West-Fryslan

Ut Wikipedy
De flagge fan West-Fryslan

West-Fryslan ( Westfrysk : Westfriesland ) is in regio yn it noarden fan de provinsje Noard-Hollan , omsletten troch de Westfryske Ringdyk. It is untstien ut it yn de Midsiuwen selsstannige Westfryske goa Westflinge . Tsjintwurdich wenje der 303.000 minsken, de haadsted is Hoarn en it folsleine oerflak is 781,8km².

Karakter [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

West-Fryslan hat in agrarysk oansjen en wurdt skaaimerke troch lange lintdoarpen. Der binne in oantal gruttere steden lykas Hoarn (sintrumfunksje foar West-Fryslan), Inkhuzen , Skagen , Medemblik en Heerhugowaard . De havenplakken Hoarn en Inkhuzen hawwe in ald-Hollansk karakter troch harren VOC-ferline. West-Fryslan is benammen yn trek by de wettersport, dit komt trochdat de regio oan de Iselmar en de Markermar leit. Fanwege alle sleatten en fearten is West-Fryslan ek goed berikber mei de boat. En op 'e fyts is der ek goed te wezen, want der leit in grut netwurk fan fytspaden.

Dialekt [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn West-Fryslan wurdt it Hollanske dialekt West-Frysk sprutsen. Dit dialekt is in mingtaal fan it Hollansk en de oarspronklike Fryske taal . Tsjintwurdich liket dit dialekt mear op it Hollansk as op it Frysk, mar der binne ek wol oerienkomsten mei it Frysk.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

West-Fryslan waard al foar de tiid fan de Romeinen bewenne troch minsken. Sa om-ende-by 600 f.Kr. festigen de Friezen harren yn dizze omkriten. It makke in skoftke diel ut fan it Romeinske ryk ( 12 f.Kr. - 47 n.Kr. De skiednis fan West-Fryslan is foaral ferbun west mei de rivier de Flehi , dy't troch de Flevomar (Almere) yn de Waadsee utmunet. Yn de rin fan iuwen waarden mar en rivier hieltyd breder en untstie wierskynlik troch ofslach fan de walkant, it ofgraven fan it fean en it rizen fan de seespegel de Sudersee .

Nei it fertrek fan de Romeinen makke West-Fryslan sunt de 7e iuw diel ut fan it Fryske ryk dat under kening Aldgilles en Redbad syn grutste utwreiding berikte. Nei it bewald fan kening Redbad, stried hofmeier Karel Martel tsjin de Friezen dy't troch him yn 720 ferslein waarden. De Fryske gebieten westlik fan It Fly , der't ek West-Fryslan by hearde kaam sa yn Frankyske hannen.

Sunt dy tiid wie West-Fryslan underdiel fan it Frankyske ryk en hiet it Westflinge . Yn de 9e iuw waard West-Fryslan stadichoan wer in selsstannich gebiet en fierden har Fryske bewenners sa no en dan kriich mei de greven fan Hollan . Yn 1297 waarden sy troch de greve Jan fan Hollan ferslein en waard West-Fryslan troch him beset en underdiel makke fan syn grungebiet. Sunt dy tiid wie West-Fryslan in part fan Hollan, earst fan it Greefskip Hollan, dernei fan it Greefskip Hollan en West-Fryslan . Letter waard dit de Steaten fan Hollan en West-Fryslan , en sunt 1840 de provinsje Noard-Hollan .

West-Fryske gemeenten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fryske namme Westfryske namme
Alkmar Alkmare (gedieltlik)
Drechterlan Drechterland
Dyk en Waard Dik en Weerd
Hoarn Hoorn
Hollans Kroan ? (gedieltlik)
Inkhuzen Henkhuze
Koggelan Koggeland
Medemblik Memelik
Opmar Opmar
Skagen Skagen (gedieltlik)
Stede Broec Stee Broek

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]