한국   대만   중국   일본 
Tatoeaazje - Wikipedy Springe nei ynhald

Tatoeaazje

Ut Wikipedy
In rechtatoeaazje.

In tatoeaazje (of mei in Ingelsk wurd tattoo ) is in foarm fan lichemsfersiering werby't mei in skerpe nulle unutwiskbere inket oanbrocht wurdt under de minsklike opperhud , om it pigmint derfan te feroarjen. Mei untelbere nulleprikken kinne op dy wize grutte 'tekeningen' op 'e hud oanbrocht wurde. As foar it oanbringen fan tatoeaazjes gjin skjin ark brukt wurdt, kin it ta earnstige hudynfeksjes liede, mar ek under mear fan de lever (hepatitis), tetanus -besmetting en HIV -besmetting.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tatoeearjen komt ut it gebiet fan 'e Stille Oseaan , der't it u.m. tradisjoneel praktisearre waard troch de Maoary fan Nij-Seelan en oare Polynezyske folken , en teffens troch de Dajaks fan Borneo en Melanezyske folken as de Fidzjianen . De oarsprong fan it wurd 'tatoeaazje' is it Polynezyske tatau , dat "sekuer" of "ambachtlik" betsjut. It wie de Britske untdekkingsreizger James Cook dy't it wurd yn 1769 , nei syn earste reis nei Tahity , yn 'e Ingelske taal yntrodusearre, en ut it Ingelsk fersprate it him oer alle oare talen fan Jeropa . Sa naam it Fransk it oer ut it Ingelsk, it Nederlansk naam it (foarsjoen fan it Franske suffiks -age ) oer ut it Fransk en it Frysk naam it wer oer ut it Nederlansk. It Ingelske wurd tattoo is eins in oerstallige werliening, mei't it Nederlansk en Frysk der al in wurd foar hawwe.

Yn 'e Westerske kultuer wiene it oant yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw benammen seelju en soldaten dy't harsels tatoeearje lieten. Lang koe men jin yn sjike fermiddens eins net mei in tatoeaazje fertoane, om't der op delsjoen waard as wat minderweardichs of sels barbaarsk. Fan 'e 1980 -er jierren of binne tatoeaazjes lykwols frij algemien akseptearre rekke, en sjocht men fan ien of twa tatoeaazjes net mear op. Lju dy't har oer it hiele lichem of yn it gesicht tatoeearje litte, kinne lykwols noch altyd rekkenje op beskate maatskiplike swierrichheden, dy't fuortkomme ut de noch altyd stigmatisearjende wurking dy't soks hawwe kin.

Soarten tatoeaazjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In Auschwitz -oerlibbene lit syn identifikaasjetatoeaazje sjen.

Der besteane ferskate soarten tatoeaazjes:

Stilen tatoeaazjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Moderne Westerske tatoeaazjes binne der yn ferskate stilen:

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .