Hans van Tongeren

Ut Wikipedy
Hans van Tongeren
akteur
Hans van Tongeren yn 1980
Hans van Tongeren yn 1980
persoanlike bysunderheden
echte namme Johannes Adrianus Maria van Tongeren
nasjonaliteit Nederlansk
berne 18 jannewaris 1955
berteplak Breda
stoarn 25 augustus 1982
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1980 - 1982

Johannes Adrianus Maria (Hans) van Tongeren ( Breda , 18 jannewaris 1955 ? Amsterdam , 25 augustus 1982 ) wie in Nederlansk akteur .

Wurkpaad [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Van Tongeren debutearre yn 1980 yn de film Spetters fan regisseur Paul Verhoeven . Yn dy film spilet er Rien , in motorcrosstalint , dy't troch in ungemak ferlamme rekket en yn in rolstoel bedarret. Castingdirector Hans Kemna wie Van Tongeren syn kroade by produsint Joop van den Ende en sadwaande krige er dy rol.

Nei it sukses fan Spetters spile Van Tongeren noch in tal byrolen ynferskate Nederlanske films. Yn 1982 die er mei oan de Amerikaanske produksje Summer Lovers , mei as tsjinspilers Peter Gallagher en Daryl Hannah . Op 25 augustus dat jier makke er in ein oan syn libben .

Neffens de media yn dy tiid soe Van Tongeren, dy't in tal kearen yn pschiatryske kliniken opnaam west hie, him te folle mei de rollen dy't er spile idintifisearre hawwe. Krekt foar syn ferstjerren wie er cast foar de film Van de koele meren des doods ; lykas yn Spetters soe er deryn in selsmoardner spylje.

Hans van Tongeren kaam te hof yn syn berteplak. Syn gref hat allinne syn namme.

Filmografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Spetters (1980) - Rien Hartman
  • Het oponthoud (telefyzjefilm, 1982) - Lex
  • Summer Lovers (1982) - Jan Tolin
  • De smaak van water (1982) - Stasjer
  • Pim (telefyzjesearie) - Assistint (1983)

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]