Isaac da Costa

Ut Wikipedy
Isaac da Costa yn in print fan P. W. M. Trap (1821?1905)

Isaac da Costa ( Amsterdam , 14 jannewaris 1798 ? Amsterdam, 28 april 1860 ) wie in Amsterdamske dichter en histoarikus . Da Costa kaam ut in begoedige Joadske bankiersfamylje. Yn 1821 troude hy mei Hanna Belmonte .

Earst belide er it ortodoks joadedom mar letter is er ortodoks kristen wurden. Hy foarme letter mei in groepke It Reveil , dat de maatskippij werom bringe woe under de hearskippij fan Jezus Kristus . Syn bekendste wurk is de brosjuere 'Bezwaren tegen den geest der Eeuw' (1823); dat joech in soad opskuor.

'Da Costiaan' wie yn syn tiid in skelwurd; syn krityk op de libertynske tiidgeast waard as Obskurantisme sjoen en dat kaam him op tsjinwar te stean yn runten dy't de de Ferljochting stipen.

Hy debutearre yn 1812 mei it gedicht 'Lof der dichtkunst'. Hy hat ek wurk fan Aischylos oerset. Syn sammele poezij waard utjun troch dumny-dichter J. P. Hasebroek mei as titel Komplete dichtwerken van Is. da Costa (3 dln. 1861-1863).

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Isaac da Costa fan Wikimedia Commons .