? in Tom Cruise -fehikel ? tsjinstridich is mei it materiaal." Hy skreau dat de 54-jierrige Cruise noch altyd de " egoistyske , eigenwize mar ynnimlike smjunt spilet dy't noch opgroeie moat. […] It probleem is dat Cruise […] sa tawijd is oan it hanthavenjen fan syn imago as in dudlike en streksume held , dat syn flirt mei de dunkere kant frijwol hielendal teoretysk wurdt."

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat The Mummy in leech goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 310 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "Mei't de oerdreaune humor fan 'e meast resinte dielen fan 'e franchise hjiryn untbrekt en [ek] om't er foar in meunsterfilm net folle spannende mominten leveret, suggerearret [dizze film] in fluch untraffeljen fan it Dark Universe ." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Mummy in goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 44 resinsjes.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opbringst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

The Mummy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 80,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $329,8 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op in hiel kreaze $410,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $195 miljoen soe dat in winst fan $215 miljoen betsjutte. Omreden fan 'e oerdiene marketingkosten , dy't der noch of moasten, berekkene it bled Deadline Hollywood lykwols dat de The Mummy $450 miljoen opbringe moast om kyt te spyljen, en dat de film dus uteinlik $40 miljoen of mear ferlies makke.

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

The Mummy waard nominearre foar acht Golden Raspberry Awards , de ' prizen ' foar de minste prestaasjes op it med fan filmkeunst . Derfan wun de film yn ien kategory : de priis foar minste akteur , foar Tom Cruise .

Skraste filmsearje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

The Mummy makke diel ut fan 'e Dark Universe -searje , in besykjen fan filmstudio Universal Pictures om in modern sinematysk universum te skeppen foar de personaazjes ut 'e Klassike Meunsterfilmsearje fan alearen. De film Dacula Untold , ut 2014 , soe oarspronklik de earste film fan dy rige weze, mar nei de premiere waard de ban tusken film en filmsearje troch de produsinten behimmele, wernei't The Mummy it nije earste diel fan 'e Dark Universe -searje wurde soe. It teloarstellende resultaat fan 'e film makke lykwols dat Universal neitiid weromkearde nei it meitsjen fan op harsels steande films, ynstee noch in mienskiplike eftergrun nei te stribjen. Dermei einige it Dark Universe winliken noch foar't it goed en wol begun wie.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .

The Mummy (filmsearje fan Universal Pictures)
The Mummy (klassike filmsearje fan Universal Pictures)
The Mummy  (1932) ? The Mummy's Hand  (1940) ? The Mummy's Tomb  (1942) ? The Mummy's Ghost  (1944) ? The Mummy's Curse  (1944) ? Abbott and Costello Meet the Mummy  (1955)
The Mummy (moderne filmsearje)
The Mummy (filmtrilogy fan Stephen Sommers) The Mummy  (1999) ? The Mummy Returns  (2001) ? The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor  (2008)
The Mummy (reboot) The Mummy  (2017)