Zendaya Coleman
(utspr.: [z?n'de:j?], likernoch: "zen-
dee
-juh"; folut:
Zendaya Maree Stoermer Coleman
;
Oakland
(
Kalifornje
),
1 septimber
1996
) is in
Amerikaansk
aktrise
,
model
,
sjongster
en
dunseresse
fan mingd
Afro-Amerikaansk
en
Dutsk
etnysk
komof
. Se lit har
efternamme
faak falle en brukt dan har selden foarkommende
foarnamme
as
artystenamme
. Zendaya begun al tige jong op te treden as dunseresse en aktrise en briek yn
2009
troch mei de
haadrol
fan Rocky Blue yn 'e
tillefyzjesearje
Shake It Up
. Ek hie se haadrollen yn 'e
komeedzjesearje
K.C. Undercover
en de
dramasearje
Euphoria
. Om utens waard se benammen bekend troch har filmrollen yn 'e
superheldefilms
Spider-Man: Far from Home
en
Spider-Man: No Way Home
, de
filmmusical
The Greatest Showman
en de
science fiction-film
Dune
.
Zendaya waard yn
1996
berne
yn
Oakland
, yn 'e
Amerikaanske steat
Kalifornje
. Har
heit
, Kazembe Coleman, is in
Afro-Amerikaan
, wylst har
mem
, Claire Stoermer,
blank
en fan
Dutsk
komof
is. Neffens Zendaya har offisjele
webside
komt har
foarnamme
ut it
Sjona
, in
Bantoe-taal
ut
Simbabwe
, en betsjut it "
tankberens
".
Zendaya wie al fan jongs of oan belutsen by it
California Shakespeare Theater
yn
Orinda
, der't har mem
manager
fan wie. Yn 't earstoan holp se der as
uvreuze
en
kaartsjeferkeapster
, mar neigeraden dat se belangstelling blike liet foar
aktearjen
, waard se opnommen yn it trainingsprogramma dat it
teater
foar
bern
oanbea. Sadwaande spile se al ier yn
stikken
fan
Shakespeare
, lykas
Richard III
,
Trijekeningejun
en
Nei Jim Beleavjen
. Har
alden
skreaune har yn oan 'e
Oakland School for the Arts
, der't se in profesjonele
aktearoplieding
folge. Dernjonken wie Zendaya ek al ier lid fan 'e
dunsgroep
Future Shock Oakland, wermei't se
optredens
fersoarge fan
hiphopdunsen
, mar ek fan 'e
tradisjonele
Hawaiaanske
hula
.
As jonge
teenager
begun Zendaya har
karriere
as
model
foar
kleanmerken
as
Macy's
,
Mervyns
en
Old Navy
. Se
figurearre
ek as
eftergrundunseresse
yn in
reklamespotsje
fan it
warehus
Sears
mei
sjongster
Selena Gomez
yn 'e
haadrol
. Yn
2009
wie se te sjen yn 'e
fideoclip
fan it
numer
Hot n Cold
fan
Katy Perry
. Yn
novimber
fan dat jier die se
audysje
foar de
haadrol
fan Rocky Blue yn 'e
Disney
-
tillefyzjesearje
Shake It Up
. Dy rol waard har trochbraak en se fertolke him trije
seizoenen
lang, fan
2010
oant
2013
. Zendaya waard derfoar trije kear nominearre foar in
Young Artist Award
: yn
2011
en
2012
yn 'e kategory beste
cast
yn in tillefyzjesearje, en yn
2012
yn 'e kategory beste aktrise yn in tillefyzjesearje. Fierders waard hja foar har fertolking fan 'e rol fan Rocky Blue yn
2011
en
2014
ek nominearre foar in
NAACP Image Award
.
Yn
2011
wie Zendaya as
stimaktrise
belutsen by de
koarte
tekenfilm
Pixie Hollow Games
, fan
Disney
, werfoar't se ek de
titelsong
song
. Yn
2012
spile Zendaya yn har earste
film
,
Frenemies
, werfoar't se fannijs nominearre waard foar in Young Artist Award foar beste aktrise. Underwilens wie se yn
2011
ek uteinset mei in
wurkpaad
as
sjongster
, troch har
debut
single
Swag It Out
ut te bringen.
Watch Me
, har
duet
mei
Bella Thorne
, behelle yn 'e
simmer
fan
2011
it 86ste plak yn 'e
hitlist
Billboard
Hot 100
. Nei't se yn
2012
har twadde solosingle,
Something to Dance For
, utbrocht hie, sleat Zendaya in eksklusyf
kontrakt
mei de
platemaatskippij
Hollywood Records
(in
dochterundernimming
fan Disney). Yn
maart
2013
die se mei oan it sechstjinde
seizoen
fan it
realitytillefyzjeprogramma
Dancing with the Stars
, mei as profesjonele dunspartner
Val Chmerkovskiy
. Hja wie, mei 16
jier
, de jongste dielnimster ea, en behelle uteinlik it twadde plak.
Yn
july
2013
brocht Zendaya it numer
Replay
ut, de leadsingle fan har earste
album
Zendaya
. Dat liet waard
sertifisearre
as
platina
en helle se it 40e plak yn 'e
Billboard
Hot 100. Neitiid kaam it album
Zendaya
op
17 septimber
2013
ut. Dat brocht it ta it 51e plak yn 'e
Billboard
200
-albumlist. Koarte tiid earder, yn
augustus
, hie Zendaya boppedat it
autobiografyske
boek
Between U and Me: How to Rock Your
Tween
Years with Style en Confidence
publisearre. Datselde jiers brocht se ek in eigen
moadekolleksje
ut mei
famkesklean
,
skonkwaarmers
,
koarte broeken
,
jaskes
,
holbannen
en
assessoires
. De kolleksje wie
ynspirearre
op 'e
klean
dy't se yn 'e searje
Shake It Up
droegen hie.
De twadde single fan it album
Zendaya
, mei as
titel
My Baby
, kaam begjin
2014
ut. Frijwol tagelyk waard de Disney-
tillefyzjefilm
Zapped
, mei Zendaya yn 'e
haadrol
, utstjoerd op 'e
tillefyzje
. Yn
juny
2014
waard oankundige dat Zendaya de yn
2001
by in
fleantuchungemak
omkommen sjongster
Aaliyah
spylje soe yn 'e
biografyske film
Aaliyah: The Princess of R&B
. Dy beslissing smiet in protte krityk op, mei't de
fans
fan Aaliyah funen dat Zendaya alhiel net op harren idoal liek en boppedat in fiersten te ljochte
hudskleur
hie. In pear
wiken
letter besleat Zendaya om 'e ear oan harsels te halden en fan 'e rol of te sjen.
Yn
jannewaris
2015
sette Zendaya utein mei it spyljen fan 'e
titelrol
fan K.C. Cooper yn 'e nije Disney-
komeedzjesearje
K.C. Undercover
. Op dat stuit hie se al safolle ynfloed dat op har fersyk de namme fan haadpersoan en searje omneamd waarden fan Katy Cooper en
Katy Undercover
. Ek hie se as
ko-produsinte
sizzenskip oer ferskate wichtige eleminten fan it
karakter
fan har
personaazje
.
K.C. Undercover
run trije seizoenen, fan
2015
oant en mei
2018
. Yn dyselde snuorje sleat Zendaya in nij muzykkontrakt of mei de platemaatskippij
Republic Records
. Yn
2015
figurearre se yn 'e fideoclip fan it numer
Bad Blood
, fan sjongster
Taylor Swift
.
Yn
2017
hie Zenaya as M.J. in lyts roltsje yn 'e
superheldefilm
Spider-Man: Homecoming
, der't se lykwols sterk de oandacht mei loek. Yn
desimber
fan dat jier wie se ek te sjen yn 'e
histoaryske
filmmusical
The Greatest Showman
, as in
trapeze
-
artyste
dy't
fereale
rekket op it personaazje fan 'e
blanke
Zac Efron
yn in tiid (ein
njoggentjinde iuw
) dat
ynterrasiale
leafde
maatskiplik
net akseptearre wurdt. Zendaya song mei yn trije lieten op it
soundtrackalbum
fan 'e film, werunder
Rewrite the Stars
. Yn
septimber
2018
wie se as stimaktrise belutsen by de tekenfilm
Smallfoot
, weryn't se stim joech oan 'e
yeti
Meechee.
Yn
2019
sette
HBO
utein mei de
dramasearje
foar jongerein
Euphoria
, in adaptaasje fan in
Israelysk
orizjineel. Deryn spile Zendaya de rol fan Rue Bennett, in santjinjierrige
drugsferslaafde
en de
fertelster
fan it ferhaal. De searje rint anno
2024
noch altyd. Foar har rol as Rue wun Zendaya yn
2020
(mei 24 jier) as jongste aktrise ea de
Emmy Award
foar beste aktrise yn in dramasearje. Dyselde priis wun se foar deselde rol yn
2022
op 'e nij. Yn
2023
wun se, ek foar har haadrol yn
Euphoria
, de
Golden Globe
foar beste aktrise yn in dramasearje.
Zendaya wie yn
2019
wer as M.J. te sjen yn 'e superheldefilm
Spider-Man: Far from Home
, in
ferfolch
op
Spider-Man: Homecoming
, weryn't har rol gans utwreide wie. Dy film wie as de op trije nei meast
opbringende
film fan it jier in unbidich
kommersjeel
sukses en foarme foar Zendaya har trochbraak om utens. Yn
2021
hie se de froulike haadrol yn 'e film
Malcolm & Marie
, dy't filme wie yn 'e earste faze fan 'e
koroanapandemy
. Dat jiers kaam ek de tekenfilm
Space Jam: A New Legacy
ut, werfoar't Zendaya de rol fan Lola Bunny ynsprutsen hie. Twa gruttere films der't Zendaya yn
2021
yn spile, wiene
Spider-Man: No Way Home
en
Dune
. Foar
Spider-Man: No Way Home
, it ofslutende diel fan 'e (earste)
Spider-Man
-
trilogy
fan it
Marvel Cinematic Universe
, kroep se fannijs yn 'e hud fan it personaazje M.J. Se spile Chani yn 'e
science fiction-film
Dune
fan
regisseur
Denis Villeneuve
, it earste part fan in twadielige ferfilming fan 'e
roman
mei
deselde namme
fan
Frank Herbert
ut
1965
en in
remake
fan 'e film ut
1984
fan
David Lynch
. Yn
2024
kaam it twadde diel ut,
Dune: Part Two
, weryn't Zendaya op 'e nij te sjen wie Chani.
Zendaya Coleman besit
wenten
yn
Los Angeles
en yn 'e
New Yorkske
borough
Brooklyn
. Hja hat in
relaasje
mei
akteur
Tom Holland
, har
tsjinspiler
ut 'e trije
Spider-Man
-films. Dy relaasje waard yn
novimber
2021
buorkundich makke, mar wie doe al in hoart geande. Zendaya is in
fegetaarjer
en in
feministe
. As
aktiviste
foar gelikense
minskerjochten
foar
Afro-Amerikanen
yn 'e Feriene Steaten wie se yn
2020
belutsen by de
protesten
nei de dea troch
plysjegeweld
fan 'e
swarte
arrestant
George Floyd
. Fierders hat se har ynset foar ferskate
goede doelen
, werunder
UNICEF
, it bernefuns fan 'e
Feriene Naasjes
, en
UNAIDS
, de kampanje fan 'e Feriene Naasjes tsjin
HIV
/
AIDS
yn
Sudlik Afrika
.
- 2013 ?
Between U and Me: How to Rock Your Tween Years with Style en Confidence
(
autobiografy
)
- singles
- 2011 ?
Swag It Out
- 2011 ?
Watch Me
(
duet
mei
Bella Thorne
)
- 2012 ?
Something to Dance For
- 2013 ?
Replay
- 2014 ?
My Baby
- albums