Willem "Wim" Kok
(
Bergambacht
,
29 septimber
1938
-
Amsterdam
,
20 oktober
2018
) wie in Nederlanske politikus dy't fan
1994
oant
2002
minister-presidint
wie fan twa opinoar folgjende kabinetten-Kok (de saneamde 'Pearske' kabinetten) en teffens
minister fan Algemiene Saken
.
Wim Kok rekke oan it wurk as
fakbunsman
by it boubun
NVV
. Hy wie sekretaris en foarsitter, letter waard er ek foarsitter fan de
FNV
. Yn 1986 stapte er oer nei de polityk en waard fraksjefoarsitter fan de
Partij fan de Arbeid
yn de
Twadde Keamer
. Fan 1989 oant 1994 wie er minister fan Finansjes yn it twadde en tredde kabinet-
Lubbers
en teffens fise-premier.
Koks twadde 'Pearske' kabinet stapte tiisdei
16 april
2002
op, in moanne foar de ferkiezings. Reden derfoar wienen de konsekwinsjes fan it 'Drama fan
Srebrenisa
', nei it iepenbier meitsjen fan it
Srebrenika-rapport
troch it
NIOD
. Nei de ferkiezings fan 2002 naam Kok ofskied fan de aktive polityk en stapte oer nei it bedriuwslibben.
Hy naam sunt dy tiid kommissariaten oan, under oaren by
Shell
,
KLM
,
ING
en de
Ynternasjonale Krisisgroep
. Kok wie fan 2009 oant en mei 2013 presidint fan de
Klup fan Madrid
, in organisaasje besteande ut eardere steatshaden en regearingslieders, om oer de hiele wrald de
demokrasy
te befoarderjen. Wim Kok stoar op 20 oktober 2018 yn syn wenplak Amsterdam yn de aldens fan 80 jier yn it sikehus oan de gefolgen fan in hertkwaal.