한국   대만   중국   일본 
The Secret Life of Pets 2 - Wikipedy Springe nei ynhald

The Secret Life of Pets 2

Ut Wikipedy
The Secret Life of Pets 2
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Chris Renaud
produsint Chris Meledandri
Janet Healy
senario Brian Lynch
muzyk Alexandre Desplat
filmstudio Illumination
distribusje Universal Pictures
spilers
haadrollen Patton Oswalt
Kevin Hart
Jenny Slate
voice-over Patton Oswalt
byrollen Eric Stonestreet
Lake Bell
Tiffany Haddish
Harrison Ford
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 24 maaie 2019
foarm lange tekenfilm
sjenre aventoere komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 86 minuten
budget en resultaten
budget $80 miljoen
opbringst $430,1 miljoen
filmsearje
filmsearje The Secret Life of Pets
● foarich diel The Secret Life of Pets

The Secret Life of Pets 2 , yn Nederlan utbrocht under de titel Huisdiergeheimen 2 , is in Amerikaanske lange kompjuteranimearre aventoere komeedzje en famyljefilm ut 2019 under rezjy fan Chris Renaud . De haadrollen waarden ynsprutsen troch Patton Oswalt , Kevin Hart en Jenny Slate . De titel betsjut "It Geheime Libben fan Husdieren 2". It ferhaal folget husdieren yn New York by harren aventoeren. It bangige huntsje Max wurdt troch syn eigners meinommen nei it plattelan , der't er libbenslessen kriget fan in alde hardershun . Syn faam , it huntsje Gidget, moat underwilens op Max syn favorite boartersguod passe, mar ferliest dat yn in appartemint fol katten . En de nuete knyn Snowball, dy't mient dat er in superheld is, besiket in mishannele tigerwelp ut in sirkus te reden. The Secret Life of Pets 2 wie it twadde diel fan 'e Secret Life of Pets -filmsearje en folge as sadanich op The Secret Life of Pets ut 2016 . De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy , mar wie in grut kommersjeel sukses yn 'e bioskopen .

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Net lang nei de foarfallen ut 'e earste film moetet Katie, it baaske fan 'e hunen Max en Duke, Chuck as sy oan it hunutlitten is en hy fuort njonken har by in parkearre auto op fytst . It is foar harren allebeide leafde op it earste gesicht , dat se krije in relaasje en trouwe al gau-eftich. Katie rekket swier en befalt fan in sun jonkje , dat se Liam neamt. Max moat earst neat hawwe fan dy nije oanwinst fan 'e hushalding , benammen om't er faker al as net it slachtoffer wurdt fan Liam syn ruge manear fan boartsjen .

As de jonge lykwols wat alder wurdt en begjint te praten , kriget er ek mear empaty foar de husdieren en haldt er op harren te gnjirdzjen. Dan wurde Liam en Max de beste freonen en rekket Max op in stuit sels sa oerbeskermjend foar it jonkje oer, dat it him op 'e senuwen wurket as er Liam net sjen kin. Mei't dat him uteret yn twangmjittich skobjen by syn hals , nimt Katie Max op in stuit mei nei de bistedokter , der't er in hunekraach om kriget om him it klauwen of te learen. Koarte tiid letter fertelt Duke oan Max dat er Chuck sizzen heard hat, dat de hiele hushalding mei koarten op fakansje giet nei it boerespultsje fan in omke fan Chuck op it plattelan .

Max bringt syn favorite boartersguod , in stuiterbal yn 'e kleuren fan in hunichbij dy't Busy Bee hjit, by syn faam Gidget, in wyt dwerchkeeshuntsje dat yn itselde appartemintekompleks wennet. Hy freget har derop te passen wylst hy fuort is. Gidget akseptearret dy opdracht en jout har oer oan deidreamen werby't sy en Max in troud pear binne mei Busy Bee as harren pup. Underwilens mient de nuete knyn Snowball, dy't ek yn itselde appartemintekompleks wennet, dat er in superheld is, om't syn baaske Molly in skattich lyts superheldepakje foar him makke hat der't se him op deistige basis yn ferklaait.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

As Katie en Chuck mei Liam, Max en Duke op 'e pleats fan Chuck syn omke arrivearje, kriget Max frijwat in ofdijer te ferwurkjen. In tripke nei it plattelan liek him sa aardich ta, mar as er der ienris is, docht bliken dat er neat wit fan hoe't it libben op in pleats om en ta giet. Mei't er der altyd grutsk op is dat er him yn 'e grutte sted sa goed rede kin, besiket er him dertrochhinne te bluffen , wermei't er ferskate swierrichheden feroarsaket. Hy wurdt derfoar te plak wiisd troch de alde hardershun Rooster, dy't him lykwols ek befrijt fan 'e hunekraach.

As troch Max syn tadwaan de skiep utbrekke, rekket it unnoazele laam Cotton paadbjuster yn it oangrinzgjende wald . Rooster twingt Max om mei te gean om it laam te sykjen. As bliken docht dat Cotton yn in beamke klommen is dat oan 'e side fan in klif preker boppe in ofgrun groeit, moat Max it laam rede, mei't it beamke net sterk genoch is om it gewicht fan Rooster te halden. Max, dy't skitende benaud is, wit troch de kalme oanmoediging fan Rooster syn eangst te oerwinnen en it laam ut it beamke te heljen foar't dat losrekket en yn 'e ofgrun stoart. Dermei wint er it respekt fan 'e alde hardershun. Neitiid fielt Max him in stik flinker en dy nachts meid er mei Rooster nei de moanne spukgule .

Yn 'e sted wurdt Snowball, dy't fia bek-ta-bekreklame bekendmeitsje litten hat dat hy as superheld ree stiet om sielige en ferdrukte husdieren te helpen, opsocht troch de shih tzu Daisy. Dat is in trochpakkend selskipshuntsje dat underweis yn it fleantuch sjoen hat hoe't in wite tigerwelp fan "Fleurige Sergej's Sirkus fan Wille" festset yn keatlings ferfierd waard en letter, nei oankomst op 'e lofthaven troch syn eigner, Sergej, mishannele waard. It huntsje is wisberet om it tigerjong, dat Hu hjit, te befrijen, en wol der Snowball syn help foar hawwe. Dy seit Snowball daliks ta.

Twaresom geane Snowball en Daisy nei it sirkus fan Sergej, der't se Hu befrije en untkomme oan it kwartet falske wolven dat Sergej opdracht jun hat om it tigerjong te bewekjen. (Snowball mient dat hy syn superheldestatus wiermakke hat, mar eins hat er neat oars dien as yn panyk utnaaie wylst Daisy mei de wolven ofweefde.) Se nimme Hu mei nei it appartemintekompleks, der't se him underbringe by Pops, in alde bassethound mei in ferlamme underlichem dy't derom fan efteren tsjiltsjes oanbun krigen hat. Dy syn baaske is suver nea thus, dat sadwaande falt de tiger yn dat appartemint net op.

Underwilens rekket Gidget it baltsje Busy Bee kwyt as dat ut it iepensteande finster fan har appartemint stuiteret, op 'e brantrep telane komt en lang om let by in oar appartemint nei binnen springt. It docht bliken dat der in ald kattewyfke wennet, yn 'e mande mei tsientallen suterige, oanhaldend underling tsierende katten. De katten geane efter it stuiterbaltsje oan en fange it, en Gidget beseft dat se ofmakke wurde sil as se har as hun yn dat appartemint bejout. Dat se se giet nei Chloe, in obese sipertske kat dy't ta de freonegroep fan har en Max heart, en freget dy om har te learen om in kat te wezen.

Chloe set Gidget in hierban mei katte-earkes op, lukt in wite sok oer har sturt en leart har hoe't katten harsels halde en drage . Dat betsjut: net efter ballen of oare dingen oan drave as ien wol dat je dy apportearje ; altyd op 'e poatsjes delkomme as je earne fan of falle (of treaun wurde); en fugeltsjes, lykas de parkyt Sweetpea, opfrette (dat leste wie in grapke ). De mopshun Mel en de tekkel Buddy bemuoie harren ek mei de lessen. Yn 'e momkape fan in kat giet Gidget it appartemint fan it kattewyfke binnen en stelt Busy Bea werom fan 'e grutste, meast falske kat fan it hiele stel. As dy har tenei komt, liedt Norman de kavia him en alle oare katten of troch mei in laserpin in reade punt op 'e flier te skinen en hinne en wer te bewegen. Dat wurket lykwols mar koart. Gidget beslut oer te gean ta Plan B: mei help fan Norman lit se it lykje as kriget se de reade stip te pakken en fret se dy op. Mei't dat noch nea in kat slagge is, binne de oare katten der djip fan under de yndruk. Gidget wurdt ta "keninginne fan 'e katten" utroppen.

Mei't Hu it appartemint fan Pops yn in dei tiid frijwol ofbrutsen hat, bringt de ald bassethound de tigerwelp werom by Snowball en Daisy. Snowball beslut om Hu under te bringen yn in oar leech appartemint, dat fan Max en Duke. Yn it sirkus untstekt Sergej underwilens yn razernij as er untdekt dat syn tigerjong poater is. Hy fynt lykwols in sierspjelde yn 'e foarm fan in blom , dy't Daisy yn alle trelit kwytrekke is. Der lit er syn fjouwer wolven oan ruke , en dan stjoert er harren der op ut om Hu te sykjen en werom te bringen. As Katie en Chuck wer thuskomme mei Liam, Max en Duke, untdekke Max en Duke de tigerwelp yn Liam syn keamer, dy't op dat stuit krekt fuorthelle wurdt troch Snowball en Daisy. Wilens arrivearje de wolven, dy't Daisy ut it park wei folge binne, mei Sergej yn 'e stege efter it appartemintekompleks. Mei syn nijfune flinkens beslut Max om 'e wolven tsjin te halden, mar hy wurdt in suterren yn slein. Snowball kriget underwilens in wan bruien fan it boasaardige aapke fan Sergej. Hu wurdt wer finzen nommen, en datselde lot treft Daisy, mei't Sergej noch ferlet hat fan in lyts huntsje om ut in kanon te sjitten .

Nei't Max in wei ut it suterren fun hat, set er mei Snowball de efterfolging yn troch mei te liftsjen op 'e radiografysk bestjoerbere boartersguodauto fan Norman de kavia. Fia boartersguod portofoans dy't de freonegroep brukt om 'e aventoerlike pjut Liam yn 'e rekken te halden, nimt Max kontakt op mei Gidget, dy't er om help freget. Gidget en har katten meitsje it kattewyfke wiis dat alle kattefoer op is, dat it aldminske set fuortendaliks yn in baas auto, dy't se fol laadt mei katten (en Gidget en Mel en Buddy), of nei de winkel . It binne lykwols de katten dy't it stjoer en it gaspedaal betsjinje, dat ynstee fan nei de winkel te gean, sette se efter Sergej oan.

Underwilens hat Sergej syn sirkus yn in trein laden, mar Max en Snowball witte der oan board te kommen. Yn in gefjocht op it dak fan 'e trein weeft Max of mei de wolven, wylst Snowball it aapke fan Sergej in pak op 'e hud jout en tuskentroch Daisy befrijt. It aapke wurdt uteinlik sels ut it kanon sketten, wylst de wolven fan 'e trein falle. Neitiid kringe Max, Snowball en Daisy de lokomotyf binnen, der't Sergej him befynt mei Hu. Se befrije it tigerke en skoppe Sergej ut 'e trein. As dyselde derop in pistoal lukt, wurdt er hommels oerriden troch Gidget en de katten. Max, Snowball, Daisy en Hu klimme by de katten yn 'e auto. As Sergej wer oerein klaut, docht bliken dat it alde kattewyfke har net sa unbewust fan 'e sitewaasje is as wol liek, mei't se de auto yn 'e efterut set en nochris in kear oer de sirkuseigner hinne riidt, foar't se op hus oan giet. Werom yn it appartemintekompleks giet it libben wer syn gewoane gong. Duke en de no net mear sa senuweftige Max begeliede Liam as er foar it earst nei de kres giet. Hu de tiger fynt in nij en folle better thus by it kattewyfke en har katten.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Patton Oswalt .
Kevin Hart .
Jenny Slate .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlansk
neisyngronisearre ferzje
[1]
Max, in jack-russellterrier Patton Oswalt Fedja van Huet
Snowball, in wite nuete knyn Kevin Hart Jandino Asporaat
Gidget, in wite dwerchkeeshun Jenny Slate Peggy Vrijens


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlansk
neisyngronisearre ferzje
[1]
Duke, in grutte hierrige hun fan mingd ras Eric Stonestreet Frank Lammers
Chloe, in sipertske kat Lake Bell Karin Bloemen
Daisy, in shih tzu Tiffany Haddish Edsilia Rombley
Rooster, in Welske hardershun Harrison Ford Huub van der Lubbe
Sergej de sirkusman Nick Kroll Chris Zegers
Pops, in bassethound Dana Carvey Erik van Muiswinkel
Mel, in mopshun Bobby Moynihan Hardwell
Buddy, in tekkel Hannibal Buress Roue Verveer
Norman, in kavia Chris Renaud Dorian Bindels
Katie, it baaske fan Max en Duke Ellie Kemper Georgina Verbaan
Chuck, de man fan Katie Pete Holmes Bas Smit
Liam, de soan fan Katie en Chuck Henry Lynch Mees Kingston
Cotton, in laam Sean Giambrone ?
it kattewyfke Meredith Salenger ?
de lieder fan 'e wolven Michael Beattie ?
Molly, it baaske fan Snowball Kiely Renaud ?
Sweetpea, in parkyt Tara Strong Tara Strong
Pickles, in Ingelske bulldogpup Tara Strong Janna (Zoete Zusjes)
Tiny, in bassethoundpup Jessica DiCicco Frenky-Dean Stjeward
Princess, in poedelpup Jessica DiCicco Saar (Zoete Zusjes)
narjende ko ? Nienke Plas
baaske fan Chloe ? Nicolette Kluijver

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

The Secret Life of Pets 2 waard regissearre troch Chris Renaud nei in senario fan Brian Lynch . As produsinten wiene Chris Meledandri en Janet Healy by it projekt belutsen foar de filmstudio's Illumination . Foar de film wie in budget beskikber fan $ 80 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Alexandre Desplat .

Oan 'e film wurken fierhinne deselde stimakteurs mei as oan The Secret Life of Pets , ut 2016 , utsein wat de haadrol fan Max oangie. Dy waard yn 'e earste film ynsprutsen troch komyk Louis C.K. , mar nei't dyselde yn 'e hjerst fan 2017 yn it ramt fan it #MeToo-skandaal yn opspraak rekke wie om't er ferskate kearen yn it bywezen fan froulju masturbearre hie (sa't er sels ek tajoech), besleaten de produsinten de gearwurking mei him net te fernijen. Yn syn plak waard Patton Oswalt oanlutsen om yn 'e nije film syn stim oan Max te lienen.

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan The Secret Life of Pets 2 waard fersoarge troch Universal Pictures . De film gie op 24 maaie 2019 yn premiere yn 'e Britske bioskopen , en pas op 7 juny fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 31 maaie by platemaatskippij Back Lot Music . The Secret Life of Pets 2 kaam op 13 augustus 2019 beskikber as digitale download en waard op 27 augustus fan dat jier utbrocht op dvd en blu-ray .

Akteur Kevin Hart op 'e Australyske premiere fan The Secret Life of Pets 2 .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige The Secret Life of Pets 2 mingde resinsjes . De foaroansteande Amerikaanske ynternetfilmkritikus James Berardinelli joech de film 2 1 / 2 fan 4 stjerren en neamde it "in perfekt foarbyld fan wat der barre kin as in ferfolchfilm inkeld bestiet om't syn foargonger in protte jild opbrocht hat." Hy omskreau de film ek as "eins trije selsstannige koarte films dy't inkeld mei-inoar ferbun binne troch de oanwezigens fan weromkearende personaazjes " en "in teloarstellend midsmjittige prestaasje, dy't potinsjele sjoggers dy't alder binne as tsien jier net folle te bieden hat."

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat The Secret Life of Pets 2 in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 159 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "[De film] leart syn animearre stjerren gjin nije narrative keunstkes ? mar foar fans fan it orizjineel soe dizze grappige , energetyske ferfolchfilm likegoed foldwaan moatte." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Secret Life of Pets 2 in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 26 resinsjes.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

The Secret Life of Pets 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 158,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $271,2 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $430,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $80 miljoen betsjut dat in winst fan $350,1 miljoen, hoewol't der de marketingkosten noch wol of moatte.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Huisdiergeheimen 2: Volledige Nederlandse Stemmencast Bekend , op Maxamovie.nl .

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .


The Secret Life of Pets (filmsearje)
lange films
The Secret Life of Pets  (2016) ? The Secret Life of Pets 2  (2019)
koarte films
Norman Television  (2016) ? Weenie  (2016) ? Super Gidget  (2019)