De
Wraldbank
is it grutste ynstitut foar untwikkelingsgearwurking. It ferstrekt lieningen oan untwikkelingslannen en middenynkommenslannen, mei as foarnaamste doel it bestriden fan earmoede. De ynternasjonale bank is technysk in spesjalisearre organisaasje fan de
Feriene Naasjes
.
De finansjele stipe fan de Wraldbank wurdt brukt foar meardere saken, fan strukturele herfoarmingen fan de sunens- en underwiissektor fan in lan, oant miljeu- en ynfrastruktuerprojekten lykas damen, wegen en nasjonale parken. Derby stelt de Wraldbank stringinte easken oan har kliinten: saneamde
strukturele oanpassingen
wurde fereaske, werunder antikorrupsjemaatregelen en fiergaande
privatisearring
fan oerheidstsjinsten.