Frerik de Swetser

Ut Wikipedy
Frerik de Swetser
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysunderheden
echte namme Frerik Samplonius
nasjonaliteit Nederlansk
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre ruchhouwermuzyk
sjongtaal Nederlansk , Frysk
ynstrumint sjonger, songwriter
grutste hit(s) Iderien wurdt bekend behalve ik
jierren aktyf 2013 - no
offisjele webside
Oer Frerik de Swetser

Frerik de Swetser , artystenamme fan Frerik Samplonius ( Wikel , 27 febrewaris 1994 ), is in Nederlanske sjonger en songwriter.

Frerik waard bekend troch syn skiffle-eftige numer Iderien wurdt bekend behalve ik . Dit numer helle yn 2016 it tredde plak fan de Fryske Top 100 . Frerik Samplonius trede op yn it foarprogramma fan De Hunekop en Strawelte en wie gast by Omrop Fryslan . By optredens begeliedet er himsels op de gitaar en spilet hy ferskate muzykstilen, lykas rock 'n roll, sixties, country en ‘ruchhouwermuzyk’. Hy covert dan ek graach ferskes fan Strawelte en De Hunekop .

Frerik is skipper by in tankfeartrederij en wennet yn Sanmar . Al jong song hy yn it tsjerkekoar fan Balk . Syn artystenamme is untliend oan syn optriuwboatsje 'De Swetser' der't er as jonkje yn farde. [1] Syn sels skreaune numers geane ek oer dingen yn syn neiste omjouwing. Sa skreau er bygelyks in numer oer syn maat Sjoerd en oer syn auto, de 280 SE.

Diskografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Iderien wurdt bekend behalve ik (2016)
  • Elke gek hat syn gebrek (2016)
  • Simmerdeis (2016)
  • Bier falle litte
  • Swetse en sweare (2019)

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Balkster Krante, 10 desimber 2016