Sophie Dee

Ut Wikipedy
Sophie Dee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Sophie D, Sophie, Mary Beth, Toppie Lover
echte namme Kirsty Hill
nasjonaliteit Britsk
berne 17 jannewaris 1984
berteplak Llanelli ( Wales )
etnisiteit Welsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , stripper ,
pornoaktrise , regisseur
jierren aktyf 2005 ? 2020
offisjele webside
www.clubsophiedee.com

Sophie Dee , echte namme: Kirsty Hill ( Llanelli , 17 jannewaris 1984 ), is in restend Britsk neakenmodel , stripper , pornografysk aktrise en porno regisseur fan Welsk komof, dy't yn it ferline ek wol gebruk makke hat fan artystenammen as Sophie D, Sophie, Mary Beth, Kirsty Hill en Toppie Lover.

Sophie Dee yn 2013.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sophie Dee waard berne yn it Sudwelske Llanelli , mar ferfear yn har iere tinerjierren mei har heit en mem nei Ingelan . Letter ferhuze it gesin werom nei Wales, der't se de middelbere skoalle ofmakke. Dernei hie se in ferskaat oan banen, dy't utinoar runen fan servearster yn in kafee oant kolporteur dy't mei keapwaar by de doarren lans gie. Nei ferrin fan tiid naam Dee in baan oan yn in stripklub yn Birmingham , der't se ek lapdances joech. Troch har wurk yn dy klub krige se in oanbod om topless te posearjen yn The Daily Sport , in Britsk bulevaarbled . Der hie hja sa'n sukses mei dat se oardel jier lang trochgean koe mei posearjen foar in ferskaat oan bulevaar- en neakenbleden .

Yn jannewaris 2005 ferfear Sophie Dee nei de Feriene Steaten , der't se har nei wenjen sette yn Los Angeles , yn 'e steat Kalifornje . Se liet har buste fergrutsje fan in C-kup oant in DD-kup, en spile noch datselde jiers yn har earste pornografyske film . Sunt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernoch 410 pornofilms spile. Troch de jierren hinne hat se acht nominaasjes foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrald) yn 'e wacht sleept, en yn 2011 wun se twa Urban X Awards . Njonken har pornokarriere spile Dee ek yn twa mainstream - horrorfilms (allebeide unofhinklike produksjes): Theater of Derange en Unmimely Demise . Yn 2011 rjochte se in eigen webside op der't mainstream -films op resinsearre wurde, under de namme ToplessMovieReviews.com . Datselde jiers regissearre hja har earste pornofilm: Sophie Dee's My Point of View , foar de studio Pules Pictures .

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2008 Urban Spice Award nominearre beste ynterrasiale stjer n.f.t.
2009 AVN Award nominearre beste lesbyske groepsekssene Squirt Gangbang 3
nominearre underwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
nominearre ynternetstjer fan it jier (foar ClubSophieDee.com) n.f.t.
2010 AVN Award nominearre beste lesbyske triosekssene Storm Squirters 6
nominearre ynternetstjer fan it jier (foar ClubSophieDee.com) n.f.t.
Xbiz Award nominearre pornostjerwebside fan it jier (foar ClubSophieDee.com) n.f.t.
2011 AVN Award nominearre beste pornostjerwebside (foar ClubSophieDee.com) n.f.t.
nominearre underwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
Urban X Award wun ynterrasiale stjer fan it jier n.f.t.
wun beste triosekssene Dee's 3 Ways
2013 Xbiz Award nominearre beste gonzosene Pool Party at Seymour's 3
2014 AVN Award nominearre meast seksy kont n.f.t.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .