Stran

Ut Wikipedy
Pomerania Beach (Darss)
Stran yn Siuwsk-Flaanderen (Nieuwvliet)
In stran wurdt faak brukt as rekreaasjegebiet
Dizze side giet oer stran yn 'e sin fan 'e sanige kuststripe . Foar oare betsjuttings, sjoch: stran (betsjuttingsside) .

In stran is in stripe lan mei in bytsje of gjin fegetaasje by in wetter (in see , oseaan of in mar ) lans. In stran rint nei de see ta of en giet oer yn de seeboaiem.

Meastentiids bestiet in stran ut benammen san ('sanstran'), soms ut benammen keizels ('keizelstran') of skulpen ('skulpestran'). Guon strannen besteane ut fulkanysk san en binne swart fan kleur. In stran is in bytsje of net begroeid, hoewol't op restige strannen, lykas op it eilan Skiermuntseach en by Nieuwvliet yn Siuwsk-Flaanderen der lokaal wol wat saltplanten groeie, en wat helmgers . Soms wurde ek mooglike oanwezige dunen ta it stran rekkene. In kuststripe dy't ut fester materiaal bestiet, lykas rotsen, of dy't begroeid is, wurdt faak ouwer neamd.

In stran by in see of oseaan lans, rint (diels) under wetter as it floed is. Meastal bliuwt in grut stik stran druch, mar by utsunderlike omstannichheden ( springfloed ), oanlannige wyn ) kin it heule stran understrupe. De boppegrins fan it stran (der't de begroeiing begjint) jout dus ek oan hoe fier it wetter komme kin.

Op in stran oan in see of oseaan fynt men oer it generaal seewier , skulpen en kwallen . Ek spiele in soad oare dingen oan, lykas wrekhout, offal, dingen dy't fan skippen offallen binne. Stranjutters sykje om weardefolle dingen dy't op it stran te finen binne. Earder ( Midsiuwen ) bestie it stranrjocht : it rjocht fan de lanhear of de lokale befolking op alles wat op it stran oanspielde. Tsjintwurdich bliuwt yn de measte westerske lannen dat wat oanspielt fan de rjochthawwende (meast de eigener).

In stran wurdt faak brukt as rekreaasjegebiet , benammen by't simmer. Der kin dan sinnebaaid, yn de see swommen, sankastielen boud wurde en folle mear. Sylweinride en stranfollybal binne typyske stransporten. Hjerstmis wurdt it stran brukt om ut te waaien.

Om derfoar te soargjen dat alle aktiviteiten op it stran feilich ferrinne stelle strangemeenten faak frijwillige redingsbrigades of betelle stranwachten oan om tafersjoch te halden. Dy helpferlieners halde net allinnich tafersjoch en dogge EHBO , se binne ek altiten oan te sprekken op foarljochting en helpe bern dy't harren alden kwytrekke binne en oarsom. In stran dat foldocht oan bepaalde kritearia oangeande it miljeu en feilichheid kinne in Blauwe Flagge hawwe.

Omdat der simmerdeis faak ferkearsopstoppingen op de rutes nei it stran ta binne, lizze guon steden as Amersfoart en Amsterdam sunt in pear jier tydlike stedsstrannen oan.

In stran mei in azuerblauwe see, wyt san en palmbeammen wurdt ek wol in Bountystran neamd.

Lokaasje-oantsjutting

Foar in lokaasje-oantsjutting op in Nederlansk stran binne der as systemen:

  • geografyske koordinaten
  • kilometerpeallen: in iendiminsjonaal systeem (ofstan lans de kust fan it nulpunt of), tanimmend nei it suden. Sa is bygelyks de lokaasje fan de Scheveningske pier yn dit systeem 99,45. [1]
  • ofstan en rjochting t.o.f. in tichtbylizzend referinsjepunt, faak in stranopgong

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  • http://www.poi66.com/show_album.php?nr=304934&limit=10000
  • Panorama fan it strân by Zandvoort
    Panorama fan it stran by Zandvoort