William Reily

Ut Wikipedy
William Reily
militer
persoanlike bysunderheden
namme folut William Van Wyck Reily
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 desimber 1853
berteplak Washington, D.C.
stoarn 25 juny 1876
stjerplak oan 'e Little Bighorn ( Montana )
etnisiteit Iersk
wurkpaad
tsjinsttiid 1875 ? 1876
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerunderdiel lanmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang twadde luitenant (sunt 1875)
konflikt(en) Grutte Su-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn

William Reily (folut: William Van Wyck Reily ; Washington, D.C. , 12 desimber 1853 ? oan 'e rivier de Little Bighorn ( Montana ), 25 juny 1876 ) wie in Amerikaansk militer fan etnysk Iersk komof. Hy wie luitenant yn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint en krige in beskate bekendheid nei't er sneuvele yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Reily waard yn 1853 yn 'e Amerikaanske haadsted Washington, D.C. berne as de soan fan William Reily sr. en dy syn frou Ellen T. Roche ( 1834 - 1889 ). Reily sr. wie in ofsier by de Amerikaanske Marine , dy't op 1 septimber 1854 omkaam doe't syn skip , de USS Porpoise , yn 'e Strjitte fan Formosa , foar de kust fan Sina , ferlern gie. Derby kaam ek syn goede freon en mei-ofsier William Van Wyck om, nei wa't de jonge Reily ferneamd wie. Reily syn mem wetroude yn 1861 mei kolonel Simeon M. Johnson, dy't yn 1871 kaam te ferstjerren. Har trede houlik wie mei skout-by-nacht John C. Febiger. Reily hie in jongere healsuster, Leila Johnson Ewing ( 1864 - 1940 ).

William Reily sette yn 1870 utein mei in studzje oan 'e Amerikaanske Marine-akademy , yn Annapolis , mar nei't er trije kear foar syn eksamens sakke wie, joech er de ofsiersoplieding yn oktober 1872 oer. Fan desimber 1872 oant july 1873 naam er diel oan in lanmjittingsekspedysje yn Nikaragua , en neitiid wied er yn 'e tsjinst fan 'e marinewerf yn Washington, D.C., der't er tafersjoch hie op 'e sloop fan feraldere oarlochsskippen.

Op 15 oktober 1875 wist Reily in oanstelling te bemachtigjen as twadde luitenant by it Amerikaanske 10e Kavaleryrezjimint. Op 25 jannewaris 1876 , krekt foar't de Grutte Su-Oarloch utbriek, waard er oerpleatst nei it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint , dat legere wie yn Fort Abraham Lincoln , yn 'e Dakota's . Der waard Reily op 17 april fan dat jier oansteld as underbefelhawwer fan E Kompanjy, under luitenant Charles DeRudio , mar om't de rezjimintskommandant, luitenant-kolonel George Armstrong Custer , foarofgeande oan 'e simmerkampanje fan 1876 mei ofsiersoanstellings hinne en wer skode om syn favoriten de beste posysjes te ferskaffen, waard Reily in moanne letter tydlik tafoege oan F Kompanjy, as underbefelhawwer fan kaptein George Yates .

Op 25 juny 1876 kaam Reily yn 'e Slach oan de Little Bighorn , yn sudlik Montana , te sneuveljen, yn 'e mande mei hiele F Kompanjy en alle leden fan fjouwer oare kompanjyen dy't Custer dy deis persoanlik oanfierde by in oanfal op in grut Yndiaansk doarp oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn . Reily syn stoflik omskot waard nei ofrin fan 'e fjildslach oantroffen op Custer Hill, de heuveltop der't de leste restanten fan 'e fiif kompanjyen troch de krigers fan 'e Lakota , Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho besingele rekke en oan 'e leste man ta utruge wiene.

Neisleep [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It lichem fan Reily waard earst provisoarysk op it slachfjild begroeven, mar in jier letter opgroeven en nei it easten ta stjoerd, der't er op 3 augustus 1877 byset waard op it Mount Olivet Begraafplak yn Washington, D.C. Reily syn segelring waard letter weromfun mank de besittings fan in kriger dy't him yn april 1877 oerjoech by Fort Robinson , yn Nebraska . De ring makket no diel ut fan 'e kolleksje fan it Smithsonian Ynstitut , yn Washington, D.C.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: