De Haule

Ut Wikipedy
De Haule
Polityk
Lan Nederlan
provinsje Fryslan
gemeente Eaststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 580 ( 1 jannewaris 2023 ) [1]
Oerflak 14,70 km², werfan:
- lan: 14,69
- wetter: 0,01 km²
Befolkingsticht. 40,50 ynw./km²
Oar
Koordinaten 53° 02' N 6° 18' E
Himrik (grien) fan De Haule yn Eaststellingwerf
Himrik (grien) fan De Haule yn Eaststellingwerf
Offisjele webside
haule.nl
Kaart
De Haule (Fryslân)
De Haule

De Haule is in lintdoarp yn it noardeasten fan de gemeente Eaststellingwerf . Yn it doarpsgebiet leit ek de buorskip Koudenburch .

De Haule hat 580 ( 1 jannewaris 2023 ) [2] ynwenners.

Etymology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Haule komt neffens it Etymologysk Wurdboek fan J. de Vries fan it Fryske havela , dat "haad" betsjut. It soe betsjutte dat it stik lan heger leit as de omjouwing. Oan de noardlike en eastlike kant waard it doarpsgebiet eartiids begrinzge troch untagongklik fean en oan 'e sudlike kant troch it legerlizzende streamgebiet fan de Boppe-Kunder . [3]

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It alde streekdoarp De Haule is yn 'e lette midsiuwen untstien oan de fan west nei east rinnende dyk op in wat hegere rech yn it lan oan de noardkant fan de Tsjonger tusken Hoarnstersweach en Donkerbroek en Feanhuzen yn.

Yn 1328 wie De Haule al in selsstannich tsjerkedoarp. Yn 1408 wurdt it doarp De Haule en Die Hauwele neamd. Yn 1520 stiet it doarp bekend as Dumbroeckster Haule (Haule by Donkerbroek).

De ruge omjouwing fan De Haule wie foar unbekenden eartiids in nuodlik gebiet. Allinne yn hiele druge simmers wie it gebiet tagonklik. Sa moasten yn de 16e iuw keizerlike troepen de efterfolging fan Grinslanners en Geldersken stake, mei't hja keard waarden troch it wiete fean. De plakken der't it feangebiet oerstutsen wurde koe waarden derom al gau yn 1593 beskerme troch de skans Breeberch en de Swartedyksterskans .

Nei de reformaasje kaam der in ein oan De Haule as in selsstannich parochydoarp . Mei Donkerbroek waard De Haule ien tsjerklike gemeente mei Easterwalde . Dat feroare yn 1700, doe't De Haule en Donkerbroek ofskuort waarden fan Easterwalde en tenei tegearre ien tsjerklike gemeente foarmen en dat is noch altiten sa. Yn 1854 waard de alde doarpstsjerke ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke.

Healwei de 18e iuw unstie der troch de ferfeaning in soad aktiviteit yn it noardlike doarpsgebiet. Drachtster kompanjons setten der sunt 1756 utein mei it graven fan de Haulerwykster Feart . De delsetting oan dy wyk waard mei it fierder graven nei it easten al gau folle grutter as it memmedoarp. Yn 1880 waard dy delsetting in selsstannich doarp en dermei ferlear Haule op dat stuit yn ien kear 1653 ynwenners. It nije doarp Haulerwyk bestie ut twa dielen: it diel der't de ofgraving utein sette wie Beneden-Haulerwyk en it diel der't de ofgraving einige Boppe-Haulerwyk. Yn 1952 waard Beneden-Haulerwyk in selsstannich doarp, it hjoeddeiske Waskemar .

It memmedoarp De Haule bleau sels in lange utstrekte agraryske delsetting. Yn 1788 waard De Haule beskreaun as: De huizen liggen meest ten Westen der Kerk, en aan beide zyden van dien weg, in ‘t geboomte op de bouwlanden. Voorts heeft dit Dorp, in ‘t Noorden, eene zeer groote uitgestrektheid van heidevelden en hoog veen. De bebouwing mei buorkerijen en arbeidershuzen by de Bovenweg, Zwetteweg en Dorpsstraat lans waard earst yn it lest fan de 19e iuw tichter. Op de gritenijkaart fan Eaststellingwerf yn de atlas fan Eekhoff (1849) is der oan wjerskanten fan de dyk noch mar in tige lytsskalige bebouwing mei oan de noardkant fan de lanbouperselen grutte heidefjilden. Dy binne stadichoan yn kultuer brocht, mar der binne op it Haulerfjild ek grutte boskperselen, sa as de Blauwe Bosk , oanplante mei der tusken yn heidefjilden en in pear puollen.

Mienskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Blauwe Bosk tusken De Haule en Haulerwyk

It doarpshus hjit 'De Mande' en it doarp hat in feriening fan Pleatslik Belang. De bynamme fan de Haulsters is koalrapen of rapen .

Tsjerke [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan De Haule .

Skoalle [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ferienings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sjoch ek op de side fan Haulerwyk foar de aktuele list fan ferieningen

Befolkingsferrin [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier 1875* 1865* 1880 1900 2009** 2015 2020 2022
Ynwenners 1996 1915 310 382 608 607 570 595

(*) Geschiedenis van de Ooststellingwerfse dorpen, T.H. Oosterwijk, side 152
(**) Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010
Oare sifers ofkomstich fan Alle Cijfers

Berne [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oan beide kanten fan De Haule leit in natoergebiet. Tusken De Haule en Haulerwyk leit de Blauwe Bosk . Tusken Easterwalde en De Haule leit de Haulerpolder . Lans de skieding tusken De Haule en Haulerwyk, tusken it heidefjild en it heechfean, lei eartiids in smelle stripe sandunen, der't yn 1842 alde Spaanske munten fun binne. De sulveren munten binne yn de tiid fan Filips II slein.

Strjitten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Blauwe Bosk - neamd nei de kleur fan de nuddelbeammen.
  • Claes Egbeswei - Claes Egbes wie ± 1500 stelling, bestjoerder oer de Stellingwerven en wenne yn De Haule.
  • Doarpsstrjitte - de buorren fan De Haule.
  • Feanpettenwei - de wei rint lans ien fan de petgatten.
  • Fennewei - De wei nei Easterwalde gie nei de Haule-fenne. Troch dy fennen runen under oare de Foksewyk en de Fennewyk.
  • Ferlaatswei - yn de wei siet eartiids in slus.
  • Haulerdiek - dyk nei De Haule.
  • Koumansburch - komt fan it buorskip Koudenburch .
  • Kruswei -
  • Lange Singel -
  • Mandestrjitte - mande bestjut 'mienskiplik', of 'by inoar lizzend'.
  • Polderwei - wei nei de polder, de untginde heide fan de weper. De wei is yn 1921 oanlein.
  • Rendyk -
  • Rolpeal - In rolpeal is in peal yn de grun der't it kanaal in skerpe bocht makket. De peal wie der foar om it tou fan de trekskute nei it hynder yn de bocht te lieden. Sa koe de skute net tsjin de wal rinne.
  • Skiedingsreed -
  • Swettewei - De Gearre Swette wie in wetterlossing. De gearswette wie in wetterlossing op de grins fan Donkerbroek en De Haule.
  • Tonckenswei - de famylje Tonckens hie der besittings.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Geschiedenis van de Ooststellingwerfse dorpen, T.H. Oosterwijk (1986, Stellingwerver Schrieversronte, Oosterwoolde

Eaststellingwerf
Doarpen en utbuorrens :
Aldeberkeap ? Appelskea ? Donkerbroek ? Easterwalde ? Elslo ? De Fochtel ? De Haule ? Haulerwyk ? Langedike ? Makkingea ? Nijeberkeap ? Ravenswald ? Waskemar
Buorskippen :
Aakingea ? Alde Willem (foar in part) ? Bekhof ? Bentemaden ? Boekhorst ? Boppefjild ? Buteheidefjild ? Buttingea ? Deddingabuert ? Ellebooch ? Egypte ? Feanebuorren ? Feanekoaten ? Frankryk ? Hegeduerswald ? It Hegesan ? Janssenstifting ? Kanada ? Klazingea ? Kninebuert ? De Knolle ? De Kolannen ? Koudenburch ? Legeduerswald ? Medhuzen ? De Monden (foar in part) ? Moskou (foar in part) ? Nanninga ? Nije Feart ? Petersburch (foar in part) ? Prandingea ? De Riete ? Rolpeal ? Skottelenburch ? Skrappingea ? Sudhoarne ? Terwisscha ? Trije Tolhikken ? Tronde ? Twitel ? De Weper ? Weperpolder ? Willemsted
wizigje