Havana Ginger

Ut Wikipedy
Havana Ginger
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Havana, Havanna Ginger,
Mika Brown, Mika, Mica
echte namme Monica Pendas
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 febrewaris 1984
berteplak Los Angeles ( Kalifornje )
etnisiteit Afro-Kubaansk
Spaansk
Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , stripper ,
pornoaktrise
jierren aktyf 2003 ? 2020
offisjele webside
www.havanagingerxxx.com

Havana Ginger , echte namme: Monica Pendas ( Los Angeles , 27 febrewaris 1984 ), is in restend Amerikaansk neakenmodel , stripper en pornografysk aktrise fan mingd Afro-Kubaansk - Spaansk - Yndiaansk etnysk komof. Yn it begjin fan har karriere hat hja ek wol gebruk makke fan 'e artystenammen Havana, Mika Brown, Mika en Mica, wylst har uteinlike skulnamme ek wol misstavere wurdt as Havanna Ginger.

Havana Ginger yn kostum op in Halloween -feest.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Havana Ginger waard yn 1984 berne yn Los Angeles , yn 'e steat Kalifornje . Hja makke har debut yn in pornografyske film yn 2004 , doe't hja tweintich jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sunt yn likernoch 220 underskate films spile, u.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations , Elegant Angel , Sin City , Hustler Video , Third Degree Films , Wicked Pictures , Red Light District , Devil's Film , Anabolic Video , Zero Tolerance , Vivid Entertainment , VCA Pictures , Evil Angel , Digital Sin , Pure Play Media en Adam & Eve .

Ek hat Havana Ginger wol wurke foar minder bekende studio's, lykas West Coast Productions , Black Ice en Platinum X Pictures . Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet , lykas Reality Kings en BangBros . Dernjonken posearre hja ek foar ferskate neakenbleden , en wie hja aktyf as stripper . Yn 2014 loek se har uteinlik ut 'e pornoyndustry werom. Neffens har offisjele opjefte is Havana 1.60 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 34D, dy't se krigen hat troch (yn it begjin fan har karriere) in boarstfergruttingsoperaasje te undergean. Havana Ginger har twillingsuster is ek wurksum as pornoaktrise, under de namme Savana Ginger .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

(in) Offisjele webside fan Havana Ginger
(in) Havana Ginger har side op Twitter
(in) Biografy en filmografy fan Havana Ginger yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
(in) Biografyske gegevens en filmografy fan Havana Ginger yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
(in) Biografyske gegevens en filmografy fan Havana Ginger yn 'e Adult Film Database (AFD)
(in) Biografyske gegevens fan Havana Ginger op FreeOnes

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: