It
Europeesk kampioenskip fuotbal 2016
waard fan
10 juny
oant en mei
10 july
2016
yn
Frankryk
holden. It wie de tredde kear dat der in
Europeesk kampioenskip fuotbal
yn Frankryk holden waard, de earste kear wie yn
1960
en de twadde kear wie yn
1984
. Titelferdigener fan it toernoai wie Spanje. Portegal wun mei 1-0 de finale tsjin Frankryk.
Eartiids namen by in Europeesk kampioenskip fuotbal 16 nasjonale teams diel oan it toernoai. By it Europeesk kampioenskip fuotbal 2016 waard it oantal ploegen troch de
UEFA
fan 16 nei 24 utwreide. Ut de seis groepen (A oant en mei F) geane de beste twa fan elke groep plus fjouwer ploegen dy't as beste tredde einigen troch nei de achtste finales. Ynstee fan 31 by in 16 ploegen-toernoai, wurde der mei-inoar 51 wedstriden spile.
De tiims mei tsjokke letters gongen fierder nei de leste 16 knock-outfase.