Wikipedy : Wat is Wikipedia NET

Ut Wikipedy

Wat is Wikipedia NET ?

Wurdboek [ boarne bewurkje ]

It kin foarkomme dat in wurd of utdrukking opnaam wurdt yn de Wikipedy, mar dat is dan om't der mear oer skreaun wurde kin as wat in plak krije soe yn in wurdboek. Njonken it ensyklopedy-projekt Wikipedia is der ek in wurdboek-projekt Wiktionary , mei in lytse Fryske ferzje, it Wikiwurdboek .

Diskusje- of nijsfoarum [ boarne bewurkje ]

Al hawwe jo opinys op it med fan de side, besykje dochs objektyf te bliuwen.

Webporteal [ boarne bewurkje ]

Alhoewol't der wolris keppelings om utens taheakke wurde kinne, moat de tekst sels it wichtichste part fan de side foarmje.

Tekstsamling [ boarne bewurkje ]

It kin foarkomme dat fan in literer wurk, of in oare tekst, in stikje oanhelle wurdt as foarbyld. Mar de Wikipedy is gjin sammelplak foar boeken, of lietteksten. Fansels soenen jo al in side meitsje kinne oer de skriuwer, mei in oersjoch fan it wurk, mar de teksten sels moatte earne oars in plak fine.

Ensyklopedy fan Fryslan [ boarne bewurkje ]

Fryske saken komme yn dizze Frysktalige ferzje fan Wikipedia fansels gauris earder oan bod as saken ut oare lannen, mar it doel is itselde as dat fan de oarstalige Wikipedia's: In ensyklopedy oer hiel de wrald. Dat, der is plak foar ynformaasje oer Fryslan, mar it is krektsagoed as jo ynformaasje oer oare saken bydrage wolle.