Uzjhorod

Ut Wikipedy
Uzjhorod
Lizzing fan Uzjhorod yn de oblast Transkarpaasje yn de Oekraine
Flagge Wapen
Polityk
Lan Oekraine
Oblast Transkarpaasje
Rayon Uzjhorod
Sifers
Ynwennertal 114.897 (01.01.2019)
Oerflak 41,56 km²
Befolkingstichtens 2.764.6 / km²
Hichte 120 m
Oar
Stifting 9e iuw
Tiidsone EET (UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Webside rada-uzhgorod.gov.ua

Uzjhorod ( Oekraynsk : У?жгород) is in sted oan de rivier de Uzj yn it westen fan de Oekraine . It is it bestjoerlike sintrum fan it oblast Transkarpaasje en it distrikt Uzjhorod. De sted lei op 811 kilometer fan de haadsted Kiev op de grins mei Slowakije .

Panorama fan de sted

De sted leit oan de foet fan de Karpaten . Al is Uzjhorod it lytste regionale sintrum fan it lan, de sted hat in rike en alde skiednis. De sted waard stifte yn de 9e iuw. Yn de rin fan tiid hearde it by Hongarije en letter Eastenryk-Hongarije. Yn 1919 wie it de haadsted fan Subkarpaten yn Tsjechoslowakije , mar krekt foar de Twadde Wraldkriich waard de sted wer by Hongarije foege. Dat hie tige grutte gefolgen foar de relatyf grutte joadske mienskip fan de sted, dy't nei de Dutske besetting ynearsten lokaal ynsletten en dernei nei Auschwitz deportearre waard.

Nei de Twadde Wraldkriich waard de sted by de Sovjet-Uny foege en sunt 1991 foarmet it underdiel fan de unofhinklike republik Oekraine .

De sted untwikkele him as in yndustrieel en kultureel sintrum fan Transkarpaasje. It hert fan Uzjhorod wurdt foarme troch de festing.