한국   대만   중국   일본 
Slus - Wikipedy Springe nei ynhald

Slus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Syl )
Dokkumer Nije Silen.
Lofts in holle beamstam ( pomp ), rjochts in ienfaldige slus.

In slus is in ynstallaasje om oerflaktewetter yn ien rjochting tsjin te halden. It wurdt is besibbe oan it tiidwurd sipelje , wat ‘trochlitten fan wetter’ betsjut.

Oarsprong [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan oarsprong is in slus neat oars as in weromslachklep yn in wetter (sjoch ek: pomp ), dy’t iependrukt wurdt as it wetter fan ien kant streamt, as ticht as it fan de oare kant komt. Sa'n soarte slus hjit ek wol in syl In foarbyld derfan wie de Jirnsummersyl .

Kearslus [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lettere sluzen krigen ek oare funksjes. Sa wurde silen brukt om feartwetter op nivo te halden. Sa'n slus, in kearslus , kin ek iepen set wurde, by lykwetter, wertroch skippen troch de slus komme kinne. Foarbylden derfan binne de silen yn de feanfearten.

Spuislus of syl [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In syl yn in seedyk , dy't by leech wetter it binnenwetter spuit, hjit wol in spuislus . By de slusdoar wetter wurdt de klep iependrukt troch it binnenwetter; by floed drukt it seewetter de slusdoar wer ticht. Yn Nederlan lizze de polders sa leech dat hast al dit soarte silen ferfongen binne troch gemalen . Oan de Dutske Waadkust wurkje de measte silen noch hieltiten. It is der al sa dat silen faak earst iepene wurde as der genoch wetter efter stiet, dat it wetter de haven buten it syl utspielt. Sa kin de haven it san dat troch de Waadsee nei de floed efterlitten is wer kwyt wurde.

Nederlan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In soad plakken yn Grinslan en Fryslan untliene harren namme oan in syl.

Dutslan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Haven fan Bensersiel

Ek yn Noard- en East-Fryslan einigje in protte plaknammen op -syl , wat dan yn it Dutsk as -siel skreaun wurdt.

  • Bensersiel
  • Carolinensiel
  • Dornumersiel
  • Eckwardersiel
  • Greetsiel
  • Harlesiel
  • Hooksiel
  • Horumersiel
  • Nessmersiel
  • Neuharlingersiel
  • Schluttsiel
  • Schweiburgersiel
  • Tammensiel
  • Westeraccumersiel

Feart [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In syl is ek wol in feart foar de offier fan wetter. De Syl , yn Sudhollan, is in sydtuke fan de Alde Ryn . En yn alde Hollanske steden binne silen meastentiids smelle, faak ek oerkluze, dwersferbinings tusken parallel rinnende greften. Sokke silen wurde brukt foar it skuorjen : it trochspielen fan de wetters om dy te ferfarskjen.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Wikiwurdboek-side - syl