Wikipedy : Triemmen oanbiede

Ut Wikipedy

In ensyklopedy sunder ofbyldingen en oare media is saai, net kompleet. Derom is it mooglik media-triemmen oan te bieden , lykas ofbylden, luden en fideo. Der binne wol in pear saken der't rekken mei halden wurde moat. (Dizze side rjochtet him wat mear op ofbylden, mar itselde jildt foar oare triemmen.)

It doel fan Wikipedia is in ensyklopedy dy't yn alle opsichten frij beskikber is. Dat jildt ek foar ofbylden en oare media. Alle media moatte frij te bewurkjen en te fersprieden weze, ek foar kommersjele doelen. Om dudlik te meitsjen dat in mediatriem oan dy easken foldocht moat it dudlik weze at de fersprieding frij is as net.

GFDL [ boarne bewurkje ]

De lisinsje dy't der op Wikipedia foar brukt wurdt is de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje . Dy lisinsje easket dat dejinge dy't de triem under de GFDL beskikbersteld neamt wurdt by gebruk fan de triem, dat dy persoan moat al bekend weze. Fierders meie der gjin oare betingsten jilde foar de fersprieding.

Frij fan rjochten [ boarne bewurkje ]

Njonken triemmen dy't under de GFDL lisinsje beskikbersteld binne foldogge ek triemmen dy't frij fan rjochten binne oan de easken. Almeast is yn dat gefal it auteursrjocht ferrun, as de makker biedt de triem sels oan en jout de rjochten frij. Om te witten at ien fan beide muglikheden hjir jildt moat hjir dus ek de makker oantsjut wurde. In tredde groep is wurk fan it Iepenbier Bewald der't net fan oanjun is dat der rjochten foar jilde. Yn dat gefal hoecht fansels allinnich oanjun te wurden hokfoar ynstansje it wurk makke hat. Fansels kinne der at in triem hielendal frij fan rjochten is gjin betingsten steld wurde oan de ferspriiding.

Yn it koart [ boarne bewurkje ]

Foar alle ofbylden op Wikipedia jildt dat de rjochthawwer tastimming jun hawwe moat foar fersprieding , wizigjen en kommersjeel bruken fan de ofbylding, sunder oare betinksten as de GFDL .

It ofbyld kin op dy wize brukt wurde under de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje , de lisinsje der't Wikipedia under beskikber steld wurdt. As de rjochthawwer in lisinsje jun hat, oars as de GDFL, dan kin de triem net brukt wurde. At de rjochthawwer tastimming jun hat foar fersprieding under de GFDL dan moat dy tastimming op de ofbyldside skreaun stean. In triem der't de lisinsje net fan nei te gean is, foldocht likemin as in triem sunder lisinsje.

Oer it algemien binne der twa soarten ofbylden:

  • Ofbylden dy't ien sels makke hat en op Wikipedia oanbean;
  • Ofbylden dy't 'earne' fun binne en oanbean wurde.

Foar alle ofbylden moat oanjun wurde:

  • Wat de boarne is.
  • At de triem beskikbersteld is under de GDFL , as dat dy frij fan rjochten is.
  • En ien fan:
    • Foar de GDFL: Wa't de makker is, as de rjochthawwer at dat in oar is, dy't fersprieding under de GDFL tastiet.
    • Foar frij fan rjochten: Wa at de makker wie, as de rjochthawwer at dat in oar wie, en wat de grun is wertroch de triem no frij fan rjochten wurden is.

At by in triem ien fan dizze gegevens untbrekt, dat komt dy terjochte op Siden wiskje en wurdt, as gjin fierdere ynformaasje jun wurdt nei twa wiken wiske.

Oanbiede [ boarne bewurkje ]

Alle siden hawwe in keppeling " Bied in triem oan ".

Om in ofbyld yn in side op te nimmen, meitsje jo der sa'n keppeling foar:

  • [[Ofbyld:jo_foto.jpg|omskriuwing]]
  • [[Ofbyld:jo_tekening.png|omskriuwing]]
  • [[Media:jo_lud.ogg|omskriuwing]]

Sjoch ek [ boarne bewurkje ]