Siebe ten Cate

Ut Wikipedy
Siebe ten Cate
keunstner
Siebe ten Cate, selsportret
Siebe ten Cate, selsportret
persoanlike bysunderheden
echte namme Siebe Johannes ten Cate
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlansk
berne 27 febrewaris 1858
berteplak Snits
stoarn 19 desimber 1908
stjerplak Parys
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
wurksum as skilder, etser, litograaf
streaming let-ympresjonisme
jierren aktyf om 1873 - 1908
offisjele webside
gjint

Siebe Johannes ten Cate ( Snits , 27 febrewaris 1858 ? Parys , 19 desimber 1908 ) wie in keunstskilder .

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Siebe ten Cate yn syn atelier yn Parys
Frysk Skipfeart Museum

Ten Cate wie in soan fan Jan ten Cate (1828 - 1876), politikus en boargemaster fan Snits (1828-1876) en Popkje Tuymelaar [1] . en pakesizzer fan de Snitser learloaier en boargemaster Steven Theunis ten Cate en Johanna Gerrits van Delden. De hushalding kaam ut in foaroansteand en begoedige dopersk laach dat oarspronklik ut de Achterhoeke kaam. De famylje hie in iikmole, De Hoop mei fellebleaterij anneks oan de Waldfeart .

Ten Cate studearre oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en by J.M. Schmidt Crans , mar halde in grut part fan syn libben ta yn it butenlan. Hy studearre in hoart yn Antwerpen, mar wenne en wurke fan 1880 oant 1908 yn Parys en rekke der beynfloede troch it yn dy tiid opkommende Ympresjonisme . Yn Parys hie er kunde oan Vincent van Gogh , Alfred Sisley , Camille Pisarro en Kees van Dongen . Yn syn ympresjonistyske keunstuterings wie hy foar Nederlanske begripen tige foarutstribjend. Siebe Ten Cate lei him ta op it skilderjen fan stedsgesichten, dy't eksposearre waarden op de jierlikske Salon d'Automne.
Op reizen troch Europa (under oare yn Sweden, Noarwegen en Switserlan) en Noard-Afrika [Egypte en Algerije] en de Feriene Steaten) skildere en tekene hy in soad lanskippen. Hy makke ek etsen en lito 's.

Ten Cate stoar yn 1908 te Parys oan 'kongestje fan de bloedsomrin ' yn de aldens fan fyftich jier. Yn 1909 waard de skilder betocht op de Salon d'Autmne mei in utstalling fan leafst 51 fan syn wurken. Lange tiid waard syn wurk fergetten yn Nederlan. Hjoed de dei wolle in soad minsken syn wurk wol hawwe en wurdt it tsjin hege pizen feild.

Wurken fan him hingje under oare yn it Louvre , it Musee Carnavalet , beide yn Parys, it Frysk Skipfeart Museum en it Frans Halsmuseum yn Haarlim .

Galery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]


Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederlansktalige Wikipedia, Jan ten Cate