Vergil Dykstra

Ut Wikipedy
Vergil Dykstra
persoanlike bysunderheden
echte namme Vergil Homer Dykstra
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1925
berteplak Harrison ( Sud-Dakota )
stoarn 31 desimber 2010
stjerplak Falls Church ( Firginia )
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt filosoof , underwiisbestjoerder
aktyf as heechlearaar
jierren aktyf 1949 ? 1989

Vergil Dykstra (folut: Vergil Homer Dykstra ; Harrison ( Sud-Dakota ), 1925 ? Falls Church ( Firginia ), 31 desimber 2010 ) wie in Amerikaansk heechlearaar filosofy en underwiisbestjoerder fan etnysk Frysk komof. Hy wie in soan fan 'e yn Nederlanske ymmigrantefermiddens yn 'e Feriene Steaten bekende utjouwer , skriuwer en predikant Broer Doekeles Dykstra .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dykstra waard yn 1925 berne yn Harrison , yn 'e Amerikaanske steat Sud-Dakota , as de achtste fan 'e njoggen oerlibjende bern fan 'e utjouwer , skriuwer en predikant Broer Doekeles Dykstra ( 1871 - 1955 ) en dy syn frou Nellie Schippers ( 1890 - 1975 ). Hy wie ferneamd nei twa literere reuzen ut 'e Klassike Aldheid : de Romeinske dichter Firgilius en de Aldgrykske skriuwer Homeros . Dykstra groeide op yn Iowa , en tsjinne under de Twadde Wraldoarloch fan 1943 oant 1946 by de Amerikaanske Marine . Yn 1949 studearre er cum laude of oan it Hope Kolleezje yn Holland , yn 'e steat Michigan . Letter behelle er in masterstitel en in doktoraat yn 'e filosofy oan 'e Universiteit fan Wiskonsin te Madison .

Dernei joech Dykstra les yn filosofy , etyk en logika oan 'e Universiteit fan Cincinnati yn Cincinnati . Hy wie heechlearaar filosofy oan 'e Universiteit fan Oregon , yn Eugene , en doe oan 'e Universiteit fan Minnesota , yn Minneapolis en St. Paul . Fan 1962 oant 1973 wied er as heechlearaar en fise-presidint-direkteur ferbun oan 'e Steatsuniversiteit fan New York Binghamton (no de Binghamton Universiteit ), yn Vestal . Fan 1973 oant 1977 wie Dykstra presidint-direkteur fan 'e George Mason Universiteit (GMU) yn Fairfax yn Firginia , under de reek fan 'e Amerikaanske haadsted Washington, D.C. Dat wie yn 1972 krekt in selsstannige underwiisynstelling wurden nei de ofskieding fan 'e Universiteit fan Firginia . Dykstra stie der oan it roer yn in tiid fan flugge utwreiding oangeande it tal studinten en studzjerjochtings en grutskalige nijbou op it med fan 'e ynfrastruktuer.

Nei't er de GMU ferlitten hie, wurke Dykstra fan 1978 oant syn pinsjoen, yn 1989 , as fise-presidint-direkteur op it med fan bestjoerlike saken oan it Montgomery Kolleezje yn Rockville , yn Marylan . Doe't er offisjeel opholden wie mei wurkjen, bleau er noch aktyf as adviseur fan 'e Amerikaanske Feriening fan Steatskolleezjes en -Universiteiten (AASCU) en it Ynternasjonaal Korps foar Utfierende Tsjinsten (IESC). Dykstra wie twaris troud, earst mei Shirley Leslie, en dernei mei Wanda Rappaport, mar beide houliken einigen yn in skieding. Ut syn earste houlik hied er fjouwer bern: Leslie, Kevin, Lynne en Craig; syn twadde houlik bleau sunder neiteam. By syn dea hied er fierders fiif pakesizzers en ien oerpakesizzer. Dykstra bleau oan op hege jierren yn Fairfax wenjen, mar op 't lest moast er opnommen wurde yn it Capital Hospice , yn Falls Church . Der kaam er op aldjiersdei 2010 , yn 'e alderdom fan 85 jier, te ferstjerren oan 'e gefolgen fan in oerhaal .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: