Minimumlean

Ut Wikipedy

It minimumlean is it leechste bedrach dat in wurkjouwer wetlik ferplichte is oan in wurknimmer as lean te beteljen. In minimumlean kin utdrukt weze as oerelean, of lean yn 'e moanne of yn 'e wike. It minimumlean is altyd utdrukt as brutolean , sunder ynhalding fan belestingen en sosjale sekerheidsbydragen . Binnen de Europeeske Uny hawwe 20 - derunder Nederlan en Belgje - fan de 27 lidsteaten in minimumlean. Oare lannen - derunder Noarwegen , Dutslan , Eastenryk , Denemark , Switserlan , Finlan , Sweden , Itaalje en Syprus - hawwe gjin wetlik minimumlean, mar litte dat oer oan underhandelingen tusken wurkjouwers- en wurknimmersorganisaasjes .

Oer de ekonomyske effekten fan it minimumlean bestiet gjin konsensus under ekonomen .

Nederlan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Nederlanske wet bepaalt hoe heech dit minimumlean is, en fan 15 - 23 jier is dat mei ofhinklik fan de leeftyd fan de wurknimmer en it oantal oeren dat in folsleine wurkwike bedraacht konform de CAO. Under de 15 jier jildt gjin wetlik minimumlean.

It minimumlean is yn Nederlan ynfierd op 27 novimber 1968 . It waard doe feststeld op 100 gune yn de wike. [1]

It minimumlean wurdt twa kear jiers (yn jannewaris en july) oanpast oan de gemiddelde untwikkeling fan de CAO-leanen. It bedraacht mei yngong fan 1 jannewaris 2010 € 1.407,60 euro bruto de moanne foar in wurknimmer fan 23 jaar of alder by in folsleine wurkwike.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Informatie over minimumloon in Nederland:


  1. Publikaasje fan de SER oangeande it minimumlean foar 25 jierrigen.