Symboal

Ut Wikipedy
Symboalen op in grefstien
Symboalen op in spylkaart

In symboal is in teken werby't gjin natuarlijke relaasje bestiet tusken de representaasje fan it teken en de betsjutting dy't der mei utdrukt wurdt.

In symboal is in betsjuttingsdrager ; it hat oan de iene kant in farm of reperesentaasje, en oan de oare kant in betsjutting. De betsjutting fan in symboal is konvinsjoneel; se berest meastentiids op ofspraken dy't de brukers fan in symboal of - (lykas bygelyks yn de taal ) - de brukers fan it systeem der't it symboal diel fan utmakket ea meimakke hawwe, De semiotyk underskiedet neist ut symboal twa oare soaretn tekens: de yndeks en it ikoan .

Yn us deiske bestean komme symboalen allerhande plakken werom. Se bepale us strjitbyld mei flaggen, hannelsmerken, logo’s en reklameboerden. Yn it ferkear komme we party ofbyldings tsjin dy't us fertelle wat we al/net dwaan meie of dy't us warskogje foar gefaarlike situaasjes.

Symboalen wurde brukt yn hast alle wittenskippen lykas de wiskunde , de logika en de natuer- en skiekunde , om te stribjen nei ienfald en safolle mooglik undubelsinnnichheid yn de utspraken; der wurde, faak nei hjitte debatten, presize ofspraken makke oer harren betsjuttings, sadat letter sa krekt mooglik praten wurde kin oer de begripen dy't yn de betreffende wittenskip bestudearre wurde.

De kultuer wurdt ek wol sjoen as in grut symboalespul der't religy , keunst , wittenskiplike en filosofyske kennis en ek ekonomyske ferskynsel in underdiel fan binne. Mar faak fine wy yn ien fan de meast komplekse en tagelyk meast brute foarm fan symboalen werom yn de sprutsen en skreaune taal.

It wurd ‘symboal’ hat syn oarsprong yn yt Gryekse selsstannige namwurd ‘symbolon’ of ‘sumbolon’, dat teken, kenteken of werkenningsteken betjut, en it tiidwurd ‘symbaloo’, dat moetje, gearbringe of fergelykje betsjut.

Hustekens en merktekens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

links

Yn in tiid, weryn it grutste part fan in befolking net lleze of skriuwe koe, wie it fan belang om bygelyks eigendom dudlik te meitsjen: it branmerken fan vee, it merken fan grinspeallen, it merken fan husrie ensafuorthinne. Dit waard dien mei ienfaldige, goed werkenbare tekens, meastal husmerken neamd.

Dizze husmerken waarden soms generaasjes lang troch ien famylje fierd en waarden ek akseptearre as hantekening fan in net-lettere persoan. Yn alde notariele akten binne faak husmerken as undertekening te finen en ek alde graffiti toant soms nijsgjirrige husmerken.

Heraldyske wapens binne in kultivearre foarm fan husmerken. De heraldyk , dy't dizze (famylje)wapens beskriuwt, hat in hiel eigen set fan symboalen.

Getallesymbolyk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Maya-teken foar it getal 0

Yn oerleveringen, kulturele tradysjes of yn godstsjinsten kinne getallen in symboalyske betsjutting hawwe. Dizze kin per kultuer of godstsjinst sterk ferskille. Yn de westerse (kristlike) tradysje wurdt it getal 13 faak yn ferban brocht mei ungelok.

Yn de joadske Kabbala en de deryn foarkommende getalslear of Gematria hawwe alle sifers, getallen en harren underlinge bewurking in eigen symboalyske betsjutting.

Symboalen en reklame [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de reklame wurdt faak ien appel dien op bewuste of unbewuste kennis en begrip fan symboalen om it keapgedrach fan konsuminten te beynfloedzjen.

Faak spylj kleuren derby in grutte rol. Yn it gefal der fan de namme in symboal makke is, sprekt men fan in byldmerk .

Oare foarbylden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Symboalen foar bedriuween ( logo ), beroppen, ferienings, klups en genoatskippen
  • Letters, wurden, sinnen en lestekens

Sommige symboalen ut de fiere aldheid binne evaluearre ta skrifttekens.

Ynformatika en telekommunikaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de ynformatika is in symboal in diskrete wearde weroan in "sematsyke ynhald", in spesifike betsjutting takend is, bygelyks in identifier , integer , mar in komplekse struktuer lykas in Document Object Model is in symboal dat bestieat ut symboalen.

Yn de telekommunikaasje fertsjintwurdiget it begrip symboal in diskrete sinjaalwearde (dy't by sinjaaltransport in bepaalde tiid itselde bliuwt).

Religieuze symboalen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Symboal foar it Libbenstsjil

Godstsjinsten oer de hiele wrald bruke symboalen, dy't stean kinne foar it komplete konsept fan dy religy , mar ek foar begrippen dy't in rol spylje binnen dy religy. Sa kinne tekens in symboalyske funksje hawwe. In religieus symboal kin ek de foarm hawwe fan in geskrift (dan ek as symbolum skreaun, lykas de Apostolyske leauwensbelidenis ( Symbolum Apostolicum ), dy't as (werkennings)teken jildt foar de ienheid fan in leauwensmienskip.

In teken hat altyd mar ien betsjutting, in symboal meardere betsjuttings. In symboal jout te tinken oer de haadsaken fan it libben.

Ek minsklike, dierlike, healminsklike of boppeminsklike figueren hawwe binnen godstsjinsten soms in hiel spesifike betsjutting. Foarbylden fan symboalen spylje in grutte rol yn religy en spiritualiteit :

Foarbylden fan symboalen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utesn [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]