Hedzer Rijpstra
(
Zelhem
,
11 maaie
1919
-
Oegstgeest
,
7 april
2011
)
[1]
wie in eardere
Nederlansk
amtner en ald-
politikus
foar de
CHU
.
Fan juny
1946
oant septimber
1952
wie Rijpstra wurksum by it Ministearje fan Butenlanske Saken. Hy wie
boargemaster
fan
Smilde
(oktober
1952
-
1960
), fan
Terneuzen
(
1960
-
1966
) en fan
Almelo
(
1966
- juny
1970
). Yn
1970
waard er
Kommissaris fan de Keninginne
yn
Fryslan
. Hy gie yn 1982 mei pinsjoen en waard opfolge troch
Hans Wiegel
. Hy stie bekend as in dynamyske persoanlikheid dy't it iepenbier bestjoer bedreau as in spul. Yn Fryslan waard er sjoen as in goede foarsitter en as in freonlike bestjoerder mei natuerlik gesach. Hy waard ienris (yn 1967) neamd as CHU-minister fan Ynlanske Saken.
Fierders wie er under oare foarsitter fan it ETIF, it Provinsjaal opbouorgaan, de behearskommisje PEB en presidint-kurator fan de Noardlike Leargongen. Ek wie er lid fan it haadbestjoer fan de
AVRO
.
- Johannes Rijpstra
(1889-1944), boargemaster (heit)
- Jan Rijpstra
(1955), gymnastyklearaar, sportbestjoerder en politikus (u.o. boargemaster) (neef)