Kelvin Kiptum

Ut Wikipedy
Kelvin Kiptum
sporter
Kelvin Kiptum (2023)
Kelvin Kiptum (2023)
persoanlike bysunderheden
echte namme Kelvin Kiptum
nasjonaliteit Keniaansk
bertedatum 2 desimber 1999
berteplak Chepsamo
stjerdatum 11 febrewaris 2024
stjerplak Kaptagat
lingte 1.80 m
gewicht 65 kg
sportive ynformaasje
sport Atletyk
underdiel Maraton
trener Gervais Hakizimana
debut 2022
karriere-ein 2024
ekstra Wraldrekor maraton
(2:00:35 Chicago 2023)

Kelvin Kiptum ( Chepsamo , 2 desimber 1999 - Kaptagat , 11 febrewaris 2024 ) wie in Keniaansk atleet, dy't utkaam op de maraton . Yn desimber 2022 makke hy syn debut op de folsleine maraton. Hy run op de Maraton fan Falinsia in tiid fan 2:01.53, in parkoersrekor. Hjirmei run er op dat stuit de op trije nei rapste tiid ea en wie er de op twa nei rapste maratonrinner fan alle tiden. Yn april 2023 wun er de Maraton fan Londen yn 2:01.25, de twadde rapste maratontiid ea run, 16 sekonden stadiger as Kipchoge's wraldrekor fan 2:01.09.

Op 8 oktober 2023 run Kiptum in nij wraldrekor op de Maraton fan Chicago, yn in tiid fan 2:00.35. Kiptum wie dermei de earste persoan dy't de maraton trije kear under de 2:02.00 oere run hat, en dat boppedat yn syn earste trije folsleine maratons.

Kelvin Kiptum ferstoar op 11 febrewaris 2024, yn 'e aldens fan 24 jier, as gefolch fan in slim auto-ungelok yn syn bertelan Kenia. Ek syn trener Gervais Hakizimana kaam by it ungelok te ferstjerren. [1] [2]

Persoanlike rekors [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Underdiel Prestaasje Datum Plak
10.000 m 28.27,87 4 maaie 2021 Stockholm
10 km 28.17 6 oktober 2019 Utrecht
heale maraton 58.42 6 desimber 2020 Falensia
maraton 2:00.35 (WR) 8 oktober 2023 Chicago

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL