Wesley Merritt
(
New York
,
16 juny
1836
?
Natural Bridge
(
Firginia
),
3 desimber
1910
) wie in
Amerikaansk
militer
, dy't yn 'e
Amerikaanske Boargeroarloch
, de
Grutte Su-Oarloch fan 1876
en de
Spaansk-Amerikaanske Oarloch
focht. Yn
1898
tsjinne er koarte tiid as de earste Amerikaanske
guverneur
fan 'e
Filipinen
, dy't doe krekt op
Spanje
ferovere wiene. Dernjonken wie Merritt fan
1882
oant
1887
ek de ienentweintichste
direkteur
fan 'e
Amerikaanske Militere Akademy
fan
West Point
.
Merritt waard yn
1836
berne yn
New York
. Hy studearre yn
1860
of oan 'e
Amerikaanske Militere Akademy
te
West Point
, en waard neitiid mei de
rang
fan
twadde luitenant
tafoege oan it Amerikaanske 2e Rezjimint Dragonders, dat doedestiden yn
Utah
tsjinne under
kolonel
John Buford
. Doe't dy ienheid omneamd waard ta it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint waard Merritt beneamd ta Buford syn
adjudant
.
Under de
Amerikaanske Boargeroarloch
, dy't yn
1861
utbriek, focht Merritt foar it
Noarden
. Hy waard yn
1862
befoardere ta
kaptein
en tsjinne as adjudant fan
brigadegeneraal
Philip St. George Cooke
, dy't it befel hie oer de
kavalery
fan it
Leger fan de Potomac
. Merritt naam de rest fan dat jier diel oan 'e ferdigening fan 'e Noardlike haadsted
Washington, D.C.
tsjin 'e oanfallen fan 'e
Sudlike
Konfederearre Steaten fan Amearika
. Yn
1863
waard er oansteld as adjudant fan
generaal-majoar
George Stoneman
. Yn dy hoedanichheid naam er diel oan 'e
Oerfal fan Stoneman
en de
Slach by Chancellorsville
.
Under de
Gettysburg-kampanje
fierde Merritt it befel oer de reservebrigade fan 'e 1e Difyzje fan it Kavalerykorps fan it Leger fan de Potomac. Hy rekke lichtferwune yn 'e
Slach by Brandy Station
. Foar betoande moed yn dy
fjildslach
en yn 'e
Slach by Upperville
waard er op
29 juny
1863
befoardere ta
brigadegeneraal
. Derby sloech er de rangen fan
majoar
,
luitenant-kolonel
en
kolonel
oer, wat sels yn 'e Boargeroarloch in utsunderlik gefal wie. Op 'e leste dei fan 'e krusjale
Slach by Gettysburg
(
3 july
1863
) naam Merritt nei de mislearre Sudlike
Oanfal fan Pickett
diel oan in sinleaze tsjinoanfal troch de
kavalery
fan brigadegeneraal
Judson Kilpatrick
op 'e rjochterflank fan 'e Konfederearre
ynfantery
.
Nei't generaal
John Buford
, de kommandant fan 'e 1e Difyzje fan it Kavalerykorps fan it Leger fan de Potomac, yn
desimber
1863
oan
buktyfus
stoarn wie, naam Merritt syn befel oer, mei't Buford syn plakferfanger, brigadegeneraal
Alfred Torbert
, lange tiid yn detasjearre tsjinst wie. Sadwaande hie Merritt, as underbefelhawwer fan 'e
difyzje
, yn 'e praktyk it befel oer de ienheid under de
Oerlanske Kampanje
fan
1864
. Derby focht er u.m. yn 'e grutte
Slach by Yellow Tavern
tsjin 'e Konfederearre kavalery.
Ek under de
Shenandoah-dellingkampanjes fan 1864
fierde Merrit de 1e Difyzje oan, dy't doe diel utmakke fan it
Leger fan 'e Shenandoah
, under generaal-majoar
Philip Sheridan
. Doe't er troch tafal op in gaadlik stuit op it slachfjild arrivearre, koed er under de
Tredde Slach by Winchester
de Konfederearre troepen brekke en op 'e flecht jeie, in aksje werfoar't in promoasje ta
generaal-majoar
krige. Under de
Appomattox-kampanje
, it slutstik fan 'e Boargeroarloch, tsjinne Merritt as underbefelhawwer fan Sheridan. Derby focht er u.m. yn 'e
Slach by Five Forks
, der't er grutte moed toande. Merritt wie yn
april
1865
oanwezich by de oerjefte fan 'e Konfederearre legerkommandant
Robert E. Lee
yn it
Gerjochtsgebou fan Appommattox
, wermei't de Boargeroarloch beeinige waard.
Yn
juny
1865
waard Merritt oansteld as befelhawwer fan 'e kavalery yn 'e militere Difyzje fan it Sudwesten, fannijs under Sheridan, as underdiel fan 'e Noardlike besettingsmacht yn it fersleine Suden. Derfoar marsjearre er mei syn 1e Kavalerydifyzje fan
Shreveport
, yn
Louisiana
, nei
San Antonio
, yn
Teksas
, in tocht fan goed 965 km dy't er yn 33 dagen oflei. Yn
jannewaris
1866
waard Merritt, fanwegen in oerskot oan
ofsieren
doe't it
Amerikaanske Leger
yn
fredestiid
ofslanke waard, weromset nei de
rang
fan
kaptein
.
Neitiid waard Merritt nei it
Wylde Westen
ta stjoerd om der oan 'e
Amerikaanske
frontier
te tsjinjen. Yn
juny
1866
waard er befoardere ta
luitenant-kolonel
yn it nijfoarme Amerikaanske 9e Kavaleryrezjimint, in ienheid dy't hielendal ut befrijde
negerslaven
gearstald wie, de saneamde
buffalo soldiers
. Yn
july
1867
krige Merritt it befel oer
Fort Davis
, in
legerbasis
yn westlik
Teksas
, der't seis
kompanjyen
fan 'e 9e Kavalery stasjonearre wiene. Op
1 july
1876
waard er befoardere ta
kolonel
mei it befel oer it Amerikaanske 5e Kavaleryrezjimint.
Under de
Grutte Su-Oarloch fan 1876
wie Merritt mids
july
behelle yn 'e
Slach by Warbonnet Creek
, in
skermutseling
dy't net folle om 'e hakken hie. Letter dy
simmer
naam er diel oan 'e
Hynstefleismars
fan brigadegeneraal
George Crook
, en focht er yn 'e
Slach by Slim Buttes
. Yn
jannewaris
1879
tsjinne er as lid fan it hof fan undersyk oangeande it halden en dragen fan
majoar
Marcus Reno
fan it
Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint
under de
Slach oan de Little Bighorn
op
25
en
26 juny
1876
. Reno wie neitiid oates en toates beskuldige fan leffens en plichtsfersom, en hie it undersyk derom sels oanfrege om syn namme te suverjen.
Merritt tsjinne oant
1882
yn it Wylde Westen, doe't er oansteld waard as
direkteur
(
superintendent
) fan 'e
Amerikaanske Militere Akademy
, in post dy't er oant
1887
beklaaide. Neitiid waard er yn
1887
befoardere ta
brigadegeneraal
, en yn
1895
ta
generaal-majoar
.
Yn
1898
focht Merritt under de
Spaansk-Amerikaanske Oarloch
yn 'e
Filipinen
, dy't doedestiden noch in
Spaanske
koloanje
foarmen. Nei't
admiraal
George Dewey
de Spaanske
marine
utskeakele hie yn 'e
Slach yn de Baai fan Manilla
, waard Merritt yn
juny
oan it haad fan Amerikaanske 8e Legerkorps oan lan set op it Filipynske haadeilan
Luzon
. Hy begun daliks tariedings te meitsjen foar de ferovering fan
Manilla
, mar die dat buten de wittenskip fan
Emilio Aguinaldo
, de lieder fan 'e Filipynske rebellen, om. De Amerikanen wiene nammentlik net fan doel om ta te stean dat de Filipinen unofhinklik waarden, en woene derom net dat de rebellen, dy't yn 'e striid tsjin 'e Spanjerts harren bunsgenoaten wiene, Manilla yn 'e macht krigen.
Yn 'e mande mei Dewey bewurkmastere Merritt dat de Spaanske
guverneur-generaal
Fermin Jaudanes
himsels en it Spaanske
garnizoen
oerjaan soe nei in symboalysk ferset. Sadwaande foel de sted op
13 augustus
under de
Slach om Manilla
flot yn Amerikaanske hannen. Neitiid tsjinne Merritt fan
14
oant en mei
28 augustus
as de earste Amerikaanske
guverneur
fan 'e Filipinen. Syn iere oflossing wie sadat er as adviseur oan 'e Amerikaanske delegaasje tafoege wurde koe, dy't mei de Spanjerts it
Ferdrach fan Parys
sleat, wermei't de Spaansk-Amerikaanske Oarloch beeinige waard.
Wesley Merritt
troude
twaris. Syn earste frou wie in Caroline Warren, dy't op
12 juny
1893
yn 'e aldens fan 44 jier kaam te ferstjerren. Neitiid wertroude er op
24 oktober
1898
mei in Laura Williams, mei wa't er hast fjirtich jier skeelde. Merritt swaaide yn
1900
of ut it
Amerikaanske Leger
. Hy stoar op
3 desimber
1910
yn
Natural Bridge
, yn
Firginia
, yn 'e alderdom fan 74 jier, oant
arterioskleroaze
(
slachierferhurding
). Merritt waard njonken syn earste frou
begroeven
op it
begraafplak
fan 'e
Amerikaanske Militere Akademy
yn
West Point (New York)
.