Mitra Nazar

Ut Wikipedy
Mitra Nazar
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysunderheden
echte namme Mitra Nazar
nasjonaliteit Nederlansk
berne 20 oktober 1980
berteplak Delfsyl ( Grinslan )
etnisiteit Frysk
Perzysk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste , ferslachjouster
medium tillefyzje , radio
wurksum by NOS
jierren aktyf 2005 ? no
offisjele webside
Mitra Nazar op Twitter

Mitra Nazar ( Delfsyl , 20 oktober 1980 ) is in Nederlansk sjoernaliste fan Frysk komof . Hja wurket as ferslachjouster foar de NOS .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nazar waard yn 1980 berne yn Delfsyl , yn 'e Nederlanske provinsje Grinslan , as de dochter fan in etnysk Fryske mem en in Iraanske heit . Har mem wurke der as ferpleechkundige , wylst har heit der as asylsiker Nederlansk learde. Foar't Nazar ien jier ald wie, ferhuzen har aldelju mei har nei Ljouwert , om tichter by de famylje fan har mem te wenjen. De hushalding bleau net lang yn 'e Fryske haadsted , mar sette him ynstee nei wenjen yn Hurdegaryp , der't Nazar opgroeide . Doe't se trettjin of fjirtjin jier wie, ferhuzen se werom nei Ljouwert, der't se yn Camminghabuorren te wenjen kamen.

Nazar genoat basisunderwiis oan Iepenbiere Daltonbasisskoalle De Fugelflecht yn Hurdegaryp. Middelber underwiis folge se oan 'e Iepenbiere Skoallemienskip De Delta (letter Piter Jelles ) yn Ljouwert. Op 'e basisskoalle waard har ferteld dat se "in typysk MAVO -famke" wie, mar op De Delta die se ynstee it VWO . Doe't se yn 1999 , op har achttjinde, slagge foar har eineksamens , en de measten fan har klasgenoaten nei Grins giene te studearjen , keas Nazar der ynstee foar om taal- en kultuerstudys te dwaan oan 'e Universiteit fan Utert . Dy studzje ferruile se nei twa jier foar pedagogyske wittenskippen mei as byfak sjoernalistyk .

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't se yn 2005 ofstudearre, gie Nazar as freelance sjoernaliste oan it wurk. Se skreau artikels en makke reportaazjes foar u.m. nu.nl , de Wraldomrop , RTV Utert , Het Parool , de BBC en it programma Bureau Buitenland fan 'e VPRO . Yn 2012 kaam se yn 'e tsjinst by de NOS. Foar dy omrop waard se yn 2017 butenlankorrespondinte mei as wurkgebiet de Balkan . Nazar, dy't nei eigen sizzen in fassinaasje hat foar alles dat eastlik leit fan it eardere Izeren Gerdyn , sette har derfoar nei wenjen yn 'e Servyske haadsted Belgrado . Se ferfolle de funksje fan Balkan-ferslachjouster trije jier lang, oant se per 1 april 2020 as Turkije -korrespondinte de opfolchster waard fan Lucas Waagmeester . Derfoar ferhuze hja nei Istanbul .

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nazar wennet gear mei har Britske freon James, dy't ek sjoernalist is. Se troffen inoar doe't se allebeide in reportaazje makken yn Kosovo . Nazar en har freon hawwe in dochterke , Mila ( 2017 ). Fryslan docht Nazar tsjintwurdich inkeld noch oan om har alden te besykjen, dy't op It Hearrenfean wenje.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Speerstra, Robert Jan , Op zoek naar meer , yn: de Ljouwerter Krante , 28 maart 2020, taheakke Sneon & Snein , s. 10-12.