Gustave Courbet

Ut Wikipedy
Selsportret fan Gustve Courbet

Gustave Courbet ( Ornans , 10 juny 1819 ? La Tour-de-Peilz ( Switserlan ), 31 desimber 1877 ) wie in Fransk realistysk skilder, dy't as in foarrinner fan it ympresjonisme sjoen wurdt. Hy nimt in grut plak yn yn njoggentjinde-iuwske Franske skilderkeunst, fral as fernijer en skilder dy't ree wie om in grutte sosjale krityk yn syn wurk te leverjen.

Situearring [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Courbet skildere taferielen ut it deistich libben, neakens (under mear it tige dryste L'origine du monde ) en fariearre lanskippen. Yn 1844 waard syn selsportret, Courbet mei swarte hun , akseptearre troch de ynfloedrike Paryske salon . Yn it earste wurk fan Courbet wie in odalisk [1] faak it underwerp, foarsteld troch Lelia fan Victor Hugo . Al gau ferliet er lykwols de literere ynfloeden en begun syn skilderijen te basearjen op de wurklikheid. Syn ynfloed op de Franske skilderkeunst fan de njoggentjinde iuw wie grut. It fernijende oan syn wurk wie it realisme: taferielen ut it deistich libben waarden haadunderwerp en op grut formaat ofbylde lykas stienhouwers of in begraffenis. In soad skilders folgen syn (realistyske) wurkwize, bygelyks Paul Cezanne . Claude Monet naam yn syn skilderij Le dejeuner sur l'herbe in portret fan Courbet op.

Troch reizen nei Nederlan en Belgje yn 1846-1847, waard syn realistyk byld fersterke troch it wurk fan under oare Rembrandt en Frans Hals .

It hjirby ofbylde skilderij It atelier fan de skilder is hast 6 meter breed. Derby makke er de wurklikheid net moaier as se wie, lykas in soad fan syn tiidgenoaten, mar liet it skilderij foar himsels sprekke. Dat late hieltiten ta skandalen yn it Franske kulturele libben.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. In slavinne/konkubine ut de harem fan de Turkske sultan