Rinze Hempenius

Ut Wikipedy
Rinze Hempenius
politikus
echte namme Rinze Frederik Hendrik Hempenius
nasjonaliteit Nederlansk
bertedatum 25 febrewaris 1918
berteplak Batavia
stjerdatum 12 jannewaris 1982
stjerplak Epe
etnisiteit Frysk
partij CHU
boargemaster fan Frjentsjerteradiel
amtsperioade 1959 - 1971
foargonger Frederik Steenhuisen
opfolger Siebold Hartkamp
boargemaster fan Pijnacker
amtsperioade 1971 - 1981
foargonger Jan Vader
opfolger John de Prieelle

Rinze Frederik Hendrik Hempenius ( Batavia , 25 febrewaris 1918 - Epe , 12 jannewaris 1982 ) is in earder Nederlansk CHU -politikus.

Hempenius, fan Fryske komof, waard berne yn Nederlansk-Ynje . As trettjinjierrige gie hy foar syn oplieding nei Nederlan. Hy studearre rjochten yn Leien . Nei syn studzje wie hy folonter by de gemeentesekretary fan Rijswijk, sekretaris fan in beswierenkommisje foar unteigeningsfergoedingen buten Rotterdam en haad fan de ofdieling unteigening en tawizing fan it prizeburo fan de Direksje Weropbou en Folkshusfesting yn Sud-Hollan . Hy waard letter haadkommys fan de provinsjale griffy yn Sud-Hollan.

Hy waard yn 1959 ynstallearre as boargemaster fan Frjentsjerteradiel . Om untslach fanwege de gemeentlike weryndieling yn Fryslan foar te wezen, socht hy om in nije gemeente buten de provinsje. Yn 1971 waard hy beneamd ta boargemaster fan Pijnacker . Hy makke yn 1981 gebruk fan de regeling foar eardere uttreding (VUT) en ferhuze nei Epe. Hy ferstoar ut jier derop op 63-jierige leeftiid. Hy wie ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau . Yn Pijnacker is in byld fan him komd.