Hidde Sjoerds de Vries

Ut Wikipedy
De Friso, under befel fan de Vries

Hidde Sjoerds de Vries ( Seisbierrum , 22 desimber 1645 - Noardsee foar Duntsjerk, 1 july 1694 ), wie in seefarder yn tsjinst fan de Fryske Admiraliteit .

Krekt as syn omke Tsjerk Hiddes de Vries makke er opgong by de Fryske Admiraliteit . Nei yn 1683 kapitein west te hawwen op in skip fan de Admiraliteit waard hy op 22 maart 1692 ta skout-by-nacht promovearre. Yn dizze funksje fierde hy it befel by de seeslaggen by La Hogue en Duntsjerk yn 1692 . Yn 1694 joech hy fan de Prins Friso of it befel oer de Nederlanske float. Yn in gefjocht mei de Fransman Jean Bart rekke er ferwune wernei't hy yn 1694 foar Duntsjerk syn leste siken utblies.