한국   대만   중국   일본 
Territoarium - Wikipedy Springe nei ynhald

Territoarium

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer it gebietsdiel . Foar oare betsjuttings, sjoch: territoarium (betsjuttingsside) .

In territoarium ( meartal : territoaria ) (fan it Franske territoire ) is in yn guon konteksten gebruklike oantsjutting foar in subnasjonaal gebietsdiel mei in beskate foarm fan selsbestjoer . Yn in protte lannen mei in federale bestjoersstruktuer makket men ntl. underskie tusken folweardige dielsteaten of provinsjes oan 'e iene kant, en territoaria oan 'e oare kant. De dielsteaten of provinsjes hawwe dan ornaris in frij fiergeande foarm fan selsbestjoer, en diele yn 'e soevereiniteit fan 'e federaasje, wylst de territoaria foar beskate beliedsterreinen folslein ofhinklik weze kinne fan 'e federale oerheid en gjin inkele foarm fan soevereiniteit besitte.

Men sprekt yn sokke gefallen fan 'federale territoaria'. Dat soarte gebieten binne of lyts fan oerflak of tige tinbefolke. Faak leit de federale haadsted yn in federaal territoarium of federaal distrikt . Foarbylden fan sokke territoaria binne Yukon , Nunavut en de Noardwestlike Territoaria yn Kanada , it Distrikt Columbia yn 'e Feriene Steaten en it Noardlik Territoarium en it Australysk Haadstedsk Territoarium yn Austraalje .

'Territoarium' kin lykwols ek in algemiene oantsjutting weze foar oerseeske, net-selstannige lannen, de saneamde ofhinklike territoaria . Foarbylden derfan binne Porto Riko , Guam en Amerikaansk-Samoa (falle under de Feriene Steaten ), Gibraltar , de Turks- en Kaikoseilannen en de Pitcairneilannen (falle under it Feriene Keninkryk ), Fransk-Guyana , Nij-Kaledoanje en Sint-Pierre en Miquelon (falle under Frankryk ) en Kurasau , Aruba en Sint-Marten (falle under Nederlan ).

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .