Meral Polat
(
Amsterdam
,
25 febrewaris
1982
) is in
Nederlansk
aktrise
fan
Koerdysk
komof, dy't u.m. bekend is fan har
rollen
as
Anne Frank
yn it
toanielstik
Anne en Goebbels
, en Mel yn 'e
telefyzjesearje
De Luizenmoeder
.
Polat waard yn
1982
yn
Amsterdam
berne ut
etnysk
Koerdyske
alden dy't oarspronklik ut
Dersim
, yn
Turksk
-
Koerdistan
, kamen. Hja groeide op yn
Saandam
, der't har heit in
fideoteek
runde. Yn
2004
studearre se of oan 'e
Toanielskoalle fan Amsterdam
, en dernei spile se yn foarstellings fan u.o.
Titus Tiel Groenestege
,
Anke Boersma
en
Annechien Koerselman
, en
Don Duyns
. Polat wie ien fan 'e aktrises dy't yn
2007
mei it stik
Gesluierde Monologen
, fan
Adelheid Roosen
, yn 'e
Feriene Steaten
op toernee giene. Yn
2008
hie se de haadrol yn 'e foarstelling
Kamp Holland
, fan
kabaretgroep
Orkater
, en teffens yn
Hollandse Spoor
, fan it
Nasjonaal Toaniel
, der't se de
Guido Moor-priis
foar untfong.
Yn
2010
krige Polat bekendheid by in breder publyk fanwegen har yn 'e media breed utmetten fertolking fan
Anne Frank
yn it stik
Anne en Goebbels
. Dat wie in runom priizge foarstelling dy't basearre wie op 'e
deiboeken
fan
Holokaustslachtoffer
Anne Frank en de
nazy
-minister fan Propaganda
Joseph Goebbels
, produsearre troch
Pim baron Bentinck van Schoonheten
en under
rezjy
fan
Ebby Habbema
. Teffens hat Polat meispile yn 'e toanielstikken
Moord in de Kerststal
,
Les Enfants du Paradis
en
Hoogwater Voorheen Laagwater
, fan
Wim T. Schippers
. Yn
2015
brocht se yn gearwurking mei har toanielskoalfreon
Eran Ben-Michael
har eigen stik
Who's Afraid of Romeo & Julia
op 'e planken, in ferfolch op
it ferneamde toanielstik
fan
Shakespeare
, mei as utgongspunt de fraach wat der bard weze soe as de haadpersoanen oan 'e ein fan Shakepeare syn stik net deagien wiene.
Njonken har toanielwurk wie Polat ek geregeldwei op 'e
tillefyzje
te sjen, mei rollen yn searjes as
Keyzer en De Boer Advocaten
,
Lijn 32
,
Sprint
en
Hard tegen Hart
. Op it
wite doek
spile se u.m. mei yn 'e
films
Vreemd Bloed
(
2010
),
Brammetje Baas
(
2012
) en
Undercover
(
2015
), en yn 'e
koarte film
Mina Moes
(
2011
). Yn
2015
spile Polat de
rol
fan Gunay yn 'e
tillefyzjesearje
Noord Zuid
, en yn
2016
wie se te sjen as juffer Pauline yn 'e bernesearje
Mees Kees
. Yn
2018
fertolke hja de rol fan Mel yn 'e rige
De Luizenmoeder
, dy't unferwachts in spektakuler sukses waard. Behalven as aktrise is Polat ek aktyf as
sjongster
enn
lietsjeskriuwer
, mei har eigen band Merals Harem. Dermei makket hja in kombinaasje fan Easterske en Westerske
muzyk
.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Altun, Kader
,
Een minuutje met Meral Polat, actrice
, yn:
Azady.nl
, 7 desimber 2008.
- Berg, Simon van den
,
De wereld van anderen ontdekken
, yn: de
Ljouwerter Krante
(Freedsbylage), 30 jannewaris 2015.
- ??,
Meral Polat
(koarte biografy).
|