Joe Cocker

Ut Wikipedy
Joe Cocker
sjonger en/of muzikant
Joe Cocker (2003)
Joe Cocker (2003)
persoanlike bysunderheden
echte namme John Robert Cocker
nasjonaliteit Britsk
berne 20 maaie 1944
berteplak Sheffield
stoarn 22 desimber 2014
stjerplak Crawford
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre Rock ,
Blues
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) With a Little Help from My Friends,
Unchain My Heart,
You Are So Beautiful
jierren aktyf 1961 - 2014
Joe Cocker en de Grease Band op Woodstock, 1969

John Robert (Joe) Cocker ( Sheffield , 20 maaie 1944 ? Crawford , 22 desimber 2014 ) wie in Ingelske rocksjonger. Hy hie under oaren sukses mei de lieten With a little help from my friends , You are so beautiful en Up where we belong .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Joe Cocker wie leadjitter en hie al sunt 1960 yn in tal bands spile, doe’t er syn earste single I’ll cry instead utbrocht. Mei syn twadde single Majorine hie er mear sukses, mar hy bruts pas troch mei syn band The Grease Band yn de hjerst fan 1968 mei de Beatles -cover With a little help from my friends . Dat lietsje wie bekind fan it Beatles-album Sgt. Pepper’s lonely hearts club band en Cocker joech der in hiele eigen, wat rugere, foarm oan. Letter naam er in album op, mei deselde titel as de single.Op dat album spilen under oaren ek Stevie Winwood (Traffic en Blind Faith) en Jimmy Page (Yardbirds en Led Zeppelin). Yn augustus 1969 song er op it ferneamde Woodstockfestival . Hy foel op troch syn rauwe stim en syn motoryk. Hy sloech frjemd om him hinne mei de earms en wjukkele oer it poadium. Trochdat der ek in film makke waard fan it Woodstock Festival wie Joe Cocker oer de hiele wrald te sjen en waard er wraldferneamd.

Yn de jierren 1969-1974 hie er under oaren sukses mei de singles Delta Lady , The letter (syn earste numer 1 hit yn de Feriene Steaten ) Hightime we went , Cry me a river en Feelin’ allright . Yn 1970 makke er in tournee troch de FS mei in grut tal muzikanten, under lieding fan de muzikant Leon Russell , dat de Mad dogs and Englishmen tournee neamd waard. Joe Cocker en syn begelieders reizigen yn amper san wiken troch sa’n 50 Amerikaanske steden. Der waard in soad drank en drugs brukt en Joe Cocker krige dertroch sawol swierrichheden mei syn stim (dy‘t noch folle heazer wurden wie) as mei syn lichem. Hy gong wer by syn alden wenjen en kaam der stadichoan wer boppenop.

Yn 1972 gong er op tournee mei de pianist Chris Stainton , troch Amearika, Europa en Australie. Mar hy rekke wer oan de drugs en waard opnaam yn in ofkickklinyk. In pear jier letter krige er wer op ‘e nij sukses, earst mei You are so beautiful (1975) en letter tegearre mei Jennifer Warnes mei it lietsje Up where we belong (1982) foar de film An Officer and a Gentleman . Foar dit liet krige dit duo in Grammy Award . Yn 1986 brocht er it lietsje You can leave your hat on ut, dat skreaun wie troch Randy Newman . Dat lietsje wurdt brukt yn de erotyske film 9 1/2 weeks . Yn 1988 song hy op Pinkpop en yn in fol Ahoy . Yn dat selde jier song er ek op it Feanhoopfestival . Nei it grutte sukses yn de jierren santich en tachtich stiet er no noch alle jierren mei in tal ferskes yn de Radio 2 Top 2000 . Yn 2017 wienen dat: With a little help from my friends (364), You are so beautiful (571), Unchain my heart (877), N ‘oubliez jamais (912) en You can leave your hat on (1226). Hy is ferstoarn troch in slimme skykte op 22 desimber 2014, doe wie er 70 jier.

Diskografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • With a Little Help from My Friends (1969)
  • Joe Cocker! (1969)
  • Joe Cocker (1972/EU: 1973)
  • I Can Stand a Little Rain (1974)
  • Jamaica Say You Will (1975)
  • Stingray (1976)
  • Luxury You Can Afford (1978)
  • Sheffield Steel (1982)
  • Civilized Man (1984)
  • Cocker (1986)
  • Unchain My Heart (1987)
  • One Night of Sin (1989)
  • Night Calls (1991/US: 1992)
  • Have a Little Faith (1994)
  • Organic (1996)
  • Across from Midnight (1997)
  • No Ordinary World (1999/US: 2000)
  • Respect Yourself (2002)
  • Heart & Soul (2004/US: 2005)
  • Hymn for My Soul (2007/US: 2008)
  • Hard Knocks (2010/US: 2012)
  • Fire It Up (2012)

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]