Tsjerk Hiddes de Vries

Ut Wikipedy
Tsjerk Hiddes troch W.F. Bloem

Tsjerk Hiddes de Vries ek wol koartwei Tsjerk of Tjerk Hiddes neamd, ( Seisbierrum 6 augustus 1622 - Flissingen 6 augustus 1666 ) wie in Frysk floatfad en seeheld. In omkesizzer fan in him, Hidde Sjoerds de Vries makke ek karriere by de Admiraliteit fan Fryslan .

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tsjerk Hiddes op in postsegel ut 1943

Tsjerk Hiddes waard berne yn Seisbierrum op in ienfaldich boerespultsje. Hy wie de twadde soan fan Hidde Sjoerds en Swab Tjeirckdochter, pas letter neamde er him De Vries . Al op tolve jierrige leeftyd gie er op see. Yn 1648 boaske hy in famke ut Harns , Nantsje Atses. Hja setten harren yn Harns nei wenjen.

Tjerk Hiddes begun earst by de boargerskipfeart mar soe letter in legindarysk lid fan de Admiraliteit fan Fryslan wurde. Yn 1658 wie er gesachfierder op it wapene transportskip Judith . Hy moast de float fan Van Wassenaar nei de Sont befeiligje en wylst er dat die makke er trije Sweedske skippen ta but.

Hy bleau net lang foar de keapfardij oan it wurk. Op foardracht fan de Fryske Admiraliteit krige er yn 1665 it befel oer it oarlochsskip d'Elf Steden yn it fjirde eskader fan luitenant-admiraal Auke Stellingwerf . It eskader foer op 24 maaie fan dat jier ut om wrake te nimmen op de Britten foar in net oankundige oanfal op weromkommende keapfeardijskippen. Yn de rampsillich ferrune seeslach foel Tsjerk Hiddes sa bot op dat hy syn luitenant-admiraal, dy't de slach net oerlibbe, opfolge.

Yn de simmer fan 1666 gie er op 'e nij de striid mei de Britten oan. Syn floatferban waard yn de foarhoede yndield by de luitenant-admiraal fan Seelan, Cornelis Evertsen . De hiele float stie under befel fan admiraal Michiel Adriaenssoan de Ruyter . De Fjouwerdeiske Seeslach waard ien mei in glorieuze oerwinning, der't Tsjerk Hiddes mei syn flaggeskip Grut Frisia op 'e nij by utblonk.

Twa moanne letter kaam it wer ta fjochterij mei de Britten, diskear mei foar Tsjerk Hiddes needlottige ofrin. Hy focht opnij mei in soad moed yn de foarhoede, mar rekke derby swier ferwune. By Flissingen waard hy oan lan brocht om fersoarge te wurden, mar hy liet der op syn jierdei yn 1666 it libben. Fryslans grutste admiraal is begroeven yn de Grutte Tsjerke yn Harns.

Tjerk Hiddes waard postum, fjouwer dagen nei syn dea, heit fan Tjerk Hiddes de Jongere. De mem, Nantsje Atses, ferstoar oan de gefolgen fan de befalling. De Admiraliteit fan Fryslan hat der foar soarge dat de soan fan Tjerk Hiddes ek as Tjerk doopt waard, en joech de wees in jierjild dat gelyk wie oan in kapteinswedde. Tjerk Hiddes jr. soe letter ek nei see gean en kaptein wurde.

Oar [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Monumint foar Tjerk Hiddes yn Harns
  • De Fransen koene Tjerk Hiddes under de ferbastere namme Kierkides .
  • Michiel de Ruyter hie in portret fan de sneuvele Hiddes yn 'e foarkeamer.

Neitins [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Marineskippen neamd nei Tsjerk Hiddes:
Hr. Ms. Tjerk Hiddes (1942), eks HMS Nonpareil, in Nederlanske torpedoboatjager fan de N-klasse.
Hr. Ms. Tjerk Hiddes (1993), in Nederlansk fregat fan de Karel Doormanklasse.