Amy Brooke

Ut Wikipedy
Amy Brooke
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Amy Brook, Heather, Kaedyn
echte namme Heather Schlosser
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 25 juny 1988
berteplak Chicago ( Illinois )
etnisiteit Dutsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , stripper ,
pornoaktrise
jierren aktyf 2008 ? no
offisjele webside
www.amybrookexxx.com

Amy Brooke , echte namme: Heather Schlosser ( Chicago , 25 juny 1988 ), is in Amerikaansk neakenmodel , stripper en pornografysk aktrise fan etnysk Dutsk komof, dy't yn it ferline ek wol gebruk makke hat fan 'e artystenammen Heather en Kaedyn. Har hjoeddeiske skulnamme wurdt gauris misstavere as Amy Brook. Hja sette yn 2008 utein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sunt yn frijwat films . Brooke hat har spesjalisearre yn senes mei ekstreme anale seks en dubele penetraasje . Yn 2011 wun se de AVN Award yn 'e kategory skandalichste sekssene .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Amy Brooke waard yn 1988 berne yn Chicago . Op 'e middelbere skoalle wie se lid fan it cheerleaderstiim , en letter wurke se as servearster yn in Tilted Kilt Pub & Eatery , in saneamd " breastaurant " (in restaurant dat him foarstean lit op syn krap-klaaide servearsters). Ek hie se twa jier lang in baan yn 'e marketingsektor .

Nei't se har yn Los Angeles nei wenjen set hie, liet Brooke har ynskriuwe by LA Direct Models , ien fan 'e meast foaroansteande ympressariaten fan 'e Amerikaanske pornoyndustry . Yn 2009 , doe't se 21 jier wie, makke se har debut yn in pornografyske film . Har earste opname wie daliks in anale sekssene , en sunt hat Brooke har spesjalisearre yn senes mei ekstreme anale seks en dubele penetraasje .

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn mear as 330 films, u.m. foar sokke foaroansteande labels as Zero Tolerance , Adam & Eve , Diabolic Video , Evil Angel , Jules Jordan Video , Sin City , Hustler Video , Wicked Pictures , Vivid Entertainment , Devil's Film , New Sensations , Shane's World , Digital Sin en Red Light District .

Ek makke Brooke in film foar it Sweedske Private -label, en fierders wurke se ek wol foar minder bekende Amerikaanske filmstudio's, lykas Pure Play Media , West Coast Productions , Third Degree Films en Black Ice . Dernjonken wie se ek in protte yn 't spier foar pornografyske websiden op it ynternet , werunder Brazzers , BangBros , Reality Kings , Naughty America en BlacksOnBlondes . Yn 2011 wun Brooke mei har kollega's Allie Haze en Adrianna Nicole de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrald) yn 'e kategory skandalichste sekssene. Fierders hat se troch de jierren hinne noch foar san oare AVN Awards nominearre west.

Lichemsskaaimerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Brooke is blank , mei blauwe eagen en blun hier . Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 49 kg. Foar har beskieden kupmaat 34C hat se yn desimber 2010 lykwols in boarstfergruttingsoperaasje undergien, mei't se fan natuere in B-kup hie. Dernjonken hat Brooke ek ympantaten yn har stuten sette litten. Se hat gjin piercings , mar wol in stikmannich tatoeaazjes .

Op har lofterskouder hat se fjouwer Sineeske karakters stean, en de Ingelske nammen fan 'e fjouwer eleminten (" earth ", " air ", " fire " en " water ") foarmje in rjochthoeke op har rjochterskouderbled . Fierders hat Brooke in fee op har rjochterheup , it astrologyske symboal foar it stjerrebyld kreeft oan 'e binnenkant fan har rjochterpols , in tekst yn it Arabysk-Perzyske alfabet op 'e sydkant fan har lofterfoet , de tekst " love " op har lofterpols , en de tekst " fuck you!! " oer de sydkant fan har rjochtermulfinger .

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 AVN Award nominearre beste nije stjer n.f.t.
nominearre beste anale sekssene (mei Pat Myne ) Up Skirts 2
nominearre beste anale sekssene (mei Miles Long en Pat Myne ) Up Skirts 2
nominearre skandalichste sekssene (mei Monique Alexander , Belladonna , Charley Chase , Tara Lynn Foxx ,
Ann Marie Rios , Ashli Orion , Sammie Rhodes , Kristina Rose en Andy San Dimas )
Party of Feet 2
wun skandalichste sekssene (mei Allie Haze en Adrianna Nicole ) Belladonna: Fetish Fanatic 8
XRCO Award nominearre superslet n.f.t.
2012 AVN Award nominearre beste triosekssene (f/f/m) (mei Gracie Glam en Nacho Vidal ) Nacho Vidal vs. Live Gonzo
nominearre beste sekssene mei dubele penetraasje (mei Marco Banderas en John Strong ) Alexis Texas: Nymphomaniac
XRCO Award nominearre superslet n.f.t.
2014 AVN Award nominearre beste groepsekssene (mei Criss Strokes , John Strong en Mark Wood ) Pump My Ass Full of Cum 3

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: