Reanimaasje

Ut Wikipedy
Reanimaasje

Reanimearjen is it keunstmjittich oernimmen fan it sykheljen en de bloedsomrin , yn gefal fan in sirkulaasjestilstan, bygelyks as gefolch fan in hartstilstan. As en it sykheljen, en de sirkulaasje wer op gong brocht wurde moatte, sprekt men ek wol fan Kardiopulmonale Resussitaasje (CPR).

Om te libjen, is de konstante oanfier fan soerstofryk bloed fan libbensbelang. De organen kinne net wurkje sunder soerstof . De harsens binne it kwetsberst: nei 4-6 minuten sunder soerstof rekket al in grut part sa skansearre dat normaal funksjonearjen net mear mooglik is. It transport fan soerstof troch it bloed kin op twa manieren fersteurd wurde:

  • Bloed wurdt net mear runpompt omdat it hert net (goed) wurket. It hert kin wol bewege (fibrillearje), mar hat gjin effektive pompwurking. Wy sprekke dan fan in sirkulaasjestilstan. By in hertstilstan is der gjin beweging.
  • Der wurdt gjin soerstof mear yn it bloed opnomd. Dit wurdt in sykhelstilstan neamd.

As er sprake is fan in sykhel-, en sirkulaasjestilstan wurdt dit de Klinyske dea neamd. Dochs, troch sa gau mooglik te begjinnen mei de reanimaasje kin de definitive dea mooglik foarkomd wurde. It is dus fan grut belang dat sa gau mooglik mei de reanimaasje begun wurdt.

Rjochtlinen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Nederlan foarmet de NRR ( Nederlanske Reanimaasje Rie ) it wichtichste ynstitut op it med fan de publikaasje fan rjochtlinen oangeande de reanimaasje. De rjochtlinen jilde as meast hantearre protokollen foar leken.

De leke-earstehelpferliener (EHBO-er) en de berops hantearje it ABC protokol. De leek fiert it BLS (Basic Life support) al/net mei in AED ( Automatyske Eksterne Defibrillator ) ut, wylst de profesjonele earstehelpferliener (anestesymeiwurker, IC-ferpleechkundige, Ambulanceferpleechkundige) de ALS ( Advance Life Support ) utfiert. Der wurdt gebruk makke fan Jeropeeske reanimaasje protokollen en binne op inkele punten oanpast troch de Nederlanske Reanimaasje Rie (NRR).

ABC - protokol [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ynternasjonaal wurdt konsekwint it ABC protokol brukt. A irway (luchtwei) B reathing (sykheljen) C irculation (boedsirkulaasje) Pas as de problemen yn de luchtwei, it sykheljen en de sirkulaasje under kontrole binne, giet men fierder mei de D isability (Bewustwezen) E xpose / Environment (Omjouwingsfaktoaren, benammen waarmte- en kjeldletsels).

Aktuele rjochtlinen BLS/AED [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn april 2006 binne de nijste rjochtlinen publisearre. By in ademhellings stilstan giet men ut fan in sirkulaasje stilstan.

Aktuele rjochtlinen:

  • Oansprekke / oanskodzjen fan it slachtoffer
  • In bewust ademhelling : alarmearje, earstehelp ferliene en yn stabile sydlizzing

By ofwezige ademhelling : alarmearje (litte), in AED helje (litte).

  • Start mei 30 kompresjes efterelkoar op de boarstkas en beademje 2 kear
  • Massear yn in tempo fan 100x yn de minut.
  • Slut de AED sa gau mooglik oan en folgje altiten de sprutsen oanwizings dy't it apparaat foarstelt.
  • Gean troch mei de syklus fan 30 massaazjes en 2 beademingen oant profesjonele help (bg. ambulance meiwurkers) de medyske soarch oernomd hat.

Techniken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Reanimearjen bestiet ut it jaan fan beademingen en boarstkompresjes.

Boarstkompresje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De teory efter it massearen is dat troch it earst yndrukken en dernei loslittten fan de boarstkas der in negative druk feroarsake wurdt yn de boarstkas, wertroch't de grutte fetten bloed oansugje kinne. Dy negative druk wurdt pas nei in rige massaazjes berikt. Ut undersyk bliek dat de 15 kompresjes dy't yn it ferline hantearre waarden, net genoch wiene. Mei 30 massaazjes hat men langer foardiel fan de negative druk.

Beademje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

As der profesjonele help oanwezich is, start men mei it beademjen mei help fan in beademingsballon ( ambu-bag ). De pasjint moat ek yntubearre wurde. At de luchtwei om ien of oare reden net mear trochgonklik is, moat in tracheotomy barre.

De rol fan de helpferliening [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Meastal sil in profesjonele helpferliener der net binnen inkele minuten weze. It is derom wichtich dat safolle mooglik minsken de basale reanimaasjefeardichheden oanleare. Omdat in sirkulaasjestilstan meastal komt troch it unregelnmjittich gearluken fan it hert, ek wol fibrillaasje neamd, is derby it bruken fan in automatyske eksterne defibrillator (AED) oan te rikkemandearjen. Allinnich mei help fan dit apparaat kin it normale hertritme mooglik hersteld wurde. AED's komme op hieltiten mear plakken yn Fryslan beskikber.

As der profesjonele earstehelp is fan in sikewein , urginsje-wein ( MUG of PUC) of yn it sikehus kin der medikaasje as understeuning jun wurde en kin der bykommend yngrepen wurde. De oerlibbingskansen fan it slachtoffer hingje sterk of fan de snelheid wermei't de ambulance der is. Foar it beademjen ynstrueart men dus leafst in omstanner om help te heljen of 112 te beljen.

Kursussen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Troch hiel Fryslan wurde reanimaasje- en AED-kursussen jun, de saneamde. BLS-kursus (Basic Life Support), troch sertifisearre ynstrukteurs fan de NRR. Sertifisearre NRR-ynstrukteurs binne te finen ops de webside fan de NRR (sjoch keppeling om utens). Yn prinsipe hat eltsenien it foech in AED-apparaat te bruken, mar is net eltsenien bekwaam. Ferkeard bruken troch gebrek oan trening kin liede ta it net adekwaat reanimearjen. It is ferstannich om de trenings teminsten 1 kear yn it jier te werheljen.

By inkele earstehelpopliedingen yn Nederlan is standert AED-betsjinning opnomd en hoecht der gjin aparte reanimaasje / AED kursus folge te wurden.

It Oranje Krus hat oankundige dat mei yngong fan 1 septimber 2009 it bruken fan de AED ta de eintermen fan it eksamen foar it Diploma Earste Help hearren giet. De AED makket fan dat momint of underdiel ut fan de basisoplieding Earste Help.

Kans op sukses [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der wurdt ynternasjonaal in soad undersyk dien nop it med fan reanimaasje. Opfallend derby binne de frijwat grutte ferskillen tusken de ferskate undersiken. In slutend 'sukses' persintaazje is derom ek net te jaan. Oer it generaal kin steld wurde, dat de kans op sukses spitigernoch net grut is. Wichtige aspekten dy't de kans op slagjen bepale binne:

  • De kondysje fan it slachtoffer foarofgeande oan de reanimaasje;
  • De tiid werbinnen de reanimaasje/earste skok bard is;
  • De kwaliteit fan de utfierde beademings en boarstkompresjes;
  • De snelheid en kwaliteit fan de fierdere opfolging troch profesjonele helpferlieners.

Yn in Sweedsk undersyk ut 2005 waard by mar leafst 29.700 pasjinten besjoen hoefolle minsken nei 1 moanne noch yn libben wiene (dus noch sunder te freegjen oft dit bg. yn koma oan de beademing wie of sun buten it sikehus). Nei 1 moanne wie 2,2% fan de net troch omstanners reanimearden noch yn libben; 4,9% fan dejingen dy't troch net-profesjonals reanimearre wiene, en 9,2% fan de minsken dy't troch (tafallich as omstanners oanwezige) profesjonele helpferlieners reanimearre wiene [1] . Neffens dit undersyk is it oantal minsken dat sunder oanmerklike neurologyske skea oerlibbet, is noch folle lytser.

Hoewol't der in lytse oerlibbingskans is, binne pogingen ta reanimaasje dus seker net sinleas. As it net slagget, hoecht de helpferliener (amateur of profesjonal) him lykwols net skuldich te fielen; dat sil meastal de utkomst weze. 90 - 95 % Fan de reanimaasjes buten it sikehus binne net suksesfol. Oannimlik is, dat dit getal by oanwezichheid en bruken fan in AED heger lizze sil. Sifers fan de Amsterdam Arena en Schiphol befestigje dit. [2]

Ut in Japansk undersyk (2006) [3] blykt lykwols dat yn gefal fan hertstilstan nei in hertoanfal de oerlibbingskansen ferdubelje as inkeld mar hertmassaazje tapast wurdt. Beademing soe tiidfergriemen weze. By hertstilstan troch hertoanfal krijt de persoan automatysk ekstra soerstof troch de hyperfentilaasje wermei't de oanfal begun, mar troch de stilfallen bloedsirkulaasje berikt dizze soerstof de harsens net mear. At der wol gau yngrepen wurdt en inkeld hertmassaazje tapast wurdt, soe de ademhelling fansels wer op gong kome moatte. Hertmassaazje is op himsels in minime, net streekrjochte wize fan beademing want de boarstholte wurdt ofwikseljend grutter en lytser, neffens Japanske wittenskippers. By ferstikking soe de kombinaasje mei beademing dan wol mear fertuten dwaan. De Nederlanske en Europeeske reanimaasjerie achtet it lykwols wierskynlik dat harren konkluzjes oars west hawwe soene as de rjochtlinen nei 2005 yn it undersyk belutsen west hawwe soenen. Derom bliuwt beademing underdiel fan de rjochtline. [4]

Resinte untwikkelingen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Ut in Japansk undersyk (2006) soe blike dat yn gefal fan hertoanfal de oerlibbingskansen ferdubelje as allinnich mar hertmassaazje tapast wurdt. De NRR (Nederlanske Reanimaasje Rie) hat de konkluzjes ut dit Japanske undersyk net oernomd en hanthavenet de besteande rjochtlinen.
  • Yn oktober 2008 hat de Nederlanske Reanimaasje Rie bepaald dat in BLS/AED oplieden helpferliener net start mei reanimearjen, as it slachtoffer in drager is fan in net-reanimaasje-ferklearring. Derby jildt as eask dat de betreffende ferklearring direkt sichtber weze moat foar de helpferliener en foarsjoen is fan namme, hantekening en foto fan de drager. De NRR respektearret de nije net-reanimaasjeferkjlearring fan de Nederlanske Feriening foar in Frijwillich Libbensein (NVVE). Dizze rjochtline jildt oant it momint werop yn in rjochterlike utspraak de pinning net lyksteld wurdt oan in rjochtsjildich dokumint, mar ...

Eltsenien hat selsbeskikkingsrjocht. Dit rjocht moat altyd earbiedige wurde. By in sirkulaasjestilstan binne alle reanimaasjerjochtlinen dudlik; altyd starte mei reanimearjen. Hjirby is it, ut medysk belang besjoen, saak om gjin tiid te ferliezen. Net reanimearje-pinningen binne op it momint fan reanimearjen yn it iepenbier troch earstehelpferlieners net te ferifiearjen. Allinnich in arts kin en mei de medyske behanneling stake. nei ferifikaasje fan de net-reanimearje-pinning en pas nei oerlis mei in kollega's. It net-reanimearjen of staken is dus nea oan de earstehelpferliener.

Noaten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  1. Herlitz J, Svensson L, Holmberg S, Angquist KA,Young M. Efficacy of bystander CPR : intervention by lay people and by health care professionals. Resuscitation. 2005 Sep;66(3):291-5.
  2. 'Mear kans oerlibjen hertstilstan op Schiphol', http://www.telegraaf.nl/binnenland/72168221/_Meer_kans_overleven_hartstilstand_op_Schiphol_.html?p=5,1 bezocht op 2 oktober 2007)
  3. SOS-KANTO study group. Cardiopulmonary resuscitation by bystanders with chest compressions only (SOSKANTO):an observational study. Lancet 2007; 369: 920-26
  4. Nederlandse Reanimatieraad, Commentaar van de Nederlandse Reanimatie Raad op de ≪compression-only ≫ studie in The Lancet van 17 maart 2007, aangetroffen op http://www.reanimatieraad.nl/_content/news/reactie%20katonstudie.pdf op 2 juli 2007

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Reanimatie fan Wikimedia Commons .