Tsjonger

Ut Wikipedy
Rin fan de Tsjonger
Sluske yn it Tsjongerkanaal
Tsjongermole by Mildaam
De Tsjonger by Hoarnstersweach

De Tsjonger ( Stellingwerfsk en offisjeel: Kuunder ; Nederlansk : Tjonger ) is in rivier yn Fryslan dy't fan sudeast nei it suden fan Fryslan rint. Earder mune de Tsjonger ut yn de Sudersee by de Kunder yn Oerisel, mar troch de oanlis fan de Ofslutdyk en Noardeastpolder is de muning blokkearre. It wetter ut de Tsjonger wurdt sunttiid fia de Fryske boezem offierd.

Ein 19e iuw is de Tsjonger kanalisearre foar de skipfeart en untwettering. Derom wurdt tsjintwurdich faak sein fan it Tsjongerkanaal.

De Tsjonger wie eartiids underdiel fan de Fryske Wetterliny .

De rin fan de Tsjonger [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Tsjonger begjint by de Drintske grins, tusken De Haule yn de gemeente Eaststellingwerf en Feanhuzen yn de gemeente Noardenfjild yn Drinte. De rin gong likernoch der't it Hauler Diep leit. Fan der rint de rivier as de Boppe Tsjonger nei it westen en dan tusken Donkerbroek en Easterwalde troch nei it suden.

Nei it krusen fan de Opsterlanske Kompanjonsfeart rint de rivier nei it westen en sudwesten, under de namme Tsjongerkanaal, om't de rivier hjir kanalisearre is, by Aldeberkeap del. Der lizze ut en troch noch eardere meanders by de rivier, der't de grutste fan sudlik fan it Ketliker Skar lizze: de Tsjongerdellen . Foarby de Tsjonger-dellen rint de rivier nei it noardwesten, nei Mildaam , mar rint dan wer nei it sudwesten, oant de Engelenfeart .

Fan der of hjit de rivier gewoan De Tsjonger, en giet hieltyd noch kanalisearre fierder nei it sudwesten, oant de omkriten fan Rotstergaast ta. Der foarby giet de mear natuerlike rin fan de rivier fral nei it suden, troch It Wiid , foarby De Langelille , nei Skoattersyl .

Foarby Skoattersyl giet De Tsjonger troch de Tuskenlinde fierder nei Slikenboarch , der't eartiids de Linde der by kaam. De Linde brukt no de alde rin fan De Tsjonger, wylst De Tsjonger der nest nei it suden rint troch it Nije kanaal . Sa komt de Tsjonger ut by de Kunder , der't De Tsjonger earder yn de Sudersee utmune. Under de namme Alde Tsjonger leit eastliker noch in part fan in aldere rin, dy't wat westliker as Slikenboarch begun en wat eastliker as de Kunder yn see run.

Doe't yn 1998 bliken die, dat by ekstreem heech wetter it wetter net hurd genoch fuortkomme koe, binne oan de westkant fan de Tsjonger dielen fan de kaai ferlein en is der in stripe fan sompe en reidlan kaam. Ek is de kaai ferhege.

Untstean [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei it teien fan de iisbedekking yn de tiid fan it Saalien (150.000-120.000 jaar lyn) bleau der in grut klaailiemplato efter yn Noard-Nederlan. Op it heger lizzend gebiet, it Frysk-Drintsk balstienliemplato , untstie in wetterstelsel dat it wetter nei de see brocht. De Tsjonger dy't doe untstie, is hjir in foarbyld fan. Yn de rin fan de tiid hat de Tsjonger in delling utsliten yn de balstienliem . Yn perioaden fan kjeld yn foaral de leste iistiid ( Weichselien ) is troch de wyn boppe-op it liem deksan ofset. Sunt de leste faze fan it Weichselien en it Holoseen deroan untstie yn de Tsjongerdelling fean, foaral op legere dielen en oan de oeren.

Taalgrins [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Tsjonger is in grinsrivier. It is de grins tusken de Stellingwerven en Frysktalich Fryslan, en dermei tusken Eaststellingwerf en Weststellingwerf oan de sudkant en It Hearrenfean en Skarsterlan oan de noardkant. Sudlik fan de Fjouwerhuster Feart wurdt it dan de grins tusken Weststellingwerf en Lemsterlan . En as leste foarmet de Tuskenlinde de grins mei Oerisel .