Karel Martel
(sa.
688
-
22 oktober
741
) wie
hofmeier
fan it
Frankyske ryk
. Syn bynamme
Martel
betsjut
Hammer
dat weromslaat op syn brutale oanpak en neat te dwaan hat mei
marteljen
.
Karel Martel waard berne yn
Herstal
yn it tsjinwurdige
Walloanje
, yn
Belgje
. Hy wie in oerwinneling fan
Pippyn II
by syn concubine
Alpaida
. Hy koe him tsjin syn jongere healbruorren oer, de rjuchtmjittige erfgenamten fan Pippyn II, trochsette en waard sa de stamheit fan de
Karolingers
.
Karel Martel is it ferneamdst fanwege syn oerwinning yn de
Slach by Poitiers
yn
732
, dy't troch in protte skiedkundigen sjoen waard as de "reding fan
Jeropa
op de
Arabieren
". Martels Frankyske leger fersloech in Arabysk leger, werfan in lettere skriuwers oannimme dat it de
Islam
ferspriede woe. Alhoewol't de Arabieren Jeropa net hielendal oermasterje koenen, slaggen sy der wol yn it
Ibearyske Skiereilan
en in grut part fan Sud-
Frankryk
te besetten. It soe noch twa generaasjes duorje soe ear't de Arabieren tebek twongen waarden oer de
Pyreneeen
, mar dizze oerwinning die de kansen fan de Arabieren kearen yn it foardiel fan de
Franken
.
Wer't de skiedkundigen it al oer iens binne is dat dizze slach foar Karel Martel de ferieniging fan it Frankyske ryk mooglik makke.
Yn it folgjende desennium late Karel it Frankyske leger tsjin de eastlike hartochdommen
Beieren
en
Allemaanje
, en tsjin de sudlike hartochdommen
Akwitaanje
en
Provence
en makke in ein oan harren selsstannigens. Hy wie suksesfol tsjin de
Friezen
yn
734
want troch harren kening
Poppo
te ferslaan yn de
slach oan de Boarn
makke hy in ein oan it doetiids machtige
Fryske ryk
. Mei syn leger luts hy ek op tsjin de
Saksen
mar wie tsjin harren matich suksesfol, de folsleine oerwinning op de Saksen soe helle wurde troch syn pakesizzer
Karel de Grutte
.
Karel Martel stoar op
22 oktober
741
yn
Kwierzy
, yn it hjoeddeiske departemint
Aisne
(
Frankryk
). Hy leit noch altiten begroeven yn de Saint-Denis-basilyk by
Parys
.