Johan de Wal

Ut Wikipedy
Professor Mr. J. de Wal

Johan de Wal ( Frjentsjer , 3 april 1816 - Arnhim , 7 febrewaris 1892 ) wie in Nederlansk heechlearaar yn de rjochtsgeleardheid.

Oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Wal trochrun de Grinzer Akademy wernei't hy promovearre yn de rjochten op it proefskrift Disquisito historica de juris civilis docenti discendique via ae ratione apud Romanos .

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 28 maart 1839 waard hy beneamd as adjunkt-kommys earste klasse by it provinsjaal bestjoer fan Drinte . Yn 1841 waard hy beneamd ta substitut-offisier fan justysje by de arrondissemintsrjochtbank fan Winschoten ; yn dyselde betrekking gie hy yn 1843 by de Leienske rjochtbank wurkjen, en yn 1845 waard hy befoardere ta substitut fan de abbekaat-fiskaal foar de Lan- en Seemacht, as sadanich wurkjend by it Heech Militer Gerjochtshof yn Utert . Yn 1848 waard hy beneamd ta sekretaris-generaal by it Departemint fan Binnenlanske Saken . Net lang hjirnei waard hy beneamd ta heechlearaar oan de juridyske fakulteit fan de Universiteit fan Leien , as opfolger fan professor H.W. Tydeman, dy't mei emeritaat gie. Hy joech underwiis yn de Romeinske rjochtsskiednis, it hannelsrjocht en it strafrjocht.

De Wal wurke 22 jier as heechlearaar en twa kear (yn 1850 en 1860) waard hy keazen ta rektor magnifikus . Op 1 jannewaris 1871 gie hy mei emeritaat . Hy ferhuze nei De Haach foar syn wurk yn de Steatskommisje, der't er de derop folgjende fjouwer jier wurkje soe.

Untwerp foar in Wetboek fan Strafrjocht [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1843 en 1844 krige hy de opdracht fan it regear om diel te nimmen oan de bewurking fan de destiids gearstalde untwerpen fan in Nederlansk Wetboek fan Strafrjocht. Mar pas yn 1870 stelde kening Willem III fan de Nederlannen in kommisje yn foar de gearstalling fan in Nederlansk Wetboek fan Strafrjocht, werfan De Wal ta foarsitter beneamd waard. Dy kommisje wie yn de simmer fan 1875 klear mei syn wurk, pas yn 1886 soe it untwerp fan de kommisje as Wetboek ynfierd wurde.

Oare kommisjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Wal wie lid fan it bestjoer en jierren foarsitter fan de Maatskippij fan de Nederlanske Letterkunde yn Leien, lid fan de Keninklike Nederlanske Akademy fan Wittenskippen , der't hy fjouwer jier (1858-1862) foarsitter wie fan de ofdieling foar de taal-, letter-, skiedkundige- en wiisgearige wittenskippen.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: