N!xau ?Toma

Ut Wikipedy
N!xau ?Toma
akteur
persoanlike bysunderheden
echte namme N!xau ?Toma
nasjonaliteit Namibysk
berne ± 1943
berteplak Tsumkwe ( Namybje )
stoarn 1 july 2003
stjerplak Tsumkwe ( Namybje )
etnisiteit San
jierren aktyf 1980 ? 1996
offisjele webside
n.f.t.

N!xau ?Toma (koart: N!xau ; altenative stavering: Gcao Coma ; Tsumkwe , ± 1943 ? dere, 1 july 2003 ) wie in Namibysk boer , jager en akteur fan etnysk San -komof. Hy waard yn 1980 ferneamd troch syn rol yn 'e film komeedzje The Gods Must Be Crazy , fan 'e Sudafrikaanske regisseur Jamie Uys . N!xau spile dernei noch yn in seistal oare films, en waard wol "Namybjes meast ferneamde akteur" neamd. Hy ferstoar yn 2003 oan tuberkuloaze .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en komof [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

N!xau hearde ta it folk fan 'e San (foarhinne "Boskjesmannen" neamd). De symboalen ! en ? (en teffens de letter x), yn syn namme, steane foar klikkonsonanten ut 'e Koisan-talen . N!xau wist net wannear't er persiis berne wie, mar neffens offisjele skattings (u.m. brukt foar yn syn paspoart ) moat dat likernoch yn 1943 west hawwe. Hy spriek floeiend Ju?’hoan (in San-taal), Tswana en Herearo , en koe him dernjonken rede yn it Afrikaansk . Hy underhold himsels oarspronklik as jager .

Aktearkarriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1980 waard N!xau frege om mei te wurkjen oan 'e film The Gods Must Be Crazy ("De Goaden Moatte Wol Gek Weze"), fan 'e Sudafrikaanske regisseur Jamie Uys . Dat wie in komeedzje mei twa ferhaallinen weryn't Uys him u.m. fan slapstickmetoaden betsjinne. Yn 'e iene ferhaalline smyt in unachtsume piloat boppe de Kalahary -woastyn in leech Coca-Cola -fleske ut it rut, dat dernei fun wurdt troch in San -stamme, dy't mient dat it in geskink fan 'e goaden is. As it iennichste hurde en folslein wettertichte foarwerp dat se ea sjoen hawwe, reitsje de San underling deilis om it ding, oant men uteinlik kedizet dat it werombrocht wurde moat nei de goaden, om't it allinne mar ellinde bringt. In jager, spile troch N!xau, nimt dy taak op him, mar kriget der hiel wat mei te stellen as er oan 'e rane fan 'e Kalahary foar it earst yn kontakt komt mei blanke minsken. De twadde ferhaalline giet oer de untstellend unhandige blanke dy't him uteinlik oer de San-jager untfermet, en dy't op in hilarysk knoffelige wize besiket om 'e nije skoaljuffer yn it doarp it hof te meitsjen.

De rjochten fan The Gods Must Be Crazy waarden ferkocht oan 45 lannen, en de film wie te sjen yn Noard-Amearika , Jeropa en Japan . Yn 1981 wun Uys der de grutte priis mei op it Festival International du Film de Comedy Vevey . Troch it sukses fan 'e film wie N!xau wraldferneamd wurden, mar der hied er sels mar amper weet fan. Foar't er oan 'e film meidie, hied er yn syn hiele libben mar trije blanken sjoen, en hy wie alhiel unwittend fan 'e wearde fan it papierjild dat er yn ruil foar syn aktearjen taparten krige. Neffens it ferhaal liet er dat derom fuortblaze yn 'e wyn. Hy fertsjinne oan it projekt trouwens ek mar in pear hundert rand .

Tsjin 'e tiid dat Uys yn 1989 in minder suksesfol ferfolch makke, The Gods Must Be Crazy II , mei twa soartgelikense ferhaallinen oer de San en in pear blanken, hie N!xau aardich byleard en wist er troch underhannelings in folle hegere priis te betingjen foar syn meiwurking. Hy kaam lykwols ut in kultuer dy't gjin wearde hechte oan 'e materiele saken dy't er mei jild keapje koe, en sadwaande hied er nea leard om ferstannich mei jild om te gean. Nettsjinsteande dat brukte er in diel fan syn ynkommen om foar syn famylje in bakstiennen hus sette te litten mei wetterlieding en elektrisiteit . Njonken de beide The Gods Must Be Crazy -films fan Uys wurke N!xau noch mei oan ferskate ferfolgen dy't troch oare regisseurs makke waarden: Crazy Safari , Crazy Hong Kong en The Gods Must Be Funny in China , werfoar't er alhiel nei Sina reizge.

Lettere jierren en ferstjerren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mids jierren njoggentich kearde er werom nei syn berteplak Tsumkwe, der't er boer waard en mais , pompoenen en beane ferboude, wylst er ek in pear kij hie. Yn july 2000 liet N!xau, dy't opgroeid wie yn 'e natoerreligy fan 'e San, him dope en waard er lid fan 'e Sande-Deis Advintistyske Tsjerke . Hy ferstoar op 1 july 2003 wylst oer op jacht wie yn 'e omkriten fan Tsumkwe oan multyresistinte tuberkuloaze . Hy wie doe likernoch 59 jier. Hy waard op 12 july by in semy-tradisjonele seremoanje njonken syn twadde frou begroeven. N!xau hie seis bern dy't him oerlibben.

Filmografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1980 ? The Gods Must Be Crazy
  • 1988 ? The Gods Must Be Crazy II
  • 1990 ? Kwacca Strikes Back
  • 1991 ? Crazy Safari
  • 1993 ? Crazy Hong Kong
  • 1994 ? The Gods Must Be Funny in China
  • 1996 ? Sekai Ururun Taizaiki (as himsels)

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .