Vanda Vitus

Ut Wikipedy
Vanda Vitus
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Anita G., Anita Vanoa, Anita V,
Anita Lopez, Fanny, Vanda, Varda,
Vanda Curtis, Monica Vanda,
Monique Vanda, Wanda Clooney,
Wanda, Wendy, Valerie Rosen
echte namme Anita Vitus
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 7 juny 1979
berteplak ? ( Hongarije )
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , pornoaktrise
jierren aktyf 1997 ? 2006
offisjele webside
gjint

Vanda Vitus , echte namme: Anita Vitus ( 7 juny 1979 ), is in restend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise , dy't under har karriere gebruk makke fan in ferskaat oan skulnammen : Anita G., Anita Vanoa, Anita V, Anita Lopez, Fanny, Vanda, Varda, Vanda Curtis, Monica Vanda, Monique Vanda, Wanda Clooney, Wanda, Wendy en Valerie Rosen. Hja waard untdutsen troch de Franske regisseur Pierre Woodman . Vitus wie fan 1997 oant 2006 wurksum yn sawol de Jeropeeske as de Amerikaanske pornoyndustry .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Vitus waard yn 1979 berne yn Hongarije . Yn 1997 , doe't se 18 jier wie, waard se untdutsen troch de Franske porno regisseur Pierre Woodman . Datselde jiers noch makke se har debut yn in pornografyske film . Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dernei yn totaal yn 95 films. Yn 't earstoan wurke se benammen gear mei Woodman, yn films dy't utbrocht waarden troch it Sweedske Private -label. De bekendste derfan wie Tatiana 1 ( 1997 ), it earste diel ut Woodman syn Tatiana -trilogy. Fierders wurke se foar Private ek mei oan 'e dielen 1 en 3 fan The Uranus Experiment ( 1999 ), dy't yn it nijs kaam om't dy trilogy de earste swiertekreftfrije sekssene omfieme.

Dernjonken wie Vitus yn it begjin fan har karriere ek aktyf foar oare Jeropeeske studio's, lykas it Dutske Magmafilm . Letter stiek se de Atlantyske Oseaan oer om wurk te sykjen yn 'e Amerikaanske pornoyndustry fan sudlik Kalifornje . Der wie se yn 't spier foar sokke foaroansteande labels as Diabolic Video , Vivid Entertainment , Adam & Eve , Hustler Video , New Sensations , Evil Angel , Anabolic Video , Sin City en Elegant Angel . Foar Evil Angels wie se te sjen yn ferskate dielen fan 'e Euro Angels -rige. Yn 2006 loek Vitus har ut 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Vanda Vitus is blank en hat brun hier en brune eagen . Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 49 kg. Hja hat in natuerlike kupmaat 34C.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: