Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging

Ut Wikipedy
Earste numer fan Volk en Vaderland , 7 jannewaris 1933.
NSB wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: NSB (betsjuttingsside) .

De Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging yn Nederlan (ofkoarte NSB ) wie in Nederlanske politike partij dy't fan 1931 oant 1945 bestien hat. De NSB wie in partij op nasjonaalsosjalistyske grunslach en fungearre yn de Twadde Wraldkriich as kollaboraasjepartij .

Partijprogramma [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De NSB wie fan begjin oan in anti-parleminter en autoriter en sy kende in grutte wearde oan in sterke lieder ta. Earst letter soe de partij under ynfloed fan de untjouwings yn it Dutslan fan Adolf Hitler hieltyd mear radikalisearje, werby't ek hieltyd faker antisemityske stanpunten ynnaam waarden. It troch Mussert skreaune Program wie foar it grutste part in oersetting fan Hitlers NSDAP , mar rasselear en antisemitisme kaam der yn 't earstoan net yn foar.
Het Program fan de partij befette doe de folgjende faksistyske easken:

  1. in sterk regear;
  2. ofskaffing fan it persoanlike kiesrjocht;
  3. korporative sosjaal-ekonomyske oardening;
  4. ekonomy tsjinstber oan de folksmienskip;
  5. arbeidsplicht en sosjale wissichheid;
  6. beheining fan frijheid fan printparse.

Skiednis fan de partij [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

1931-1940 [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De NSB waard oprjochte yn Utert yn 1931 yn in tiidrek dat ferskate nasjonalistyske, faksistyske en nasjonaal-sosjalistyske partijen stifte waarden. De Stichters wienen Anton Mussert , dy't ek partijlieder waard, en Cornelis van Geelkerken . Foar 1936 wie de partij net anti-semitysk en hie doe sels Joadske leden.

Yn 1933, nei in jier fan opbou en organisaasje, waard de earste publike gearkomst, in saneamde Landdag yn Utert holden, dy't troch 600 partijlju besocht waard. Hjir presintearre de partij harsels en har krante, Volk en Vaderland . Dernei groeide de oanhing fan de partij. Yn itselde jier waard it amtners ferbean om lid fan de NSB te wurden.

By de provinsjale ferkiezings fan 1935 krige de NSB 8 % fan de stimmen en kaam mei twa sitten yn de Earste Keamer . Dit resultaat waard behelle tsjin de eftergrun fan de grutte ekonomyske krisis . Mussert's imago fan betrouber politikus en syn pragmatisme, guon seine kleurleazens, dat him yn steat stelde ferskillende soarten fan faksisme te ferienigjen droegen ek by ta it sukses, krekt as de sterke organisaasje en politike strategy, dy't him rjochte op in demokratyske, legale oername fan de macht yn Nederlan. Yn 1936 waard de partij under ynfloed fan Meinoud Rost van Tonningen iepenlik anti-semitysk. Rost van Tonningen begun fraachtekens te setten by it liederskip fan Mussert. Hy waard derby stipe troch de Dutske NSDAP . De partij rekke sa yntern ferdield, dat wer late ta ledeferlies en in sterke anti-faksistyske reaksje fan de oare politike partijen , fakbunen en de tsjerken. By de algemiene ferkiezings fan 1937 helle de partij mar 4% fan de stimmen en fjouwer sitten yn de Twadde Keamer , hoewol't it tal sitten yn de Earste Keamer op fiif kaam. De Twadde Keamerleden fan de NSB lieten net folle respekt sjen foar de parlemintere prosedures en regels en moasten geregeldwei ta de oarder roppen wurde troch de keamerfoarsitter fanwegen fysik en ferbaal geweld. By de provinsjale ferkiezing fan 1939 krige de NSB ek 4% fan de stimmen.

Oanhingers [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De NSB hie foaral oanhing under de middenklasse: middenstanners, amtners en lytse boeren. De NSB wie fral sterk yn de regio's Drinte [1] (benammen Assen ), Utert [2] , Noard-Hollan [3] (benammen Amsterdam , Bloemendaal , Zandvoort , Marken en Tessel ), de Achterhoeke [4] (benammen Winterswijk en omkriten [5] , Borculo en Ruurlo ), Den Haach en net- befynlike grifformearde dielen fan de Feluwe (benammen Rozendaal ), sawol fanwegen de lytse tsjerklike bining dere, mar ek ut reden fan it sukses fan Landbouw en Maatschappij [6] yn dy kriten. Yn de sterk ferpyldere katolike gebieten wie de partij faak tige swak fertsjintwurdige, utsein de eastlike mynstreek yn Sud-Limburch der't ranetsjerklike mynarbeiders en arbeiders dy't yn it oanswettende nasjonaalsosjalistyske Dutslan wurken, relatyf faak NSB stimden [7] . Ek de mear begoedigen (hege offisieren, undernimmers, frije beroppen) wienen lykwols lid fan ?de Beweging”. Nije NSB-kiezers wienen fral eardere oanhingers fan de Liberale Steatspartij (LSP) en eardere SDAP -kiezers. De eigentlike partijfunksjonarissen kamen lykwols ut alle lagen, politike en konfesjonele groepen fan de Nederlanske befolking.

Joaden koene lid wurde en wienen dat ek lange tiid en hearden somtiids ta de oprjochters fan lokale ofdielings. [8]
In protte N.S.B.-ers wiene tige oranjegesind. Yn it ljocht fan de untwikkelingen fan de beweging yn de derop folgjende jierren, is dat lykwols wat oerdreaun te neamen. Nei it begjin fan de Twadde Wraldkriich en benammen Operaasje Barbarossa waard oan alle ?folle joaden” en in soad healjoaden it lidmaatskip untsein. Op it hichtepunt fan de joadeferfolging krigen yn Doetinchem inkele joadske eardere NSB'ers - tydlik - in foarkarsbehanneling yn harren ynternearring. [9] . [10]
Mussert sei “dat it nasjonaalsosjalisme yn Nederlan net antisemitysk hoechde te wezen of te wurden, omdat hjir yn Nederlan Joaden binne dy't mei harren hiele hert it wolwezen fan de Nederlanske naasje tadien binne, omdat hja der ien net te ferbrekken gehiel mei foarmje en dat ek yn de takomst dat sa halde wolle.”

De NSB hie in eigen groet, 'Hou Zee!'. De leden neamden elkoar 'kameraad' (m) of 'kameraadske' (f). De jongerein koe te lane by de Jeugdstorm, laat fan C. van Geelkerken. Guon derfan bedarren letter as SS'er oan it Eastfront.

NSB Landei yn 1935 .
Untwikkeling ledetal NSB
1 jannewaris 1933 900
1 jannewaris 1934 21.000
1 jannewaris 1935 33.000
1 jannewaris 1936 52.000
1 jannewaris 1937 48.000
1 jannewaris 1938 39.000
1 jannewaris 1939 37.000
1 jannewaris 1940 32.000
maart 1940 33.342
31 oktober 1941 90.788
31 maart 1943 99.353
30 septimber 1943 101.314

1940-1945 [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei it utbrekken fan de Twadde Wraldkriich sympatisearre de NSB mei de Dutsers en woe dat Nederlan strikt neutraal bleaun. Yn maaie 1940 , nei de Dutske ynvaazje fan Nederlan, waarden 800 NSB-leden en sympatisanten troch it regear festset [11] . Rillegau nei de kapitulaasje op 14 maaie 1940 waarde sy troch Dutske troepen frijlitten. Yn juny 1940 halde Mussert in speech yn Lunteren ; hy rop de Nederlanners op om de Dutsers wolkom te hjitten en ofstan te nimmen fan it Hus fan Oranje dat nei Londen flechte wie.

Yn 1940 waarden alle sosjalistyske en kommunistyske partijen troch de Dutsers ferbearn; yn 1941 ferbearne sy alle partijen, utsein de NSB. De NSB wurke iepenlik gear mei de besettende macht. It tal leden waakste oan nei 100,000. De NSB spile in wichtige rol yn de legere oerheden en boargerynstellingen; eltse nije boargemaster dy't troch de Dutsers beneamd waard wie NSB-lid. Mussert hie ferwachte dat er lieder fan in unofhinklik, mei Dutslan ferbun, Nederlan makke wurde soe, mar de Eastenrykske Nazi Arthur Seyss-Inquart waard haad fan it besettend regear. Mussert moete Adolf Hitler ferskate kearen en pleite foar in unofhinklik Nederlan , mar it slagge him net. Alhoewol't Seyss-Inquart utsteld hie dat Mussert minister-presidint fan Nederlan makke wurde moast, krige er allinne de earetitel 'Lieder fan it Nederlanske folk', mar hy krige hast gjin wiere macht. Troch Rost van Tonningen en oare pro-Dutske leden naam Mussert syn ynfloed tige of. Oan it begjin fan de simmer fan 1943 organisearren in soad NSB-ers harren yn de Landwacht , dy't it regear holp om it folk te kontrolearjen.

Op 4 septimber 1944 feroveren de Alliearden Antwerpen en de NSB ferwachte dat Nederlan rillegau folgje soe. Dat op 5 septimber flechten de measte lieders fan de NSB nei Dutslan en foel partijorganisaasje ut elkoar; dat wie op Dolle Dinsdag ( Male Tiisdei ).

Nei't de Dutser him op 6 maaie 1945 offisjeel oerjun hie, waard de NSB yllegaal ferklearre. Mussert waard de oare deis festset, lykas in protte oare NSB-leden. De measten waarden net feroardiele, mar Mussert waard eksekutearre op 7 maaie 1946 . Der is net besocht om de partij yllegaal fuort te setten.

Namme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De parij neamde harsels in beweging en woe har sa underskiede fan konfinsjonele partijen en -persoanen dy't de ferpyldering neistribben en stal jun hiene. It taheakjen fan 'yn Nederlan' makke dudlik dat de NSB in Nederlanske wjuk fan de ynternasjonale faksistyske beweging weze woe.

Bejegening nei de befrijding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de befrijding waard de NSB ferbearn en moasten in protte fan har leden fanwegen kollaboraasje foar de rjochter ferskine. Mussert krige de kugel nei in proses, Van Geelkerken krige libbenslange finzenisstraf. Meinoud Rost van Tonningen ferlear it libben op 6 juny 1945, om nea opheldere redenen, yn de finzenis fan Skeveningen . Oeral yn Nederlan waarden NSB'ers en oaren, dy't fertocht waarden fan 'hulpverlening aan de vijand', arrestearre troch it Militer Gesach, de Binnenlanske Striidkreften (BS) en troch samar boargers. Plondering en dieverij fan hus en hear wiene net seldsum. De arrestanten waarden somtyds geastlik en lichaamlik tramtearre. Froulju waarden kealskeard. Yn de (improvisearre) kampen waard stellen fan de NSB-ers. Der koe yn de earste moannen fan de ynternearing om raak mishannele wurde [12] , deaslach hat der west, medyske soarch en iten waard untholden, sels wienen der ferkrefingen. Yn it kamp Westerbork by Hooghalen stoaren dertroch yn de hjerst fan 1945 in protte siken, bern en alderein. [13] De oerheid makke earst begjin 1946 in ein oan dizze misstannen. Yn Kamp Erica by Ommen kamen fan 1945 oant de simmer fan 1946 hunderten politike delinkwinten om, der't NSB-bern under wiene, troch tyfus dat net behannele waard. Fan de dieders waarden mar in pear straft. Yn totaal waarden sa'n 150.000 minsken festholden en waarden rom 450.000 kollaboraasjedossiers oanlein. De NSB ferdwun unearfol ut de Nederlanske polityk. Eardere NSB-leden en harren bern hawwe faak noch lang te lijen han fan it NSB-stigma wat by in protte minsken psychyske swierrichheden jun hat; en hja waarden faak mei de nekke oansjoen en noch desennia narre nei 1945. [14] De widdo Rost van Tonningen bleau oant har dea yn 2007 in oertsjuge oanhinger fan it nasjonaal-sosjalisme en waard derom de 'swarte widdo' neamd. Oant 1952 unteigene de Nederlanske Steat benammen fest guod fan NSB'ers, sunder ek mar in bytsje skea te fergoedzjen. [15]

Politike ynfloed [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Earste Keamerleden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In oersjoch fan alle eardere Earste Keamerleden foar de NSB:

  1. Ernst von Bonninghausen
  2. Gerrit van Duyl
  3. Jacob Maarsingh
  4. Max de Marchant et d'Ansembourg
  5. Dirk Frans Pont
  6. Wilhelmus de Rijke
  7. Anton Johan van Vessem

Twadde Keamerleden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In oersjoch fan alle eardere Twadde Keamerleden foar de NSB

Twadde Keamerlid Perioade
G. Dieters (Gerhardus) 08-06-1937 t/m 13-09-1945
M.V.E.H.J.M. greve de Marchant et d'Ansembourg (Max) 08-06-1937 t/m 03-02-1941
M.M. Rost van Tonningen (Meinoud) 11-06-1937 t/m 05-06-1945
H.J. Woudenberg (Henk) 08-06-1937 t/m 13-09-1945

Provinsjale Steaten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In oersjoch fan de sitten foar de NSB yn de Provinsjale Steaten.

Provinsje Sitten 1935 Sitten 1939
Drinte 4 3
Fryslan 1 0
Gelderlan 5 2
Grinslan 4 2
Limburch 5 2
Noard-Braban 2 1
Noard-Hollan 7 4
Oerisel 3 2
Utert 4 1
Seelan 2 1
Sud-Hollan 7 3
Totaal 44 21

Wichtige persoanen yn de NSB [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

F.W. van Bilderbeek prof. dr. T. Goedewaagen S.L.A. Plekker
Stien van Bilderbeek J.W. baron Van Haersolte van Haerst D.F. Pont
jhr. D. de Blocq van Scheltinga A.J.W. Harloff mr. H. Reydon
Max Blokzijl ir. C.J. Huygen W. de Rijke
jhr. mr. E.J.B.M. von Bonninghausen P.G. de Jager Meezenbroek Evert Roskam
J.A. Boreel de Mauregnault D. Jousovec mr. Meinoud M. Rost van Tonningen
mr. J.H. Carp M. Kardoes J.W. de Ruiter
Gerhardus Dieters George Kettmann ir. W.L.Z. van der Vegte
ds. G. van Duyl W.O.A. Koster mr. A.J. van Vessem
F.E. Farwerck Jb. Maarsingh G.F. Vlekke
Henk Feldmeijer M.V.E.H.J.M. Graaf de Marchant et d'Ansembourg F.W. van Vloten
Cornelis van Geelkerken ir. F.E. Muller Henk Woudenberg
prof. mr. dr. R. van Genechten H.W. Muller-Lehning mr. A. Zondervan
ir. A.A. Mussert


Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NSB-Documentatie, Hagespraak. Provincie Drenthe 11,19 % t.o. 7,94 % landelijk gemiddeld - Steatenferkiezingen 1935
  2. 9.5 % Utrecht, t.o. 7,94 % landelijk. Provincie Utrecht
  3. Ibidem, 9.64 % NSB, 1935 PS verk
  4. Zonneke Matthee, 5 juli 2008, Oproep in: De Gelderlander. Blog NSB-vrouwen
  5. E. Beekink (2003). Nederland in verandering: maatschappelijke veranderingen in kaart gebracht . Antwerpen: Maklu, pp. 134-35.
  6. H. Gras (2000). Geschiedenis van Assen , s. 286
  7. NSB-Documentatie, Hagespraak. Provincie Limburg 11,69 % t.o. 7,94 % landelijk gemiddeld - Statenverkiezingen 1935
  8. NSB-Documentatie, Hagespraak.
  9. Ch. van der Heijden (2006)
  10. Joodse NSB'ers & Villa Bouchina, TracesOfWar.nl
  11. Jong, L. 1956, s73.
  12. Henk Eefting, De Bijzondere Rechtspleging 1944-1952. Rampzalige gevolgen voor politieke delinquenten en collaborateurs (Soesterberg 2007), pp. 309-311.
  13. Henk Eefting, De Bijzondere Rechtspleging 1944-1952. Rampzalige gevolgen voor politieke delinquenten en collaborateurs (Soesterberg 2007), s. 309-315.
  14. Jenneke: "Ik zag mijn vader niet als fout", 21 januari 2009, Open Archief
  15. Henk Eefting, De Bijzondere Rechtspleging 1944-1952. Rampzalige gevolgen voor politieke delinquenten en collaborateurs (Soesterberg 2007).

Keppelings om utens