In
sjenre
(utspr.: ['???r?]; likernoch "sjanre", fan it
Franske
genre
, dat "soarte" of "type" betsjut) is in kategory op it med fan 'e
literatuer
,
films
,
tillefyzjeprogramma's
,
fideo
- en
kompjuterspultsjes
,
muzyk
, of in oare soarte fan
fermaak
, lykfol oft it no
skreaun
of
sprutsen
,
audityf
of
fisueel
is. Sjenres wurde gearstald op basis fan in stikmannich
stilistyske
kritearia
dy't foar elts sjenre oars binne. Troch de tiid hinne steane sokke sjenrekritearia bleat oan feroaring, mei as gefolch dat nije sjenres untsteane en alden yn unbruk reitsje. It komt gauris foar dat wurken skaaimerken fan mear as ien sjenre fertoane en sadwaande by beide yndield wurde kinne, wylst der ek altyd guon binne dy't by gjinien sjenre alhiel thushearre.
Literatuer
kin yndield wurde yn
poezij
,
proaza
en
toaniel
, en proaza falt wer utinoar yn
fiksje
en
non-fiksje
, mar dat binne sokke brede kategoryen, dat dy selden foar in sjenre oanmurken wurde. Yn 'e fiksje is it haadsjenre sunder namme bleaun, mar wurdt wol oantsjut as 'de literatuer', literatuer mei in grutte L of
mainstream
-literatuer. Derfoaroer stiet
sjenrefiksje
, in wat delbugende beneaming foar alle sjenres dy't fan it haadsjenre ofwike, lykas
chicklits
,
detektives
,
fantasy
,
horror
,
science fiction
en
westerns
. Foarbylden fan
toanielsjenres
binne de
komeedzje
, de
trageedzje
en de
klucht
.
It begryp ’
filmsjenre
’ likemin as it ofbeakenjen fan de ferskate sjenres is net skerp definearre. Ruchwei kin bygelyks de understeande (unfolsleine) yndieling makke wurde yn sjenres skaaimerke troch in mienskiplike hanneling, stimming of fertelfoarm. Guon fan dy sjenres kinne boppedat sjoen wurde as subsjenre fan oaren, lykas gansterfilms fan misdiefilms, rampefilms fan aksjefilms, of psychologyske skrillers fan skrillers. Foarbylden fan filmsjenres binne de
aksjefilm
, de
aventoerefilm
, de
romantyske komeedzje
, de
aksjekomeedzje
, de
misdiefilm
, de
science fiction-film
en de
western
, mar ek de
dokumintere
en de
mockumentary
.
Muzyk
wurdt underferdield yn allerhanne stilen, mei op in djipper nivo wer substilen. In styl is faak skaaimerkend foar in beskate histoaryske perioade. Sa is
klassike muzyk
meastentiids ferbun mei de
barok
en
romantyk
, en
house
benammen mei it leste desennium fan de 20e iuw. Hjirunder folget in oersjoch mei in greep ut de ferskate stilen.
Foarbylden fan sjenres
tillefyzjeprogramma's
binne de
tillefyzjesearje
, de
soapsearje
, de
aktualiteiterubryk
, it
praatprogramma
, de
tillefyzjefilm
en it
realitytillefyzjeprogramma
.
Faak kinne sjenres wer underferdield wurde yn sekuerdere underkategoryen dy't
subsjenres
hjitte. Dat is benammen by
literatuer
it gefal, mar ek wol by films en muzyk. Sa is de
spagettywestern
in subsjenre fan 'e
westernfilm
.
fantasyliteratuer
hat u.m. as subsjenres
heroyske fantasy
,
paranormal romance
en
urban fantasy
, en ta
science fiction
kinne rekkene wurde
alternate history
,
militere science fiction
en
steampunk
. It is net ungewoan dat
boeken
by mear as ien subsjenre yndield wurde kinne, dy't soms ta ferskillende (haad)sjenres hearre.