한국   대만   중국   일본 
Willemsted (Kurasau) - Wikipedy Springe nei ynhald

Willemsted (Kurasau)

Ut Wikipedy
Willemsted
Basis ynformaasje
Lan Nederlanske Antillen
Eilan Kurasau
Boargemaster -
Stifting 1634
Tal ynwenners 140.000 (2008)
Webside -
De Keninginne Emmabrege yn Willemsted.
De Kenginne Julianabrege oer de Sint Annabaai.

Willemsted ( Nederlansk en offisjeel: Willemstad ) is de haadsted fan Kurasau en de Nederlanske Antillen . Yn de sted wenje sa'n 125.000 minsken, wermei it de grutste sted is fan de Lytse Antillen . Willemsted is ferneamd om syn kleurde gebouwen yn it sintrum fan de sted. It sintrum stiet sunt 1997 dan ek op de UNESCO-list fan Wralderfgoed.

De sted leit oan de sudwestkante fan it eilan yn de natuerlike haven it Skottegat , dy’t ferbun is mei de Karibyske See troch de Sint Annabaai . Dizze baai splitst Willemsted yn twaen, se wurde ferbun troch de Keninginne Emmabrege en de Keninginne Julianabrege , wer’t tsjintwurdich it grutste part fan it ferkear oer hinne giet.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neidat de Hollanners yn 1634 Kurasau op de Spanjoalen feroveren bouden sy op De Punt , it gebiet eastlik fan de Sint Annabaai in grut fort, om de havenyngong te ferdigenjen. Njonken it fort untstie Willemsted. Yn 1707 waard der foar it earst oan de westlike side fan de Sint Annabaai boud. Dy nije wyk waard Otrabanda neamd. Wat Papiamints is foar ‘de oare kant’.

Yn de 17e iuw wie Willemsted it plak fan ien fan de wichtichste slavemerken yn dy tiid. De slaven waarden oanfierd ut West-Afrika en waarden fierder oerladen nei oare gebieten yn Noard- en Sud-Amearika .

Om 1920 hinne boude Shell in grutte oaljeraffinaderij der’t oalje ut Fenezuela ferwurke wurdt. De raffinaderij wie fan grut belang foar de Amerikaanske fleantugen yn de Twadde Wraldkriich . Hjir hellen de Amerikanen harren kerosine foar de fleantugen wei.

Op 30 maaie 1969 bruts yn Willemsted in tsjin-koloniale arbeidersopstan ut. By dizze opstan waard fakbunslieder Wilson Godett del sketten, hy soe de oanfal wol oerlibje. De arbeiders stutsen gebouwen in de wiken Punda en Otrabanda yn bran. Nederlan liet trijehundert mariniers nei Willemsted fleane om de rust te werstellen.

Toerisme foarmet tsjintwurdich de wichtichste ynkomstenboarne foar de ynwenners fan Willemsted.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de 17e iuw waard Willemsted in frijhaven. Al gau untstie hjir de wichtichste regionale slavenmerke. De ut Afrika oanfierde slaven waarden yn Willemsted oan lan brocht. Dernei waarden se ferdield oer ferskate bestimmings yn Midden-Amearika en Sud-Amearika . Yn de 20'er jierren fan de 20e iuw boude Shell by Willemsted ien fan de grutste oaljeraffinaderijen fan de wrald. Hjir wurdt ruge oalje ferwurke ut Fenezuela . Foar de lokaasje waard keazen omdat it festelan polityk sjoen net stabyl genoch wie. Yn de Twadde Wraldkriich draaide de raffinaderij op topkapasiteit om kerosine te produsearjen foar de Amerikaanskeanske bommegoaiers.

Sunt de jierren sechtich libbet Willemsted hieltyd mear fan it toerisme. Der binne in protte hotels en kasino's hinne setten.

Wichtige plakken en gebouwen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • It histoarysk sintrum.
  • Keninginne Emmabrege
  • Keninginne Julianabrege
  • Fort Amsterdam
  • Sint Annabaai
  • Merke oan de Sha Caprileskaai